Springe nei ynhâld

Saghmosavank

Ut Wikipedy
Saghmosavank
Սաղմոսավանք
Lokaasje
lân Armeenje
provinsje Aragatsotn
koördinaten 40°22'N 44°23'E
Ynformaasje bou
boujier 1215-1221
Kaart
Saghmosavank (Armeenje)
Saghmosavank

Saghmosavank (Armeensk: Սաղմոսավանք, Kleaster fan 'e Psalmen) is in 13e-iuwsk kleaster by it doarp Saghmosavan yn 'e provinsje Aragatsotn, Armeenje. Lykas it kleaster Hovhannavank, dat fiif kilometer súdliker leit, stiet Saghmosavank boppe oan in steile kleau dy't troch de Kasagh-rivier útsnien waard.

De twa kleasters oerhearskje it byld fan 'e beide doarpen en tekenje harren skerp ôf tsjin de achtergrûn fan it berchtme, dat bekroand wurdt troch de berch Aragats.

It kleaster waard tagelyk mei de kleasters Hovhannavank en Tegher stifte, nei't prins Vatsje it gebiet yn 1215 oerkocht fan 'e bruorren Zakarian. Hy joech opdracht om de Siontsjerke (1215) en de Karapettsjerke (1216-1221) te bouwen. Alle twa tsjerken binne boud as krúsfoarmige koepeltsjerken mei tafoegings fan twa ferdjippings yn alle hoeken fan it gebou. De foarst en syn frou waarden yn de gavit fan it tusken 1213 en 1232 boude kleaster Tegher byset. De yn it westen fan 'e tsjerke fan Saghmosavank oanboude gavit ûntstie koart nei 1215. Under de opvolger fan Vatsje waard yn 1255 útein set mei de bou fan in bibleteek.

Yn 'e 13e en 14e iuw hie it kleaster slim te lijen fan in rige fan ynfallen troch de Turksk-Mongoalske folken. Doe't tsjin it ein fan 'e 14e iuw it gebiet tafoel oan de islamityske oerweldiger Timoer Lenk rekke it kleaster ferlitten. Yn 'e folgjende iuwen soarge de striid tusken de Osmanen en de Safewiden foar grutte ferwoastgingen en hongersneed yn it hiele lân. Pas yn 'e 17e iuw stabiliseare de politike en ekonomyske sitewaasje fan Armeenje en kaam der romte om it kleaster te renovearjen.

Ek de swiere ierdskoddings fan 1679 en 1827 brochten skea. Nei de skea fan 'e grutte ierdskodding fan 1988 waard it kleaster oant 2000 restaurearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: