Springe nei ynhâld

Herman van Wissen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan H.J. van Wissen)
Herman van Wissen
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHermanus Johannes van Wissen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne27 desimber 1910
berteplakGrins
stoarn23 april 2000
stjerplakGrins
wurkpaad
berop/amtArsjitekt,
Keunstskilder

Hermanus Johannes (Herman) van Wissen (Grins, 27 desimber 1910 - dêre, 23 april 2000) wie in Nederlânske arsjitekt en keunstskilder.

Fersetsmonumint Grins (1946)

Van Wissen's heit wie arsjitekt A.L. van Wissen (1878-1955), dy't û.o. it gemeentehûs fan Uithuizermeeden ûntwurpen hat. Van Wissen krige syn opliedingen oan de HTS-boukunde yn Grins, it Keunsthistoarysk Ynstitút Rome en it Grafysk Sintrum yn Grins. Yn de jierren '30 wie er learling fan Jan Derksen Staats (skilderjen) en letter Anne Huitema (grafyske techniken).

As skilder wurke Van Wissen fral mei Siberysk kryt, wetterferve (akwarel), tempera en oaljeferve. Hy skildere meast lânskippen yn in figuratyf-ekspresjonistyske styl. Van Wissen wie lid fan de keunstrûnte ‘De Regenboog’ yn Grins en (besjoers)lid fan de Grinzer keunstrûnte De Ploeg. Hy makke stúdzjereizen nei Grikelân, Hongarije, Israel, Joegoslaavje, Eastenryk, Rome en de Feriene Staten.

Yn 1946 ûntwurp Van Wissen in fersetsmonumint foar Grins yn de foarm fan in poarte; it krige in plak op it R.K. Kerkhof oan de Hereweg. As arsjitekt krige Van Wissen nei de oarloch in protte opdrachten foar wenningbou. Yn de twadde helte fan de jierren '50 wienen it meast opdrachten foar it ûntwerpen fan tsjerken.

Van Wissen waard nei syn pensjonearing opfolge as arsjitekt troch syn âldste soan Ad. Syn soan Driek (1943-2010) waard yn 2005 útroppen as Dichter des Vaderlands, soan Jan van Wissen (1946) is byldzjend keunstner.

De Marije-Himelfearttsjerke yn Wytgaard
JierPlakOmskriuwing
1935Grins, hoeke Esserweg/Verlengde Herewegdûbel lânhûs
1950Grins, Herebinnensingel 1bedriuwsgebou
1956Amersfoort, LiendertsewegHeilig Kruiskerk
1957De Gordyk, CompagnonstraatRK-tsjerke Sint Paulusfikary
1959Hengelo, HaydnlaanRK-tsjerke St. Raphael
1961Tollebeek, VosseburchtRK-tsjerke St. Hubertus
1962Musselkanaal, De BrinkKleasterkapel Fransiskanessen
1962Ljouwert, ArchipelwegRK-tsjerke St. Franciscus
1963Frjentsjer, GodsackerRK-tsjerke St. Fransiskus
1964Klazienaveen, StellingstraatRK-tsjerke St. Henricus
1965Irnsum, RyksweiRK-tsjerke St. Marcus
1966Wytgaard, TjissemaMarije-Himelfearttsjerke (Wytgaart)
1971Grinsâldereinsintrum Corpus den Hoorn

Van Wissen wie yn 1959 belutsen by it bouwen oan de Houtmanlaan yn Helpman (Grins). Dêr waard doe in urne fûn, dy't datearre waard op it tiidrek fan it Grutte Folkeferfarren. Nei Van Wissen syn dea hawwe de erfgenamten de urn oan it Grinzer Museum skonken (2004).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: