Springe nei ynhâld

Iere maritime skiednis fan Nederlân

Ut Wikipedy

De iere maritime skiednis fan Nederlân omfiemet de skipfeart fan de Stientiid oant en mei it Fryske Ryk.

De ferbûnens fan Nederlân mei de see hat in lange foarskiednis. Yn de lette stientiid gongen de folken dy’t Nederlân doetiidsk befolken de see al op. Dat koe wêze foar de fiskfangst, foar de hannel of om te reizgjen nei oare gebieten. Fan de iere Flaardingers binne fisknetten opgroeven dy’t der krektlyk útsjogge as de fisknetten dy’t de fiskers dêr koartlyn sels makken, en de kontakten mei de rest fan Jeropa en de ferbining mei Ingelân binne ek al milenniums âld.

Nederlân om 2750 f.Kr.

Mei de komst fan de Klokbekerfolken begjint in tiid fan yntinsive kontakten oersee [1], wat ferklearret wêrom de prehistoaryske kultueren fan Nederlân en Ingelân oan wjerskanten fan de Noardsee altyd safolle mei inoar mien hienen. Algemien wurdt oannommen dat de Klokbekersfolken oarspronklik út de Lege Lannen kamen[2]. De Klokbekerfolken hienen ek in soad maritime kontakten mei de rest fan Jeropa en berikten selfs Noard-Afrika. Se wienen ûnder mear ferantwurdlik foar de ymposantste boufase fan Stonehenge.

Nei harren folgen de folken fan de Wikkeltriekultuer yn de Iere Brûnstiid. Se stammen fan de Klokbekersfolken ôf en setten de Ingelske kontakten fan harren foargongers fuort, en itselde jildt foar harren opfolgers fan de Hilversumkultuer. Ut dizze tiid binne boaten opgroeven[3] dy’t geskikt wienen foar de feart fan en nei Ingelân. Yn de Izertiid namen de Kelten it seeferkear tydlik oer, sa is it bekend dat yn alle gefallen Belgyske stammen de oerstek nei Ingelân makke hawwe.

De âldste boaten yn de Nederlannen hawwe wierskynlik hûdboaten west, hoewol’t dêrfan gjin oerbliuwsels fûn binne. Earst nei it Weichsel-glasiaal begûnen der yn dit gebiet beammen te groeien. Yn it Preboreaal en it Boreaal waarden der beamstammekano's makke fan dinnehout, lykas de yn 1955 by Pesse yn Drinte fûne Kano fan Pesse. Dy útholle din waard datearre tusken 8200 en 7600 f.Kr. en foar safier bekend de âldste bewarre bleaune boat fan ’e wrâld. Yn 1904 waard by Nekkerspoel de Nekkerspoel kano fûn dy’t datearre is om 500 f.Kr. hinne, en technysk fan in folle heger peil is.

Mei de komst fan de Romeinen waarden de earste direkte ferslaggen optekene.

De Batavieren waarden sa bedreaun op it wetter dat se troch de Romeinen koestere waarden as de bêste striders yn harren legers. De Friezen hawwe ûnder de Romeinen al lang foar de Angelsaksen fêste foet op de Ingelske grûn krigen. Spitigernôch foar de Romeinen bleaunen de kontakten mei de Friezen net altyd like freedsum, want letter waarden se benammen freze fanwege de piraterij. Oan de mûning fan de Ryn bleau it gêsten. Doe’t in part fan de Friezen him oansleat by de Saksen, namen de Saksen dy minne reputaasje fan seerôvers oer.

De Flevomar krige yn it noarden middels it Fly in ferbining mei see.

Ek de Saaljers, part fan de alderearste Franken, wurde beskreaun as seerôvers. Dat feroare doe't se ferdreaun troch Saksen of see fan harren oarspronklike wengebieten tichtby de Flevomar ferdreaun waarden en har fan de Romeinen tusken de Batavieren fêstigje mochten. It is ûnbekend oft se dêrnei krekt as de Batafieren yn de Romeinske legers tsjinje moasten of dat se tsjin harren wil in oar wengebiet oan de Swarte See tawiisd krigen. Feit is dat der in spektakulêr ferhaal optekene waard út de tiid fan keizer Probus (276-282),[4] wêryn’t in grutte groep Franken besleat op eigen manneboet út East-Jeropa werom te gean nei harren wensteeën oan de mûning fan de Ryn. Se kaapten in oantal skippen en wisten oer Grikelân, Sisylje en Gibraltar sûnder folle ûngemakken, mar mei in spoar fan fernielings, wer thús te kommen. Doe’t de Salyske Franken dêrnei - altemets tegearre mei Batafieren - fierder fan de see harren nei wenjen setten, waard de Nederlânske kust in springplanke foar de Angelen en Saksen dy’t, nei alle gedachten mei de Friezen, nei Ingelân oerstutsen as wer in nije befolking fan it eilân.

De Sjauken wienen in folk dat libbe fan de fiskfangst yn de Romeinske perioade yn Nederlân. Ut dizze perioade binne meardere skippen fûn, lykas ein jierren '70 yn Swammerdam en yn 2003 yn Woerden en Leidske Ryn.[5][6][7]

Yn de Commentarii Rerum in Galliae gestarum beskriuwt Julius Caesar syn gefjochten tsjin de Belgen yn de Súdlike Nederlannen yn de Gallyske oarloch yn 57 f.Kr. en makke dêrmei in ein oan de prehistoarje foar de Nederlannen. Fectio wie yn dy tiid in útfierhaven. Omdat de opbringst fan de lânbou net genôch wie foar de Romeinske besettingstroepen, moasten libbensmiddels as nôt, wyn en oalje mei skippen oanfierd wurde. Yn de tiid fan de Bataafske opstân wie al sprake fan nôtskippen. Julianus Apostata liet healwei de 4e iuw nôt út Brittanje oanfiere. Ut Spanje waard al wyn en oalje helle. Alters ta eare fan Nehalennia, de beskermgoadinne fan fiskers en seelju, dy’t yn Seelân fûn binne, befêstigje it hannelsferkear yn dy perioade.

