Viggo Waas
Viggo Waas (Amsterdam, 18 april 1962) is in Nederlânsk kabaretier, akteur, telefyzjeprogrammamakker, skriuwer en sjonger.
Waas gie nei de sportakademy. Doe't hjir in lustrum fierd waard, joech Waas in optreden tegearre mei Joep van Deudekom en Peter Heerschop, dy't twa klassen heger sieten.
Hoewol't hy ûnder it grutte publyk bekend wurden is troch syn wyklikse optredens yn it VARA-programma Kopspijkers (sûnt 1998, wêr't hy faak Johan Cruijff imitearre), makke hy sûnt 1987 al kabaret mei de groep NUHR.
Yn de telefyzjesearje Spangen (yn it seizoen 2000/2001) wie hy te sjen as Ron Sterling en hie hy in rol yn de telefyzjefilm Ochtendzwemmers (2001). Fierders spile hy yn de films Lef (út 1999) en De Sluikrups (2002). Hy wie ek te sjen yn Dit was het nieuws, TV7 en Vrienden van Van Swieten. Oan dit lêste programma skreau hy sels mei. Yn de hjerst fan 2007 wie hy ek te sjen yn de romantyske komeedzje Alles is liefde.
Sûnt 2008 is hy mei syn eigen band ek aktyf as sjonger.
Telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2002 - De Familie van der Ploeg - Berry
- 2007 - Alles is liefde
- 2007-2008 -Najib wordt wakker - himsels