Kleaster Tegher

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tegheri Vank

Տեղերի Վանք

Վանական համալիր Տեղերի 05.jpg
lokaasje
lân Flag of Armenia.svg Armeenje
Provinsje Aragatsotn
plak by it tsjintwurdige doarp Tegher
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 13e iuw
arsjitekt Vardapet Aghbajrik
It plak fan kleaster Tegher yn Armenië

Kleaster Tegher (Armeensk: Տեղեր of Տեղերի Վանք; Tegheri Vank) is in ier 13e-iuwsk Armeensk kleaster op de súdeastlike hellings fan de 4.090 meter hege berch Aragats by it doarp Tegher yn de Armeenske provinsje Aragatsotn.

It op ± 1700 meter hichte lizzende kleaster bleau yn de tiid doe't it lân pleage waard troch ynfallen fan de Mongoalen sûnder skea.

Tegher waard foar de frou fan prins Vatsje boud, dy't it distrikt Aragatsotn fan de bruorren Zakarian oernaam. It kleaster waard boud neffens it ûntwerp fan Vardapet Aghbajrik, deselde arsjitekt fan de kleasters Saghmosavank en Hovhannavank. It kleaster bestiet út de tsjerke Surp Astvatsatsin (1213; "Tsjerke fan de Hillige Mem Gods") en in oangrinzgjende gavit (de Armeenske narteks), dy't yn 1221 foltôge waard.

Sûnt 1467 omklammet in, yn ús tiid foar in part bewarre, ferdigeningsmuorre mei rûne tuorren it kleastergebiet.

Fan it 9e-iuwske doarp Tegher (Ald Tegher) lizze op kuierôfstân fan it kleaster de ruïnes. Fûneminten fan in soad gebouwen binne noch oanwêzich, wêrûnder de resten fan in 5e-iuwske kapel. Tichteby leit ek it midsiuwske tsjerkhôf, dat oant de 19e iuw brûkt waard, mei in tal mausolea en chatsjkar's (krússtiennen).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: