Dynamisme

Ut Wikipedy

Dynamisme is in leauwenssysteem, benammentlik foarkommend yn ’e natoerreligys, dêr’t in wichtige rol yn spile wurdt troch in geastlike, ûnpersoanlike, alomfetsjende, boppenatoerlike krêft, dy’t potinsjeel gefaarlik is en dy’t ek wol omskreaun wurdt as in soarte fan elektrisiteit of radio-aktiviteit. De wittenskiplike namme foar dy krêft is dynamis, mar it is better bekend as mana, sa’t de Polynezyske en Melanezyske folken fan ’e Stille Súdsee it neame.

Guon Noardamerikaanske Yndianefolken kenne itselde begryp: de Algonkwynske folken neame it manitu, de noardeastlike Irokeeske folken neame it orenda, de noardwestlike Irokeeske Huron neame it oki en de Siouaanske folken neame it wakanda. Dizze krêft wurket net út himsels, mar troch persoanen en dingen, en kin sawol goed as kwea bringe. It ropt by de leauwenden foarsichtigens op en jout oanlieding ta de ynstelling en ynachtnimming fan taboes en it útfieren fan komplekse boete- en fermoedsoeningsseremoanjes.

It is dúdlik dat yn Noard-Amearika de oarsprong fan dit idee yn it noardeastlike bosklân lei, fanâlds ek it wengebiet fan ’e Siouaanske stammen en Algonkwynske Cheyenne en Arapaho, dy’t fan ’e santjinde iuw ôf de flakten kolonisearren. Lykwols iepenbieret yn Noard-Amearika ’t mana him by elts folk yn in oare foarm. Dêrfoar is it dynamisme yn ’e Stille Súdsee in opmerklik lykfoarmich ferskynsel. Njonken dizze twa faak neamde gebieten, komt it dynamisme ûnder mear ek foar by in tal Sibearyske folken, lykas de Toengoezen, Ewenen, Tsjûktsjen, Korjaken en Nanai, en by guon Westafrikaanske folken, lykas de Ashanty, Fanti en Baoulé.

Ek hjoed de dei noch libbet yn Polyneezje it leauwen yn mana fuort, sels yn tige kristlike lannen as Tonga en West-Samoä. De earbied dy’t de befolkings fan dy lannen hawwe foar harren keningen, is fierhinne it gefolch fan it grutte mana fan ’e Tu’i Tonga, de kening fan Tonga, en de Tu’i Manu’a tele ma Samoa atoa, de kening fan West-Samoä. Sa kin allinne de maatskiplike elite, dy’t bestiet út lju dy’t sels al in grut mana hawwe, de kening oansjen, en is oanreitsjen foarbeholden oan in noch folle lytsere groep minsken.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • G. Bendure en N. Friary
    • Hawaii, Hawthorn, 1997.
    • Micronesia, Hawthorn, 1995.
  • A. Bertholet en H. Freiherr von Campenhausen, Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, De Haach, 1970.
  • A. Borsboom en A. Ploeg, Stille Zuidzee, Amsterdam/De Haach, 1992.
  • J. Bowker, Een wereld van religies, Kampen, 1999.
  • Indianen - De oorspronkelijke bewoners van Noord-Amerika, ûnder redaksje fan R. Collins, Amsterdam, 1995.
  • Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • M. Eliade en I.P. Couliao, Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
  • Grote Winkler-Prins encyclopedie, Amsterdam/Antwerpen, 1979-1994.
  • R. Jones en L. Pinheiro, Fiji, Hawthorn, 1997.
  • N. Keller en D. Swaney, Tonga, Hawthorn, 1998.
  • N. Keller en T. Wheeler, Rarotonga & the Cook Islands, Hawthorn, 1998.
  • L. Logan en G. Cole, New Caledonia, Hawthorn, 1997.
  • J. Noble en oaren, Russia, Ukraine & Belarus, Hawthorn, 1996.
  • D. Talbot en D. Swaney, Samoa, Hawthorn, 1998.
  • P. Turner en oaren, New Zealand, Hawthorn, 1998.
  • T. Wheeler en J.B. Carillet, Tahiti & French Polynesia, Hawthorn, 1997.