Springe nei ynhâld

Medzamor (rivier)

Ut Wikipedy
Medzamor
geografy
lân flagge fan Armeenje Armeenje
mûnet út yn ArasKoeraKaspyske See
lokaasje mûning 40°0'N 44°23'E
plakken Medzamor
sifers
lingte 40 km
ôfwetteringsgeb. 1.610 km²

De Medzamor (Armeensk: Մեծամոր) is in rivier yn 'e Armeenske provinsje Armavir. In eardere namme fan 'e rivier is de Sewdzjoer (Սեւջուր). De namme Sewdzjoer en de eardere Turkske namme fan 'e rivier Karasu bestjutte letterlik 'Swart wetter'.

De Kasagh is in lofter sydrivier. Fan 'e boarne streamt de rivier ynearsten rjochting it easten, dêr't de Kasagh yn 'e Medzamor mûnet. Dêrnei streamt de rivier nei it súdeast, dêr't de rivier lang om let yn 'e Aras útmûnet, dy't dêr de lânsgrins tusken Armeenje en Turkije foarmet.

Ien fan 'e boarnen fan 'e Medzamor is in lytse mar tusken de moderne stêd Medzamor en Aknalitsj. De sompige gebieten fan 'e rivier binne tige ryk oan seldsume wetterdieren.

De rivier leveret in soad wetter foar yrrigaasje en it kuoljen fan 'e kearnsintrale Medzamor.