Aras (rivier)
Aras Արաքս, Araz, Erez, ارس, Aras Nehri | ||
De Aras yn it Armeensk-Iraanske grinsgebieet | ||
geografy | ||
lân | Turkije Armeenje Azerbeidzjan Iran | |
ûntspringt yn | súd fan Erzurum yn it Bingölberchtme | |
lokaasje boarne | 39°20'N 41°19'E | |
mûnet út yn | Koera → Kaspyske See | |
lokaasje mûning | 40°1'N 48°27'E | |
sifers | ||
lingte | 1.072 km | |
ferfal | 2.516 m | |
ôfwetteringsgeb. | 102.000 km² | |
kaart | ||
De Aras of Araks (Armeensk: Արաքս, Azerbeidzjaansk: Araz, Koerdysk: Erez, Perzysk: ارس, Turksk: Aras Nehri) is mei in lingte fan 1.072 km de langste sydrivier fan 'e Koera yn Súdwest-Aazje.
Ferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De boarne fan 'e Aras leit yn Turkije yn East-Anatoalje, súd fan 'e stêd Erzurum yn it Bingölberchtme. Fan 'e boarne streamt de rivier nei it easten noardlik by de Ararat lâns om dan de lânsgrins mei Armeenje te foarmjen. Letter is de rivier ek de grinsrivier tusken Iran en de Azerbeidzjaanske eksklave Nachitsjevan en tusken Iran en Armeenje resp. Azerbeidzjan. Yn Azerbeidzjan streamt de rivier troch de Mugansteppe en mûnet er lang om let yn 'e benedenrin fan 'e Koera út, dy't letter yn 'e Kaspyske See útmûnet.
Idintifikaasje mei de Bibelske rivier Gihon
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De egyptolooch David Rohl giet der fan út dat de Aras de Gichon is, dy't neffens it Bibelboek Genesis ien fan 'e fjouwer rivieren wie, dy't syn boarne yn 'e Hôf fan Eden hie. Rohl toant mei in dokumint út de tiid fan 'e islamityske ynvaazje yn Perzje oan, dat de rivier oant yn 'e 7e iuw as Gyhun bekend stie. De âlde namme fan it gebiet oan 'e Gyhun wie Kush, in namme dy't ek yn it Bibelske skeppingsferhaal neamd wurdt. Oant de dei fan hjoed is yn 'e krite in berchrige mei de namme Kuscha-Dagh (Berch fan Kusch).
Russysk-Perzyske grinsrivier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Russyske-Perzyske kriich yn 'e jierren 1804-1813 waard de Aras mei de benedenrin fan 'e Koera fan 'e Kaspyske See oant de hjoeddeiske eastlike grins fan 'e Azerbeidzjaanske eksklave Nachitsjevan de noardlike grins fan Perzje mei it Russyske Keizerryk. Nei de Russysk-Perzyske kriich fan 1826-1828 waard de rivier ek fierder nei it west de noardlike grins fan Perzje mei it Russyske Keizerryk, wylst yn it easten oan 'e Kaspyske See de grins fierder nei it suden op 'e hjoeddeiske grins fan Azerbeidzjan en Iran ferskode.
Enerzjyopwekking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it plak dêr't de rivier in grins foarmet tusken Azerbeidzjan en Iran hawwe beide lannen mienskiplike wetterkrêftsintrales boud. By de iepening fan 'e tredde wetterkrêftsintrale fan Giz-Galasi op 19 maaie 2024 stoarte nei de seremoanje op 'e weromreis ien fan 'e trije Iraanske helikopters del mei dêryn û.o. de Iraanske presidint Ebrahim Raisi en de Iraanske minister fan Utlânske Saken Hossein Amir-Abdollahian. Njonken de presidint en de minister fan Binnenlânske Saken kamen noch sân oare ynsittenden om it libben.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|