Hadassah de Boer
Hadassah de Boer | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Hadassah de Boer yn 2015 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hadassah de Boer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 30 maart 1971 | |
etnisiteit | Nederlânsk Joadsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | presintatrise, regisseur, programmamakker | |
medium | tillefyzje, radio | |
wurksum by | AT5, RTL, TROS, NPS, NTR | |
bekend fan | NPS Arena | |
jierren aktyf | 1995 – no | |
offisjele webside | ||
www.hadassah.nl |
Hadassah de Boer (30 maart 1971) is in Nederlânsk presintatrise fan etnysk Nederlânsk en Joadsk komôf.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Boer sette har karriêre yn 1995 by de Amsterdamske lokale stjoerder AT5 útein as stazjêre. Yn it tillefyzjeseizoen 2001-2002 presintearre hja tegearre mei Sylvana Simons op RTL 4 it programma Met Man en Macht. Ek die hja presintaasjewurk op 'e radio foar de TROS. Fierders wie De Boer ferskate jierren lang de presintatrise fan it kulturele programma NPS Arena, dat op sneintemiddei op Nederlân 3 útstjoerd waard. Fanôf maart 2008 presintearre De Boer fierders it programma Van Hier tot Tokio, wêryn't se Nederlânske keunstners besocht yn stêden as Londen, Berlyn en Istanbûl.
Hadassah de Boer is dêrnjonken ferbûn mei Cultura, it digitale temakanaal fan 'e NTR. Dêrfoar presintearret hja ôfwikseljend mei Andrew Makkinga it Cultura Journaal, it wyklikse filmmagazine Cultura Film en út en troch Cultura.nl. Op 'e webside fan Cultura binne al dy programma's te sjen ûnder "Video on Demand".
Sûnt 2010 is De Boer benammen wurksum as programmamakster en regisseur. Yn 2011 wie yn Het Uur van de Wolf, fan 'e NTR, har earste dokumintêre te sjen: Barry Hay: Kissing a Dream. Dat wie in portret fan Barry Hay, de sjonger fan 'e Nederlânske rockband Golden Earring. Yn 2012 wie op RTL 4 De Boer har dokumintêresearje Mannen van een Zekere Leeftijd te sjen, wêryn't seis bekende Nederlanners fan yn de fyftich (Joep van Deudekom, Peter Heerschop, Gijs Scholten van Aschat, Prem Radhakishun, Henkjan Smits en Viggo Waas) op 'e siik giene nei harren wiere identiteit. Ta ein beslút is Hadassah de Boer ek yn te hieren as presintatrise fan eveneminten en as deifoarsitter fan kongressen.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hadassah de Boer hat in Nederlânske heit en in Joadske mem (te witten: de eardere minister Hedy d'Ancona). Tegearre mei har eks-freon Bas Schippers hat hja in soan dy't fan Willem hjit en berne is yn 2002.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |