Springe nei ynhâld

Hemminga (geslacht)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hemminga (famylje))

Hemminga is de namme fan in Frysk eigenierdegeslacht dat yn 'e tiid fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen diel útmakke fan 'e Fryske reginteklasse. It geslacht liet benammen spoaren nei yn Beetstersweach en Olterterp, en ek yn 'e omkriten fan Boarnburgum troch de feanterij. Johannes Martinus Hemminga wie fermoedlik de bouwer fan it hûs dat no bekend is as Eysingahûs. Inkele familyleden komme ek foar as Van Hemminga.

It Eysingahûs oan´e Haadstrjitte fan Beetstersweach

Oarsprong fan de namme Hemminga

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stamheit fan´e Hemminga's is ôfkomstich fan Koartehimmen. Dit ferklearret de namme Hemminga (de útgong -inga betsjut hjir 'ôfkomstich fan'[1]). Wierskynlik ferhuze Johannes Martinus (± 1597-1646) fan Koartehimmen nei Beetstersweach, dêr't er de namme Hemminga brûkte.

Fragmintgenealogy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjir ûnder folget in oersjocht fan 'e nammedragers en de foarâlden dêrfan yn manlike line. Foar it gebrúk fan de achternamme fan heit op soan brúkte men it patronym.

Gevelstien yn 'e tsjerke fan Koartehimmen, wêrop neamd wurden "[Martini] Joachimi, postulant, Hendrick [Geerts] [Peter] Crijns kerckvoochde(n) va(n) Corte[hemmen] [Liu]ppe Gauwes dor[psrechter] Geert H[endricks] [Ei]generfde, Johannes Martinides." [2]

Fragmintgenealogy stamheiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Teye Aebeles (± 1480-1545), eigenierde yn Duerswâld, troud mei Tyetje (1483-1547)
    • Jochum Teyes (± 500-nei 1556), troud mei Wyts Gottes, dochter fan Gotte Baukes (grytman fan Smellingerlân yn 1514)
      • Martinus Jochums (± 1555-tusken 1638 en 1645), prokureur-postulant (gerjocht Smellingerlân en Opsterlân), troud mei Epck Halbes (om 1563-nei 1645)

Bruorren fan Jochum Teyes wienen ûnder oare Focke Teyes, grytman fan Opsterlân en stamheit fan it grytmanslaach Fockens, en Alle Teyes, boargemaster van Ljouwert yn 1566 en mei-ûndertekener fan it Ferbûn fan de Eallju yn datselde jier. Martinus Jochums hie ûnder oare Joucke Jochums, grytman fan Smellingerlân, mei de bynamme 'foalle-strûper', as broer. Joucke Jochums ûndertekene de Uny fan Utert yn 1579 en wie yn 1620 oanwêzich by de begraffenis fan steedhalder Willem Loadewyk.

Fragmintgenealogy Hemminga

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Hemminga Feankompanjy of Turfgraverij yn 'e Schotanusatlas fan 1718
  • Johannes Martinus Hemminga (om 1597-1646), notaris, skoalmaster en ekipaazjemaster-op-see, troud mei Taetske Siercks - hy waard fermoarde op 'e Drachtster Heawei ter hichte fan De Wylgen
    • Dr. Wiggerus (van) Hemminga (1626-1681), abbekaat oan it Hof fan Fryslân
    • Dr. Sirck Hemminga (1629-1650), abbekaat oan it Hof fan Fryslân
    • Ayso Johannes (van) Hemminga (1632-1690), foarechtlike relaasje mei Elisabeth Hayes, (± 1632-± 1654), troud mei Rintskje Broers Boelens (1628-1672), mei-rjochter fan Opsterlân, deputearre fan Fryslân en oprjochter fan 'e Hemminga Feankompanjy
      • Ayso Hayes Hemminga (út de relaasje mei Elisabeth Hayes, ± 1654-1743), skoalmaster, troud mei Grietje Ekkes Buruns, twadde houlik mei Grietje Edzes Ruitenbergh (± 1660-1746)
        • Haije Aijses Hemminga (1683-nei 1753), stamheit fan in famylje Hemminga
        • Johannes Aijses (1685-1761/1772), stamheit fan'e famylje Van der Heide, brukt de namme Hemminga net
        • Martinus Aijses Hemminga (1689-1766), krijt ien soan Aijse sûnder bern.
      • Hillegonda (van) Hemminga (1655-1730), troud mei Augustinus Lycklama à Nijeholt (1642-1715), sekretaris fan Opsterlân
      • Haeckjen (van) Hemminga (1657-1715), troud mei Lambartus Beintema, kaptein fan in kompanjy ynfantery
      • Taetske (van) Hemminga (1661-1688), troud mei Pieter Cornelis Backer, keapman te Ljouwert
      • Ypckjen (van) Hemminga (1665-1739), troud mei har neef Boelardus fan Boelens, luitenant fan in kompanjy kavalery
      • Johannes (van) Hemminga (1670-1673), als trijejierige bern ferstoarn oan 'e bernepokken

Hjoeddeiske tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed-de-dei komt de namme noch foar. Yn manlike line bin dêr ôfstammelingen bekind fan Ayso Hayes Hemminga. Inkele ôfstammelingen in froulike line nimme ek de namme Hemminga oan.

Op grêfstiennen yn 'e Sint-Hippolytustsjerke yn Olterterp is it wapen te sjen fan de famylje Hemminga, dat sa beskreaun wurdt. Dield: rjochts, yn goud in Fryske earn. Links, op keel, pealsgewiis pleatst twa gouden ikels dêrtusken in gouden koarnier. It helmteken is in ikel. De ikels en de koarnier symboalisearje de eigenierdestân, basearre op grûnbesit. Dit wapen komt, sûnder earn, ek foar op in lakstimpel yn it besit fan ôfstammelingen fan 'e famylje.

Segelôfdruk wapen Hemminga sûnder earn

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nederlânske famyljenammebank, útgong -inga [1]
  2. Teksten van memorabilia uit Friesland