Hurde science fiction
Hurde science fiction, of yn it Ingelsk hard science fiction, is in subsjenre of kategory fan science fiction. It wurdt karakterisearre troch in klam op technology en wittenskiplike akkuratens. De term 'hard science fiction' waard yn 1957 yntrodusearre troch de Amerikaanske auteur en literatuerkritikus P. Schuyler Miller yn in resinsje fan 'e roman Islands of Space yn 'e novimber-edysje fan it tydskrift Astounding Science Fiction. Ein jierren '70 waard op basis fan it begryp 'hurde science fiction' de tsjinstelde term 'sêfte science fiction' betocht, foar science fiction-wurken dy't net, of mar sydlings, mei technology en wittenskip ûnderboud binne. De beide begripen ferwize nei it (yn it Ingelsk) gongbere ûnderskie tusken de 'hurde' wittenskippen of natuerwittenskippen, lykas natuerkunde, skiekunde, wiskunde en astronomy, en de 'sêfte' wittenskippen of sosjale wittenskippen, lykas antropology, sosjology, psychology en filosofy.
Definysje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Likemin as sêfte science fiction is hurde science fiction in bot sekuere term. It ferskil tusken 'sêft' en 'hurd' leit net fêst en wurdt ek net troch eltsenien as sadanich erkend. Boppedat omfiemet in science fiction-ferhaal gauris eleminten fan sawol hurde as sêfte science fiction. Men kin dêrom faak net mei wissichheid sizze ta hokker subsjenre of kategory oft sa'n ferhaal heart. It fierst dat men op dat mêd dan gean kin is troch te sizzen dat dit ferhaal mear skaaimerken fan hurde science fiction hat, wylst dat ferhaal mear skaaimerken omfettet fan sêfte science fiction.
It hat ek te krijen mei persoanlike opfettings. Guon (natuerkundich ûnderleine) lêzers sille eltse ôfwiking fan it mooglike of wierskynlike (lykas flugger-as-ljochtreizgjen) beskôgje as in skaaimerk fan sêfte science fiction, wylst oaren in klam op karakterûnwikkeling of op 'e maatskiplike ymplikaasjes fan 'e ynfiering fan folslein mooglike mar nije technology as in ôfwiking beskôgje kinne fan 'e fokus op wittenskip en technology dêr't yn harren eagen hurde science fiction om heart te draaien.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ierste ferhalen wêryn't wittenskip en technology sekuer werjûn waarden, ferskynden yn 'e rin fan 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw. Men kin dan bygelyks tinke oan romans fan Jules Verne, lykas In Reis nei de Moanne (1865) en In Wrâldreis yn Tachtich Dagen (1872). De oandacht foar wittenskiplike details dy't Verne oan 'en dei lei, waard letter in boarne fan ynspiraasje foar skriuwers fan hurde science fiction, hoewol't Verne sels trouwens ûntstried dat er serieus besocht om takomstige technology sekuer te beskriuwen.
Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw wie de Lúksemboarchske skriuwer en redakteur Hugo Gernsback in grut foarstanner fan hurde science fiction. Hy fûn dat science fiction-literatuer in ûnderrjochtsjende funksje hawwe moast, en wie fan miening dat it oars gjin sin hie om sokke ferhalen te skriuwen. Nettsjinsteande dat wied er, om lêzers te lûken, twongen om yn syn tydskrift Amazing Stories ek fantasy en ûnwittenskiplike science fiction te printsjen.
Hurde science fiction, al hiet it doe noch net sa, berikte syn hichtepunt ûnder it saneamde Gouden Tiidrek fan de Science Fiction, dat duorre fan 'e twadde helte fan 'e 1930-er jierren oant de midden fan 'e 1940-er jierren. It sjenre makke doe in ûnbidige sprong foarút op it mêd fan 'e kwaliteit fan 'e skreaune romans en ferhalen. Bekende auteurs fan hurde science fiction binne û.o. Arthur C. Clarke, Isaac Asimov, Larry Niven, Robert A. Heinlein, Poul Anderson en Kim Stanley Robinson.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |