Hoarnde seepappegaai
Hoarnde seepappegaai | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() |
||||||
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Fratercula corniculata |
De hoarnde seepappegaai (Fratercula corniculata) is in fûgel út de famylje fan de alkfûgels.
Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De hoarnde seepappegaai libbet yn it noardlik part fan de Stille Oseaan, op rotseftige eilannen foar de kust fan East-Sibearje, Alaska en Britsk Kolumbia.
Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De hoarnde seepappegaai hat in protte fan de seepappegaai dy't yn de Atlantyske Oseaan foarkomt. De hoarnde seepappegaai hat yn de briedtiid in giele snaffel mei in reade punt.
Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgels dûke yn de see nei fisk. Lykas seepappegaaien kinne se yn harren snaffel in grut tal fiskjes meinimme nei har nêst. Fierder ite se ek inketfisken en kreeften.
Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgels briede yn koloanjes tegearre mei oare soarten Alkfûgels. Harren nêsten lizzen yn nissen yn de rotsen of tusken de stiennen. Elts jier wurdt mar ien jong grutbrocht.