Hillich plak (natoerreligyen)

Ut Wikipedy
Uluru (Ayers Rock), yn it Noardlik Territoarium fan Austraalje, is de hillige berch fan 'e Pitjantjatjara-Aborizjinals.

In hillich plak is in lân dat troch de oanhingers fan in beskate godstsjinst as hillich beskôge wurdt. Sokke plakken komme ek foar yn natoerreligyen, allinne komt dêr de ferearing foar hillige plakken net sasear fuort út in ferbûnens mei histoaryske of legindaryske foarfallen, sa't by oare godstsjinsten faak it gefal is, mar earder út in djip respekt foar de natoer op himsels. De measte hillige plakken yn natoerreligyen binne dan ek dúdlik te ûnderskieden lânskipseleminten. Sa koene hillige plakken yn 'e opfetting fan 'e Maya's, fan súdlik Meksiko, Gûatemala en Belize, bergen, grotten, marren, rivieren, fjilden of cenotes (natuerlike kalkstiennen rotspuollen) wêze. Grotten waarden bygelyks beskôge as yngongen fan Xibalba, de ûnderwrâld.

De ideeën dy't yn natoerreligyen oer hillige plakken besteane, komme hjoed de dei hieltyd faker frontaal yn botsing mei de kapitalistysk-eksploitative ideeën dy't it Westerske gedachteguod oer de natoer behearskje. De hillige plakken fan 'e Aborizjinals fan Austraalje, bygelyks, liede om 't hoartsje ta heechoprinnende konflikten mei de blanke oerheid of grutte bedriuwen as se yn 't paad steane fan wegen, minen of dammen. Dat komt om't Westerlingen noch altyd net begripe hokfoar bân de Aboriginals mei it lân sels ûnderhâlde.

De religieuze ideeën fan 'e Aboriginals, bygelyks, konsintrearje har om it trochgeande bestean fan machtige natoergeasten dy't op Ierde libben yn 'e saneamde Dreamtiid (alchera of alcheringa), dy't bestie foar de komst fan 'e minsken. Dy geasten skoepen alle fasetten fan 'e natoer en wiene de foarâlden fan alle libbene dingen. Se namen ferskillende foarmen oan, mar holden en droegen har sa't ek minsken dat dogge, en ûnder harren omswalkings lieten se op beskate plakken tekens efter dy't sjen lieten dat se dêrlâns kommen wiene. Nettsjinsteande harren boppenatuerlikens stiene dizze geasten bleat oan ferâldering en úteinlik moasten se weromkeare nei de slieptastân dêr't se oan it begjin fan 'e tiden út wekker wurden wienen. Dêr bliuwe se as ivige krêften dy't nijbernen poppen libben ynblaze en natuerlike foarfallen beynfloedzje. De spirituële enerzjy fan eltse geast-foarfaar floeit oer it paad dat er yn 'e Dreamtiid bereizge hat en is it sterkst op plakken dêr't er fysyk bewiis fan syn oanwêzigens efterlitten hat, lykas yn in beam, in heuvel of in klaai-ôfsetting. Dêrom binne sokke plakken foar de Aborizjinals hillich. Ien fan 'e grutste hillige plakken is de bekende reade rotsberch Uluru, troch de blanken Ayers Rock neamd, yn it Noardlik Territoarium.

Elts libben organisme, oft dat no minske, bist of plant is, leauwe de Aborizjinals fan dat it twa sielen hat: in stjerlikenien en in ûnstjerliken. De lêste makket diel út fan in beskate geast-foarfaar en keart nei it ferstjerren werom nei de hillige plakken fan dy foarfaar, wylst de stjerlike siel gewoan yn it neat weiwurdt. Eltse persoan is dus spiritueel ferbûn mei de hillige plakken dy't assosjearre wurde kinne mei syn of har geast-foarfaar. It is dêrom ek in persoanlike plicht om te helpen by it fersoargjen fan 'e hillige plakken, de needsaaklike rituëlen út te fieren en de lieten te sjongen dy't ferhelje fan 'e omswalkings fan 'e foarfaar op 'e Ierde ûnder de Dreamtiid. Troch dat te dwaan, wurdt de oarder dy't dy foarfaar skepen hat, befêstige en yn stân holden.

De hillige plakken fan 'e Aborizjinals binne net lykas kristlike tsjerken, dy't desanktifiëarre wurde kinne foar't se ôfbrutsen wurde. Ek kinne se net kocht of ferkocht wurde. Oare Australiërs fine dat mar dreech te begripen, om't sy lân sjogge as eat dat it eigendom is fan ien persoan, wylst de Aborizjinals lân sjogge as eigendom fan 'e mienskip. Aborizjinals leauwe boppedat dat it ferneatigjen of skansearjen fan in hillich plak net inkeld de libbenen sels bedriget, mar ek de geasten dy't dat plak bewenje en de foarfaar dêr't it mei ferbûn is. It is yn harren optyk in ûnferantwurdlike en gefaarlike die en elts woltinkend persoan hat dan ek de morele plicht en ferset him der ta it uterste tsjin.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Borsboom, A., en Ploeg, A., Stille Zuidzee, Amsterdam/De Haach, 1992.
  • Bowker, J., Een Wereld van Religies, Kampen, 1999.
  • Brosnahan, T., en Keller, N., Guatamala, Belize & Yucatán - La Ruta Maya, Hawthorn, 1997.
  • Eliade, M., en Coulião, I.P., Wereldreligies in Kaart Gebracht, Utert, 1992.
  • Finlay, H., et. al., Australia, Hawthorn, 1998.
  • Noble, J., et al., Mexico, Hawthorn, 1998.