De Notitia Dignitatum hat it oer de classis Sambrica, de Romeinske fleat dy’t yn de 5e iuw út Quentowic wei operearde. Dêrfoar wie de classis Britannica al stasjonearre yn Boulogne-sur-Mer, dat hiet doe Portus Itius. Ut dit gebiet fan de Moriny en de Menapiërs wei begûn yn 55 f.Kr. Julius Caesar oan syn ynfaazje fan Britannia.

De kustline seach der doe hiel oars út as tsjintwurdich. In relative stadige seespegelstiging yn kombinaasje mei it wierskynlik faker foarkommen fan stoarmen kin ien fan de oarsaken west hawwe fan de kust-eroazje dy’t begûn tusken de 5e en de 1e iuw f.Kr. yn West-Nederlân. Wylst yn de perioade dêrfoar de kustline him sletten hie, útsein de riviermûningen fan de Skelde (oer de Easterskelde), de Maas (by Rotterdam), de Ryn (by Leien) en it Oer-IJ (by Kastrikum), waarden dizze mûningen hjirnei wer hieltyd wider. It heechfeangebiet efter de strânwâlen rekke troch de ynbraken fan de see, mar ek troch de doetiidske bewenners ûntwettere en klonk yn. Benammen yn Seelân kaam it fean sa leech te lizzen, dat it om it begjin fan de jiertelling oerspield waard troch de see en de feanfoarming stoppe. Hoewol’t der oant yn de 3e iuw op it fean wenne waard, kaam de see oan 'e ein fan dizze iuw djip yn Seelân, wat yn kombinaasje mei selnearing, it turfstekken foar de sâltwinning, soarge foar eroazje fan it fean. Oan de ein fan de lette Midsiuwen wie de kustbarriêre hjir hast hielendal ferdwûn.

Ek yn it noarden wie it fean hast hielendal ferdwûn. De Flevomar ûntwikkele him nei de Romeinske tiid troch ôfslach fan de ouwers ta it Almere. It Oer-IJ wie doe al hast hielendal sletten. Wierskynlik ûntstie yn de Iere Midsiuwen middels it Fly in ferbining tusken it Almere en de Waadsee. Yn de 9e en de 10e iuw ûntstie troch ôfbraak yn Fryslân de Middelsee.

Yn de Romeinske tiid barden der hieltyd mear avulsjes streamgurdleferlizzingen. Troch fersâning fan de mûning fan it Oer-IJ waard fan 47 n.Kr. ôf de Alde Ryn de noardgrins fan it Romeinske Ryk foar in pear iuwen. De Lek, de Waal, de ûnderrin fan de Hollânske Isel, en de Gelderske Isel ûntstienen, wylst de Linge krekt derfoar ûntstien wie. De Alde Ryn fersâne trochdat de Ryn hieltiten mear fia de Maas rinnen gie.

De kust-eroazje soarge derfoar dat it wetter kaam oant it castellum fan Oudenburch, wierskynlik Portus Epiatici. Ek Brittenburch, de meast westlike Romeinske fortifikaasje oan de Alde Ryn, kaam ûnder wetter te stean. De Romeinen koenen de striid tsjin it wetter net winne en ferlieten it gebiet. De fal fan it West-Romeinske Keizerryk soarge foar in ekonomyske efterútgong.

Yn tsjinstelling ta de Sjauken, holden de Friezen har benammen dwaande mei de feehâlderij. Dit feroare doe’t it Fryske lân yn de 3e iuw en 4e iuw hieltyd faker oerstreamd waard. Hjirtroch leinen de Friezen harren yn it kustgebiet mear ta op de fiskerij en de hannelsfeart, mei it geunstige gefolch dat sy ta mear wolstân kamen. De Friezen belibben in nij hichtepunt yn de 7e iuw mei Magna Frisia, doe’t it harren slagge de Noardseehannel nei harren ta te lûken. Dizze opbloei soe oan de komst fan de Fikingen ta duorje, wêrnei’t de seefeart fan Nederlân tydlik sterk ôfnaam.

  1. Amesbury Archer
  2. J.P.Mallory - Encyclopedia of Indo-European Culture, 1997, p53
  3. Fynsten yn Dover en Ferriby wurde oanmerkt as betroubere getugen fan seetransport oer it Kanaal yn de brûnstiid (Bennett 1992; Parfitt 1993; Wright 1990); Theunissen, L., (1999) Midden-brûnstiidsmienskippen yn it suden fan de Lege Lannen. In evaluaasje fan it begryp 'Hilversum-kultuer', Leiden.
  4. Zosimus (1814): New History, London, Green and Chaplin. Book 1.; Musset, Lucien (1975): The Germanic Invasions: The Making of Europe, Ad 400-600, Ingelske oersetting, ISBN 1-56619-326-5, p68
  5. ArcheoNet, It Romeinske skip yn Leidsche Ryn
  6. Romeinske skippen yn Nederlân
  7. Castellum Hoge Woerd, It skip de Meern 1