Springe nei ynhâld

Golem

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Golem fan Chełm)
In foarstelling fan in golem.

In golem (Hebriuwsk: גולם‎‎; útspr.: [ɡɔlɛm], likernôch: "gòl-lèm") is yn 'e Joadske folkloare in antropomorf (op 'e minske lykjend) mytysk wêzen dat alhielendal makke is fan dead materiaal (yn 'e regel klaai of modder) en dat dêrnei troch it gebrûk fan magy libben ynblaasd is. It wurd 'golem' komt yn it Hebriuwske orizjineel fan it Alde Testamint fan 'e Bibel foar yn Psalm 139:16 as galmi (גלמי), dat "myn golem" betsjut en ferwiist nei de ûnfoltôge minsklike foarm fan 'e skriuwer yn 'e eagen fan God. Fierders wurdt de term 'golem' yn 'e Mishnah brûkt foar in ûnbeskaafd persoan, in barbaar, wylst it wurd yn it moderne Hebriuwsk foarkomt yn 'e betsjutting fan "dom" en/of "helpeleas". Ek komt it foar yn it Jiddysk as goylem, dat in oantsjutting is foar in knoffelich of traach persoan.

Aldste ferhalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldste ferhalen oer golems geane tebek op it iere joadendom. Adam, de earste minske, dy't troch God makke waard fan klaai, wie oarspronklik in golem, mar waard troch Gods almacht mear as dat. Der wurdt wol sein dat joadske gelearden yn 'e Midsiuwen it Sefer Yetzirah ("Boek fan de Skepping") bestudearren om te learen hoe't se golems meitsje en behearskje koene, hoewol't dy ferhalen mooglik net op wierheid basearre binne. Yn elts gefal ûntstie yn 'e Midsiuwen wol it idee dat golems aktivearre wurde koene troch in esktatyske ûnderfining dy't oproppen waard mei it ritualistysk gebrûk fan ferskate letters fan it Hebriuwske skrift as dêrmei in shem (namme fan God) stavere waard. De shem waard dêrby op in stikje papier skreaun en yn 'e mûle of de foarholle fan 'e golem ynbrocht. De ierst bekende hânlieding oer hoe't men in golem meitsje en ta libben bringe kin, stiet yn it wurk Sodei Razayya, fan Eleazar ben Judah fan Worms (1165-1230).

De Golem fan Chełm

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldste beskriuwing fan 'e skepping fan in golem troch in histoaryske persoan giet oer de rabbyn Elijah Ba'al Shem út it Poalske Chełm (1550-1583). Ferskate boarnen út 'e santjinde en de achttjinde iuw fertelle it ferhaal dat dy rabbyn in golem makke dy't jierrenlang swier wurk foar him opknapte, oant er almar grutter groeide en Elijah Ba'al Shem benaud waard dat er wat makke hie dat úteinlik it hielal ferneatigje soe. Dêrom naam er doe de shem wei dy't yn 'e foarholle fan 'e golem siet, sadat it wêzen ta stof útinoar foel. Lykwols soe de rabbyn by it weinimmen fan 'e shem troch de golem yn it gesicht ferwûne wêze.

Rabbyn Judah Löw ben Bezalel en syn golem (ôfbylding fan Mikoláš Aleš, út 1899.

De Golem fan Praach

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierwei it meast ferneamde ferhaal oer in golem is dat fan 'e Golem fan Praach, dy't oan 'e ein fan 'e sechstjinde iuw makke wêze soe troch Judah Löw ben Bezalel, de opperrabbyn fan Bohemen, om it Joadske Kertier fan Praach te beskermjen tsjin antysemityske oanfallen en pogroms. Der besteane ferskate ferzjes fan dit ferhaal. Ofhinklik fan 'e ferzje soene de joaden fan Praach ûnder it regear fan keizer Rudolf II fan it Hillige Roomske Ryk (dy't ek kening fan Bohemen wie) ferballe of fermoarde wurde. Om syn folk te beskermjen, makke Judah Löw ben Bezalel in golem út 'e klaai fan 'e igge fan 'e rivier de Vltava, dy't er ta libben wekke troch rituëlen en beswarrings. De golem waard Josef neamd en krige de Jiddyske bynamme Yossele. It sizzen wie dat er himsels ûnsichtber meitsje koe en macht hie oer de geasten fan 'e deaden. De iennichste fersoarging dêr't er ferlet fan hie, wie dat er net aktyf wêze koe op 'e sabbat. Dêrom deäktivearre Löw him eltse freedtejûns troch de shem te ferwiderjen.

