Springe nei ynhâld

Haadfrou (opperhaad)

Ut Wikipedy
Haadfrou (opperhaad)
Ofbylding fan 'Dinneblêd', dy't mooglik identifisearre wurde kin mei Haadfrou, út 'e autobiografy fan James Beckwourth.
Ofbylding fan 'Dinneblêd', dy't mooglik identifisearre wurde kin mei Haadfrou, út 'e autobiografy fan James Beckwourth.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bar-chee-am-pe (Pine Leaf)?
oare namme Woman Chief
nasjonaliteit Kriesk
berne ±1806
berteplak noardlik Montana        
stoarn 1854
stjerplak Fort Union (Montana)
etnisiteit Gro Wânt
Kriesk
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e Krieën
aktyf as kriger
jierren aktyf ±18201854
reden
  bekendheid
froulik opperhaad en kriger

Haadfrou (Ingelsk: Woman Chief; noardlik Montana, ±1806Fort Union (Montana), 1854) wie in froulik kriger en opperhaad fan 'e Krieën (Crow), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hja wie al ier ynteressearre yn tradisjoneel manlike aktiviteiten, en ûntjoech har yn 'e twadde helte fan 'e 1840-er en de earste helte fan 'e 1850-er jierren ta ien fan 'e ynfloedrykste lieders fan 'e Krieën. Haadfrou loek frijwat de belangstelling fan blanke ûntdekkingsreizgers. Mooglik is sy deselde as 'Dinneblêd' (Pine Leaf), dy't beskreaun waard yn it histoarysk net betrouber achte ferslach fan James Beckwourth.

Haadfrou moat om 1806 hinne berne wêze yn it noardlike diel fan wat letter de Amerikaanske steat Montana wurde soe. Har bertenamme is net oerlevere, mar hja hearde ta it folk fan 'e Gro Wânt (Gros Ventre). Mei tsien jier waard hja finzen nommen doe't har kamp oerfallen waard troch de Krieën (Crow), dat tradisjonele fijannen fan 'e Gro Wânt wiene. Neitiid waard se adoptearre troch in Krieske kriger, dy't har fierder grutbrocht as in Krie-Yndiaanse.

Fan it begjin ôf oan liet Haadfrou belangstelling blike foar tradisjoneel manlike aktiviteiten. It ôfwiken fan 'e tradisjonele geslachtsrol is in ferskynsel dat geregeldwei foarkaam (en noch foarkomt) yn 'e kultueren fan 'e Yndianen fan Noard-Amearika, by bern fan beide geslachten. Sokke persoanen wurde twigeasten neamd, mar oars as oare froulike twigeasten klaaide Haadfrou har net as man. Har pleechheit, dy't nei't it skynt troch ferstjerren of kriichsfinzenskip syn soannen ferlern hie, moedige har oan om kriger te wurden. Haadfrou blonk út yn hynsteriden, sjitten mei pylk-en-bôge en it slachtsjen fan krekt sketten bizons. Doe't har heit stoar, naam sy it liederskip fan syn tipy (húshâlding) oer.

As kriger wûn Haadfrou in reputaasje fan moed en feardichheid by in oerfal fan 'e Swartfuotten op in fort dêr't sawol Krieën as blanke kolonisten har taflecht socht hiene. Dêrby fersloech se ferskate fijannige krigers yn hân-tsjin-hângefjochten, en wie it har bydrage oan 'e striid dy't it tij kearde. Neitiid stalde se sels in troep krigers gear, wêrmei't se oerfallen útfierde op delsettings fan 'e Swartfuotten en in protte hynders stiel en skalpen naam. Foar har dieden waard Haadfrou as oarlochsopperhaad fan 'e Krieën akseptearre yn it fermidden fan 'e ried fan opperhaden, wêrby't har de namme 'Haadfrou' jûn waard. Uteinlik klom se op ta de trêde yn rang fan 'e 160 leden fan 'e ried. Fierders troude se mei fjouwer froulju, wat har rykdom en prestiizje flink fergrutte.

Koart nei't yn 1851 it earste Ferdrach fan Fort Laramie sletten wie, rekke Haadfrou behelle yn fredesûnderhannelings mei ferskate oare Yndiaanske folken yn 'e krite oan 'e bopperin fan 'e rivier de Missoury. It slagge har en slút frede mei har bertefolk, de Gro Wânt. Nei ferskate jierren fan frede, waard Haadfrou yn 1854 yn 'e neite fan 'e hannelspost Fort Union lykwols oerfallen troch in oarlochstroep fan 'e Gro Wânt en deade.

Identifikaasje mei 'Dinneblêd'

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untdekkingsreizgers en oare blanken dy't by it libben fan Haadfrou de Krieën besochten, lykas Edwin Denig en Rudolph Kurz, fetten sûnder útsûndering in beskate fassinaasje foar har op. Hja beskôgen har as in eskoatysk figuer, en ferliken har mei de amazônes út myten fan 'e Alde Griken. Sokke ferslaggen wurde no as subjektyf beskôge en mei in kerltsje sâlt nommen, mar likegoed ferskaffe se weardefolle details oer it libben fan Haadfrou.

James Beckwourth, dy't yn 'e 1820-er jierren mank de Krieën ferbleau, skreau yn syn autobiografy oer in froulike Krieske kriger mei de namme Dinneblêd (Ingelsk: Pine Leaf; Kriesk: Bar-chee-am-pe), dy't mooglik deselde wie as Haadfrou. In protte details fan it libben fan Dinneblêd komme oerien mei wat út oare boarnen bekend is fan it libben fan Haadfrou, al liket Beckwourth syn ferhaal sterk oerdreaun as it net alhiel út 'e tomme sûgd is. Hy woe hawwe dat Dinneblêd in formidabel kriichster wie, dy't sward hie en deadzje hûndert fijannen ear't se trouwe soe. Teffens bewearde er in romantyske relaasje mei har hân te hawwen, en dat er har frege hie om mei him te trouwen. Skiedkundige Bernard DeVoto skreau yn 1931 yn syn wurd foarôf ta it boek The Life and Adventures of James P. Beckwourth dat Beckwourth betrouber wie salang't it net oer oantallen, romantyk of syn eigen wichtigens gie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.