Springe nei ynhâld

Arend Hauer

Ut Wikipedy
Arend Hauer
akteur
Arend Hauer yn de telefyzjerige Vrouwtje Bezemsteel (1965)
Arend Hauer yn de telefyzjerige Vrouwtje Bezemsteel (1965)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitflagge fan Nederlân Nederlânsk
berne14 septimber 1909
berteplakUtert
stoarn27 jannewaris 1985
stjerplakSkiermûntseach
offisjele webside
gjin
Nico Engelschman en Arend Hauer (rj.) yn in ôflevering fan Vrouwtje Bezemsteel, 1964.

Arend Hauer (Utert, 14 septimber 1909 - Skiermûntseach, 27 jannewaris 1985) wie in Nederlânsk akteur.

Hauer wie benammen warber op it mêd fan amateurtoaniel. Dêrneist spile er ek yn in stikmannich telefyzjesearjes. Hy wie belutsen by de Nederlânske Amateur Toaniel Uny en joech ek toanielles. Hauer wie boaske oan de aktrise Teunke Mellema (1906-1979), tegearre spilen sy noch yn 1975 yn de searje Oorlogswinter. Hauer en syn frou binne de âlden fan akteur Rutger Hauer (1944-2019).

Yn 2001 krige de haadpris fan de Nederlânske Teater4daagse de namme Arend Hauer Theaterprijs, fanwege syn krewearjen foar de ûntjouwing fan it amateurteater.[1]

  • 1936: Van 8 tot 12 is vier uur, harkspul
  • 1940: Hamlet, teaterstik, as Horatio[2]
  • 1949: Hamlet, teaterstik, as de Geast
  • 1963-1964: De Duivelsgrot, telefyzjerige as professor Librock
  • 1970-1972: De kleine waarheid, telefyzjerige, as pastoar
  • 1975: Oorlogswinter, telefyzjerige
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haadprizen Teater4daagse
  2. Hamlet performances