Der binne ferskate ferhalen oer hoe't de Golem fan Praach oan syn ein kaam. Neffens ien ferzje fergeat Löw him in kear freedtejûns te deäktivearjen, en wied er sa bang dat de golem de sabbat skeine soe, dat er doe foargoed in ein oan it wêzen makke. In oar ferhaal wol hawwe dat de golem fereale rekke op in kreaze jongfaam en dat er, doe't er ôfwiisd waard, feroare yn in gewelddiedich meunster, dat (neffens guon ferzjes) in spoar fan dea en ferdjer troch Praach loek. Wer in oare ferzje fan it ferhaal fertelt dat Löw úteinlik syn skepping net mear behearskje koe. Hy hie de golem makke om 'e joaden te beskermjen tsjin lju dy't har kweadwaan woene, en dyselden deade er. Mar meitiid begûn er ek net-joaden te deadzjen dy't alhiel gjin kwea yn 't sin hiene, en dêrnei joaden dy't har net oan 'e joadske foarskriften holden, en doe joaden dy't dat wol diene, mar dy't oare sûnden begien hiene, oant der úteinlik nimmen oer wie dy't feilich foar de golem wie.

Wat de oanlieding ek krekt wie, de ferhalen binne it deroer iens dat Löw úteinlik foar de yngong fan 'e Alde Nije Synagoge de shem út 'e mûle fan 'e golem wist te ferwiderjen, mei as gefolch dat it ding oan stikken foel. It lichem fan 'e golem soe doe opslein wêze op 'e souder fan 'e Alde Nije Synagoge, om it te bewarjen foar it gefal dat it letter nochris nedich wêze soe. Neffens de leginde leit de golem dêr noch altyd, ek al waard der gjin spoar fan fûn doe't de souder yn 1883 renovearre waard, noch doe't in filmploech yn 1984 de souder besocht en filme. It feit dat de souder fan 'e Alde Nije Synagoge net iepen is foar it publyk, hat it ferhaal yn libben holden. It fuortbestean fan 'e golem is lykwols tige ûnwierskynlik, yn it foarste plak om't it ferhaal fan 'e Golem fan Praach net op wierheid berêst en de golem nea wier bestien hat, mar sels as der in neimakke foarm fan 'e golem op 'e souder fan 'e synagoge bewarre wêze soe, wie dy ûnder de Twadde Wrâldoarloch sûnder mis stellen troch de nazys, dy't grutte wearde stelden yn alles wat mei magy te krijen hie.

De Alde Nije Synagoge yn Praach.

Fierders wurdt ek wol sein dat de golem foàr 1883 fan 'e souder stellen is en begroeven waard op in begraafplak yn 'e Praachske wyk Žižkov, op it plak dêr't no de Tillefyzjetoer fan Žižkov stiet. In oar ferhaal wol hawwe dat in nazy-ofsier ûnder de Twadde Wrâldoarloch de souder binnenkrong en de golem mei in dagge stiek, mar dêrtroch sels kaam te ferstjerren.

