Sint-Fransiskustsjerke (Frjentsjer)
| Sint-Fransiskustsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | ||
| adres | Godsikker 13 | |
| koördinaten | 53° 11' N 5° 32' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | Grins-Ljouwert | |
| patroanhillige | Fransiskus fan Assisi | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | Herman van Wissen | |
| boujier | 1963 | |
| Webside | ||
| Hillige Jakobusparochy | ||
| Kaart | ||
De Sint-Fransiskustsjerke (Nederlânsk en offisjeel: Sint-Franciscuskerk) is in roomsk tsjerkegebou yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. De tsjerke falt ûnder de Hillige Jakobusparochy yn it bisdom Grins-Ljouwert.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fransiskusparochy yn Frjentsjer waard yn 1637 oprjochte troch de Fransiskanen (minderbruorren), folgelingen fan Fransiskus fan Assisi.

Yn 1865 waard oan 'e Godsikker, yn 'e Frjentsjerter binnenstêd, de earste Sint-Fransiskustsjerke boud. Dat wie in hege neogoatyske krústsjerke fan 'e arsjitekt Carl Weber (1820-1908). De tsjerke waard yn 1963 fanwegen brekfalligens ôfbrutsen en ferfongen troch it hjoeddeistige gebou, dat nei in ûntwerp fan arsjitekt Herman van Wissen boud waard.
De Sint-Fransiskusparochy fusearre mei oare parochy's út de omkriten ta de Hillige Jakobusparochy.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sint-Fransiskustsjerke hat in modern uterlik, mei in lege, fjouwerkantige klokketoer mei twa klokken deryn dy't fan bûtenôf sichtber binne.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel datearret fan 1888 en waard boud troch Adema mei gebrûk fan âlder piipwurk. De Sint-Fransiskustsjerke hie foarhinne ek in koaroargel út 1977, dat makke wie troch Flentrop, en ôfkomstich wie út 'e Grutte Tsjerke fan Harns.

| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
