Springe nei ynhâld

Imanuelle Grives

Ut Wikipedy
Imanuelle Grives
akteur
Grives (2021)
Grives (2021)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeImanuelle Jacqueline Ruth Grives
nasjonaliteit Nederlânsk
berne3 april 1985
berteplakRotterdam (Súd-Hollân)
etnisiteit Surinaamsk-Kreoalsk
jierren aktyf2005 – no
offisjele webside
Imanuelle Grives op Twitter

Imanuelle Grives (folút: Imanuelle Jacqueline Ruth Grives; Rotterdam, 3 april 1985) is in Nederlânsk aktrise fan Surinaamsk komôf. Hja briek yn 2012 troch mei har rol as de wielderige swarte Rowanda yn 'e film Alleen Maar Nette Mensen.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grives waard yn 1985 yn Rotterdam berne út Surinaamsk-Kreoalske âlden. Nei de middelbere skoalle folge se in oplieding maatskiplik wurk en tsjinstferliening, mar ûnder dy stúdzje kaam se ta de ûntdekking dat eins mear op hie fan aktearjen. Dêrfandinne dat hja har as trainingsaktrise ynskriuwe liet by ferskate ympressariaten. Uteinlik naam Grives yn 2005/2006 in jier lins fan har oplieding om har oan te sluten by de teätergroep Young Stage. Dêr koe se doe in jier lang betelle aktearje en sa har talinten ûntwikkelje. Ek die hja dêr presintaasjewurk en joech hja workshops oan oare begjinnende akteurs.

Neitiid wurke Grives by ferskate profesjonele teäterselskippen, wêrûnder ALBA Theaterhuis en Theatergroep Siberia. Yn 2008 wûn hja mei ALBA de priis foar "nijsgjirrichmeitsjend talint" en de Arend Hauerpriis (de haadpriis) op 'e Theater4daagse. It jiers dêrop makke Grives har filmdebút as in ekstravagante crackhoer en de tsjinspylster fan Tygo Gernandt yn Carmen van het Noorden. Yn 2011 wie se op 'e tillefyzje tsjen as Chanel yn 'e VPRO-bernerige Dr. Cheezy, as Molly yn Mixed Up fan 'e NCRV, en as folksfrou yn 'e tillefyzjefilm Mijn Avonturen door V. Swchwrm.

Grives har trochbraak kaam yn 2012, doe't se yn 'e kontroversjele film Alleen Maar Nette Mensen de rol fan 'e wielderige Rowanda fertolke. Har tsjinspilers yn dizze humoristyske ferfilming fan it boek mei deselde namme fan skriuwer Robert Vuijsje wiene Géza Weisz, Jeroan Krabbé en Annet Malherbe. Grives har personaazje wie in ordinêr frommes út in Surinaamsk gesin, dy't it oanlei mei in Joadske jonge út in rike famylje. (De stereotypyske ôfbylding fan Surinamers en Joaden late lykwols ta beskuldigings fan rasisme en antysemitisme.) Foar dizze rol, dêr't se in nominaasje foar in Rembrandt Award mei yn 'e wacht sleepte, moast Grives 15 kg oankomme. Yn in fraachpetear op 'e tillefyzje fertelde se fernuvere dat se doe ynienen (yn har priveelibben) folle mear oandacht fan manlju krige as dat se wend wie.

Sûnt 2012 wie Grives fral op 'e tillefyzje te sjen, mei û.m. in gastrol yn 'e plysjesearje Flikken Maastricht (2012), in byrol yn 'e rige Bloedverwanten (2014) en in haadrol yn 'e tichthúsrige Celblok H (2014-2015). Fierders die se yn 2014 mei oan it realitytillefyzjeprogramma Expeditie Poolcirkel. Yn 2019 die Grives mei oan it SBS6-programma It Takes 2.

