Kasagh
Appearance
Kasagh | ||
De rivier by Osjakan | ||
geografy | ||
lân | Armeenje | |
ûntspringt yn | de noardflank fan 'e Aragats | |
lokaasje boarne | 40°45'N 44°6'E | |
mûnet út yn | Medamor → Aras → Koera → Kaspyske See | |
lokaasje mûning | 40°6'N 44°14'E | |
plakken | Asjtarak, Aparan | |
sifers | ||
lingte | 89 km | |
ôfwetteringsgeb. | 1.480 km² |
De Kasagh (Armeensk: Քասաղ) is in sydrivier fan 'e Medzamor yn it west fan it hjoeddeiske Armeenje.
De boarne fan 'e rivier leit op 'e noardlike skeanten fan 'e Aragats yn 'e provinsje Armavir. De rivier streamt nei it easten yn 'e provinsje Aragazotn en bûget dan nei it súden yn 'e provinsje Armavir en mûnet lang om let yn 'e Medzamor, in lofter sydrivier fan 'e Aras.
Healwei de 89 km lange rivier leit de stêd Aparan en de Aparan-opslachmar. De rivier wetteret in gebiet fan 1480 km² ôf. In diel fan it wetter wurdt foar yrrigaasje brûkt.
Yn 'e buert fan it kleaster Hovhannavank stoart oan 'e eastlike helling fan 'e kleau in wetterfal del, dy't mei 70 m hichte de heechste wetterfal fan Armeenje is.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kassagh fan Wikimedia Commons. |