Springe nei ynhâld

Hovhannavank

Ut Wikipedy
Hovhannavank
Հովհաննավանք
Lokaasje
lân Armeenje
provinsje Aragatsotn
plak by Ohanavan
koördinaten 40°20'N 44°23'E
Ynformaasje bou
boujier 13e iuw
Kaart
Hovhannavank (Armeenje)
Hovhannavank

Hovhannavank (Armeensk: Հովհաննավանք; "Jehanneskleaster") is in midsiuwsk kleaster op it doarpsgebiet fan Ohanavan yn 'e Armeenske provinsje Aragatsotn, likernôch 20 kilometer noadwest fan 'e haadstêd Jerevan. It kleaster stiet op 'e râne fan in djippe kleau, foarme troch de Kasagh-rivier. De measte gebouwen stamme út de 13e iuw, lykas ek de tusken 1216 en 1221 boude katedraal.

It kleaster leit likernôch fiif kilometer súd fan it troch deselde prins Vatsje I stifte kleaster Saghmosavank.

Fan 'e muorre dy't it kleaster ea omklamme bleaune allinne noch wat bouresten oer. Neffens de oerlevering waard it kleaster yn 'e 4e iuw troch Gregoarius de Ferljochter stifte. De Soerp Karapet (Jehannes de Dopertsjerke) is it âldste bouwurk fan it kompleks en grinzget oan 'e letter boude katedraal. It houten dak waard yn it jier 554 ferfongen troch in reiten tek. Tusken 1652 en 1734 ûndergyng de tsjerke in yngreven renovaasje.

Timpaan mei de Wize en Sleauwe Fammen.

Yn it sintrum fan it kleaster stiet de katedraal, dy't tusken 1216 en 1221 ûnder prins Vatsje I boud waard. De katedraal hat in krúsfoarmige plattegrûn en in toer mei in foar Armeenje unike paraplufoarmige koepel. It neamen wurdich is de yn stien úthoude foarstelling fan 'e Wize en Sleauwe Jongfammen (Mattéus 25:1-13) op it timpaan.

De soan fan Vatsje I liet yn 1250 west fan 'e katedraal in narteks (gavit) oanbouwe. De narteks wurdt droegen troch fjouwer pylders en krige yn 1274 in sintrale koepel, dy't op tolve pylders rêst.

Tusken de 12e en 17e iuw stie it kleaster bekend as in wichtich teologysk en edukatyf sintrum fan East-Armeenje. It hie in skriptoarium dêr't manuskripten skreaun en ylluminearre waarden en is ryk oan yn stien útbeitele ynskripsjes.

Nettsjinsteande de grutte ierdskodding fan 1679 bleau it kleaster bewenne. In twadde ierdskodding yn 1918 soarge foar de ferneatiging fan 'e koepel en in oar diel fan 'e katedraal. De restauraasje fan it monumint folge sûnt 1982, mar it waard op 'e nij troffen by de ierdskodding fan 1988. Troch it ynsammeljen fan jild by de Armeenjers yn 'e diaspora wie it mooglik om it kompleks wer te restaurearjen en op te bouwen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: