Springe nei ynhâld

Barry Hay

Ut Wikipedy
Barry Hay
sjonger en/of muzikant
James Hetfield yn 2015
James Hetfield yn 2015
persoanlike bysûnderheden
echte namme Barry Andrew Hay
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 augustus 1948
berteplak Faizabad, Yndia
wurkpaad
sjenre Rock,
Hardrock
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Gitaar
grutste hit(s) Dong-Dong-Di-Ki-Di-Gi-Dong,
Radar love,
Back Home,
Twilight Zone,
When the lady smiles
jierren aktyf 1968 - No

Barry Andrew Hay (Faizabad, Yndia, 16 augustus 1948) is in Nederlânsk sjonger en gitarist. Hy is bekend as de sjonger fan de Golden Earring.

Golden Earring (1967-2021)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de rin fan de jierren 60 waard Barry Hay sjonger by de Haagske band The Haigs, in popgroep mei wat rûgere muzyk. Yn 1967 waard Hay frêge om Frans Krassenburg te ferfangen by de Golden Earring. In jier letter, yn 'e simmer fan 1968, waard de tsiende single fan de Golden Earring, Dong dong di ki di ki dong, de earste nûmer 1-hit fan de band. Noch fjouwer nûmer 1-hits folgen. Mei de Golden Earring brocht Hay 22 studio-albums en tsien live-albums út.

Al fanôf de jierren 70 is Hay op de mominten dat it wat rêstiger is mei de Golden Earring as solo-artyst dwaande. Hy hat solo fjouwer studio-albums útbrocht.

Flying V Formation

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 2012 ôf begûn Hay in twadde projekt. Mei in tal jongere muzikanten begûn er de Flying V Formation. Mei dit projekt hat Hay oant no ta ien studio-album útbrocht.

Hay waard yn Faizabad, Yndia, berne as soan fan de Skotske kolonel Philip Aubrey Hay en in Nederlânske mem. Nei't syn âlden by inoar wei giene doe't Barry 8 jier âld wie, kaam er mei syn mem nei Nederlân. Yn syn jeugd siet er op in Ingelsktalich ynternaat. Dêrnei folge er in oplieding oan de keunstakademy. Barry Hay boaske op 22 febrewaris 1992 mei Sandra Bastiaan, it pear hat twa dochters.

Album Utbrocht op Band Single(s)
Miracle Mirror 1968 Golden Earring The Truth About Arthur,
I've Just Lost Somebody
On the Double 18 april 1969 Just a Little Bit of Peace in My Heart
Eight Miles High Novimber 1969
Golden Earring Septimber 1970 Back Home
Seven Tears Septimber 1971 She Flies on Strange Wings
Only parrots, frogs & angels 1972 Barry Hay
Together Juny 1972 Golden Earring Buddy Joe
Moontan Septimber 1973 Radar Love,
Candy's Going Bad
Switch Maart 1975 Tons of Time,
Kill Me (Ce Soir),
The Switch
To the Hilt Jannewaris 1976 Sleepwalkin,
To the Hilt
Contraband Desimber 1976 Bombay
Grab It for a Second Septimber 1978 Movin' Down Life
No Promises...No Debts July 1979 Weekend Love
Prisoner of the Night Oktober 1980 Long Blond Animal,
No for an Answer
Cut 10 septimber 1982 Twilight Zone,
The Devil Made Me Do It
N.E.W.S. Maart 1984 When the Lady Smiles,
Clear Night Moonlight,
N.E.W.S.
The Hole Maaie 1986 Quiet Eyes,
Why Do I,
They Dance
Victory of Bad Taste 1987 Barry Hay
Keeper of the Flame Maaie 1989 Golden Earring My Killer My Shadow,
Turn the World Around,
Distant Love
Bloody Buccaneers 19 april 1991 Going to the Run,
Temporary Madness,
Pouring My Heart Out Again,
Making Love to Yourself,
Bloody Bucaneers
Face It Novimber 1994 Hold Me Now,
Johnny Make Believe
Paradise in Distress 12 april 1999 Paradise In Distress,
Whisper in a Crowd
Millbrook U.S.A. 21 febrewaris 2003 Albino Moon,
A Sound I Never Heard
The Big Band Theory 2008 Barry Hay
Tits 'n Ass 11 maaie 2012 Golden Earring Still Got the Keys to My First Cadillac
Barry Hay's Flying V Formation 12 maaie 2016 Flying V Formation
For You Baby 2019 Barry Hay