Guy Scott

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Guy Scott
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Guy Scott.png
echte namme Guy Lindsay Scott
nasjonaliteit Flag of Zambia.svg Sambiaansk
bertedatum 1 juny 1944
berteplak Livingstone (Noard-Rodeezje)
etnisiteit Flag of Scotland.svg Skotsk
Flag of England.svg Ingelsk
presidint fan Sambia (ynterim)
amtsperioade 20142015
foargonger Michael Sata
opfolger Edgar Lungu
fise-presidint fan Sambia
amtsperioade 20112014
foargonger George Kunda
opfolger Inonge Wina
lid fan de Nasjonale Assimblee fan Sambia
amtsperioade 20062015
Sambiaansk minister fan Lânbou
amtsperioade 19911996
lid fan de Nasjonale Assimblee fan Sambia
amtsperioade 19911996

Guy Scott (folút: Guy Lindsay Scott; Livingstone, 1 juny 1944) is in blank Sambiaansk politikus en ûndernimmer fan mingd Skotsk-Ingelsk etnysk komôf. Hy tsjinne fan 2011 oant 2014 as fise-presidint, en nei it ferstjerren fan presidint Michael Sata fan 2014 oant 2015 as ynterim-presidint fan Sambia. Dêrmei wied er de earste blanke Afrikaanske presidint sûnt Frederik Willem de Klerk, it lêste Súdafrikaanske steatshaad út it tiidrek fan 'e apartheid.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Komôf, jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Scott waard yn 1944 berne yn Livingstone, yn 'e doetiidske Britske koloanje Noard-Rodeezje, dêr't letter de republyk Sambia út ûntstean soe. Syn heit, Alec Scott, wie yn 1927 út Skotlân wei nei Noard-Rodeezje emigrearre, wylst syn mem Grace har yn 1940 út Ingelân wei yn 'e koloanje nei wenjen sette. Syn heit wie yn 'e koloniale tiid polityk aktyf as bûnsgenoat fan 'e lânseigen befolking. Teffens rjochte er in krante op dy't tsjin it koloniale rezjym agearre. Yn 'e fyftiger jierren wie Alec Scott foar it kiesdistrikt Lusaka lid fan it Federale Parlemint fan Rodeezje en Nyasalân. Guy Scott trochrûn de middelbere skoalle yn Peterhouse yn it doetiidske Súd-Rodeezje (no Simbabwe), studearre doe yn Ingelân oan 'e Universiteit fan Cambridge, dêr't er in bachelorstitel yn ekonomy behelle, en dêrnei oan 'e Universiteit fan Susseks, dêr't er promovearre yn kognitive wittenskippen.

Iere karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn weromkear út Ingelân, yn 1965, fûn Scott wurk as planner op it Sambiaanske Ministearje fan Finânsjes. Dêrnjonken wied er yn dy snuorje ek wurksum as pleatsferfangend haadredakteur fan it tydskrift The Business and Economy of East and Central Africa. Yn 1970 rjochte Scott Walkover Estates op, in lânboubedriuw dat him talei op it ferbouwen fan heechweardige gewaaksen lykas yrrigearre weet, ierdbeien en in ferskaat oan grienten bûten it seizoen. Yn 'e tachtiger jierren gie er werom nei Ingelân, om 'e oan 'e Universiteit fan Oxford robotika te studearjen. Yn 1986 foltôge er syn stúdzje op it mêd fan keunstmjittige yntelliginsje oan 'e Universiteit fan Susseks mei in twadde doktoraat.

Yn 'e polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1990 gie Scott de Sambiaanske polityk yn, as lid fan 'e Movement for Multi-Party Democracy (MMD). Op 'e earste konvinsje fan dy partij waard er keazen ta foarsitter fan lânboukommisje. Yn 1991 waard er foar de MMD yn 'e Nasjonale Assimblee fan Sambia keazen, dêr't er it kiesdistrikt Mpika fertsjintwurdige. Doe't de MMD neitiid in regear foarme, waard Scott beneamd ta minister fan Lânbou, Itensfoarsjenning en Fiskerij. Yn dy hoedanichheid fierde er in stikmannich herfoarmings troch en wied er fierhinne ferantwurdlik foar it regearingsbelied ûnder de saneamde "Drûchte fan 'e Iuw", yn jannewaris en febrewaris 1992. Om't der gjin maïsfoarrieden oanlein wiene en de buorlannen krektlyk ûnder de drûchte te lijen hiene, moast Scott derfoar soargje dat der maïs oanfierd waard út oare parten fan 'e wrâld, en dat it oer wrakke spoarwegen en gatterige autodiken nei it troch lân omsletten Sambia ferfierd waard. Neitiid hied er ek it tafersjoch oer it ferpartsjen fan 'e súksesfolle rispinge fan 1992-1993.