Guon strang otterdokse joaden leauwe oant op 'e dei fan hjoed dat rabbyn Löw wol deeglik in golem makke hat. Rabbyn Menachem Mendel Schneerson, de lêste rebbe fan 'e Lubavitsh-beweging, skreau dat er syn skoanheit, rabbyn Yosef Yitzchak Schneersohn, befrege hie oer dy syn ûnderfinings nei't er de souder fan 'e Alde Nije Synagoge besocht hie, mar dat dy wegere om dêroer te praten. Yosef Yitzchak Schneersohn skreau sels yn syn autobiografy oer dat besyk inkeld dat er op 'e souder foar syn eigen feilichheid oanhâldend psalmen opsein hie. Neffens in artikel fan Shnayer L. Leiman soe Schneersohn syn dochter Chana Gurary oan rabbyn Berel Junik ferteld hawwe dat har heit op 'e souder "[de] bewuolle en bedutsen foarm fan in minske [sjoen hie]. It lichem lei op 'e side," en Schneersohn soe letter oan har ferteld hawwe dat er "tige benaud wurden wie doe't ik dat seach. Ik seach om my hinne nei guon fan 'e ôftanke rituële foarwerpen dy't dêr wiene en joech my ôf, bang troch wat ik sjoen hie."

Rabbyn Chaim Noach Levin skreau fierders in ferslach dat er nei eigen sizzen út 'e earste hân hie fan rabbyn Yosef Shaul Halevi, dy't oan it haad stie fan it Rabbinale Hôf fan Lemberch (it hjoeddeistige Lviv, yn 'e Oekraïne). Neffens dat ferhaal gie Halevi, doe't er ris yn Praach wie, nei de Alde Nije Synagoge ta om it lichem fan 'e golem te sjen, mar de koster fan 'e synagoge fertelde him dat rabbyn Yechezkel Landau oanret hie om net nei de souder te gean nei't er dat sels àl dien hie, dat Halevi seach fan syn foarnimmen ôf.

It Joadsk Museum yn it Tsjechyske Ústěk, mei in stânbyld fan in golem.

Histoarisy binne oer it algemien fan betinken dat it ferhaal fan 'e Golem fan Praach in Dútsk literêr betinksel út 'e iere njoggentjinde iuw is. De ierst bekende ferzje fan it ferhaal fan 'e Golem fan Praach stiet yn it boek Der Jüdische Gil Blas, fan Josef Seligman Kohn, út 1834. It waard werferteld yn Gallerie der Sippurim, út 1847, in ynfloedrike joadske ferhalebondel útjûn troch Wolf Pascheles te Praach, en fersprate him neitiid rûnom. Der besteane oanwizings dat it ferhaal basearre wie op 'e mûnlinge oerlevering fan 'e joadske mienskip, wêrby't neffens letterkundige Robert Zucker it ferhaal fan 'e Golem fan Chełm omtrint de midden fan 'e achttjinde iuw mei Praach en rabbyn Löw assosjearre rekke wêze soe.

De Golem fan Wilna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der bestiet in soartgelikense tradysje oangeande rabbyn Elijah ben Solomon Zalman, better bekend as de Gaon fan Wilna, oftewol 'it hillige sjeny fan Vilnius' (1720-1797). De Litouske rabbyn Chaim Volozjin (1749-1821) die der yn in wurd foarôf dat er tafoege oan Siphra Dzeniouta (1818) ferslach fan dat er syn learaar, de Gaon fan Wilna, ris tsien ferskate ferzjes fan in beskate passaazje fan 'e Sefer Yetzirah foarlein hie en him frege hie om te sizzen hokker oft de juste wie. De Gaon wiisde daliks de goede ferzje oan, en de ferbjustere Volozjin murk doe op dat er, mei sa'n kennis, grif ek by steat wêze moast om in libbene persoan te skeppen. De Gaon befêstige dat, en sei dat er, doe't er jonger as trettjin jier wie, alris besocht hie om soks te dwaan, mar dat er it net trochset hie om't er in teken út 'e himel krigen hie dat er der omreden fan syn jonge jierren mei ophâlde moast. De Gaon fan Wilna skreau sels in djipdollend kommentaar op 'e Sefer Yetzirah, mei as titel Kol Ha Tor, wêryn't er úthold dat er in golem besocht hie te meitsjen om it kwea oan 'e poarten fan Jeruzalim te befjochtsjen. Ynsafier't bekend is, wie de Gaon fan Wilna de iennichste rabbyn dy't ea sels sa'n bewearing dien hat; by alle oare rabbinen dy't golems makke hawwe soene, doeken dy ferhalen pas nei harren dea op.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.