Op 21 july 2019 waard Grives op it muzykfestival Tomorrowland, yn it Belgyske Boom, arrestearre troch de plysje. Hja hie ferskate soarten soft- en harddrugs (û.m. kokaïne, ketamine, MDMA en kannabis) yn har besit. By in hûssiking op it adres dêr't se ferbleau, waarden noch mear drugs oantroffen. Grives bekende drugs ferkocht te hawwen, mar neffens har abbekaat hie se dat inkeld dien om har yn te libjen yn in nije filmrol as drugsdealer. De Belgyske autoriteiten wiene skeptysk oer dat ferhaal en stelden dat it hoe dan ek strafber wie wat se dien hie. Op 10 oktober waard foar de rjochtbank yn Antwerpen twa jier finzenisstraf en 1.000 boete tsjin Grives easke foar drugsbesit en drugshannel. Om't yn Belgje straffen fan minder as 3 jier net útsitten hoege te wurden mar almeast mei in foarm fan hûsarrest ôfdien wurde, soe Grives net de finzenis yn hoege. Op 8 novimber waard Grives troch de Belgyske rjochter feroardiele ta in boete fan €1000 en in finzenisstraf fan twa jier. Under it Belgysk rjocht kaam dat derop del dat se yn totaal 8 wiken de sel yn moast, wat betsjutte dat se mei ôflûk fan seis wiken foararrest noch mar twa wiken hoegde te sitten. Grives gie net yn heger berop.

Tegearre mei sjoernalist Anton Slotboom skreau Grives it boek Imanuelle - Mijn vechtershart oer de oanhâlding en alles dat dêrta laat hie, de perioade yn de finzenis en de tiid koart dêrnei. It boek ferskynde yn desimber 2020 by Uitgeverij Prometheus. Ek har famyljeskiednis waard deryn op it aljemint brocht.

Film
JierProduksjeRolOpmerkingen
2012Alleen maar nette mensenRowanda
2017Tuintje in mijn hartSuryabyrol
2017Weg van jouJosje
2018VechtmeisjeCecilia
2019De club van lelijke kinderenKliener opfriskampbyrol
2022Zwanger & CoJaydabyrol
2025Lekker met de meidenAcebyrol
Telefyzje
JierProduksjeRolOpmerkingen
2012Flikken MaastrichtBrenda MostardGastrol
2012BloedverwantenSekretaresse
2014-Celblok HDorien 'Door' Breeveld
2014Expeditie PoolcirkelKandidaat
2015VechtershartSelma Bisschop
2015VoetbalmeisjesShirley
2017The Homeless Experienceharsels
2017–2020PapadagMonique
2017Wie is de Mol?kandidaatôffaller 6
2017De Kleine Lettertjesdielnimmer
2017Risky Riversdielnimmer
2018Flikken RotterdamSaskia van Dijkôfl. 3.03–3.06
2018-2020SpangaSIshana Vrijlandseizoen 12 & 13
2019De Gordon tegen Dino Showdielnimmer
2019It takes 2kandidaat
2019KeizersvrouwenPamela
2020Alle hands aan dekkandidaat
2021Adem in, Adem uitAdinda
2021Special Forces VIPSharsels
2022Zenith IICarla
2022De gevaarlijkste wegen van de wereldharselsôflevering 6
2023Secret Duetsharsels
2023Castharsels
2023That's My Jamdielnimmer
2024De slimste mensdielnimmer
2024Moordfeestdielnimmer
2024ZinaLorraine Alvarezseizoen 2
2024 Mocro MaffiaMeredithseizoen 6
2024Een van onsresjersjeur Joanna

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2008 Theater4daagse wûn priis foar "nijsgjirrichmeitsjend talint" (mei ALBA Theaterhuis)
wûn Arend Hauerpriis (haadpriis) (mei ALBA Theaterhuis)
2013 Rembrandt Award nominearre bêste Nederlânske aktrise Alleen Maar Nette Mensen

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.