Scott stapte yn 1996 út 'e MMD en it parlemint, om mei Ben Kapita, de foarman fan 'e Zambian National Farmers' Union (ZNFU) de nije Limapartij op te rjochtsjen. Neitiid wied er belutsen by de fúzje mei de ZADECO-partij fan Dean Mungomba en ferskate oare partijen, dêr't de ZAP út ûntstie. Yn 2001 joech er him lykwols by it Patriotic Front (PF), wêrnei't er by de ferkiezings fan 2006 yn it Sambiaanske parlemint weromkearde as fertsjintwurdiger fan it kiesdistrikt Lusaka Central.

Scott (rj.) yn 2014, mei de Amerikaanske presidint Barack Obama (l.) en presidint Armando Guebuza fan Mozambyk (m.).

By de presidintsferkiezings fan 23 septimber 2011 waard Rupiah Banda, de kandidaat fan 'e MMD, mei oermacht ferslein troch de kandidaat fan it PF, Michael Sata. Doe't dy lêste op 29 septimber ynsward waard as presidint, waard de blanke Scott tagelyk ynsward as fise-presidint. Scott sei letter yn in fraachpetear mei de Britske krante The Guardian: "Ik miende al langere tiid dat Sambia him ûntjout fan in post-koloniale ta in kosmopolityske maatskippij. De minsken tinke langer oars: se sitte net mear te wrokjen oer wat der mis wie mei it kolonialisme." Scott syn hûdskleur late ta in pynlike sitewaasje doe't er yn 2012 foarsteld waard oan 'e eardere Amerikaanske presidint George W. Bush, dy't earst net leauwe woe dat hy wurklik de fise-presidint fan in Afrikaansk lân wie.

Nei't presidint Michael Sata op 28 oktober 2014 stoarn wie, waard Scott waarnimmend presidint oant der nije ferkiezings holden wurde koene, wat neffens de Sambiaanske grûnwet binne 90 dagen neitiid barre moast. Scott wie doe de earste blanke Afrikaanske presidint sûnt Frederik Willem de Klerk, it lêste Súdafrikaanske steatshaad út it tiidrek fan 'e apartheid. Mei't de grûnwet fan Sambia foar presidinten fan it lân as betingst stelt dat harren beide âlden "Sambianen nei berte en komôf" wêze moatte, koe Scott him dus net kandidaat stelle. (Hjirby moat trouwens oantekene wurde dat dy eask net bedoeld wie om blanken út te sluten, mar oan 'e grûnwet tafoege waard troch Frederick Chiluba, de earste demokratysk keazen presidint fan Sambia, om in weromkear fan diktator Kenneth Kaunda, waans heit berne wie yn wat letter Malawy wurden is, ûnmooglik te meitsjen.) Yn in soartgelikense saak (Lewanika et al. fersus Chiluba) hie it Sambiaanske Heechgerjochtshôf trouwens yn 1998 de easker yn it gelyk steld, dat as er echt wollen hie, soe it foar Scott wierskynlik wol mooglik west hawwe om ûnder de grûnwetlike útsluting út te kommen, mar hy besleat lykwols om it dêr net op oankomme te litten.

Under syn waarnimmend presidintskip kaam Scott yn oanfarring mei Edgar Lungu, de siktaris-generaal fan it PF, dy't er op 3 novimber 2014 út syn amt sette. In dei letter wied er lykwols troch grutskalige demonstraasjes yn 'e Sambiaanske haadstêd Lusaka twongen om syn aksje ûngedien te meitsjen. De rûzje binnen de regearjende partij rûn sa heech op dat guon ministers Scott op 17 desimber oprôpen om ôf te treden as presidint, in oprop dy't er njonken him del lei. Lungu, dy't foar it PF him kandidaat steld hie foar it presidintskip, wûn begjin 2015 de ferkiezings, en op 25 jannewaris droech Scott de macht oan him oer.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.