Springe nei ynhâld

It Goai

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Goailân)
In lânkaart fan It Goai.

It Goai (Nederlânsk: Het Gooi), soms ek Goailân of de Goaistreek neamd, is in lânstreek dy't it útstykjende, súdeastlike diel fan 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân omfiemet. Histoarysk waard dit gebiet wol Naerdicklant ("Lân fan Naarden") neamd, nei it iennichste plak mei stedsrjochten yn 'e hiele krite. Behalven it stedsje Naarden lizze yn it Goai ek de doarpen (of nije stêden) Blaricum, Bussum, Gravelân, Hilversum, Huzen en Laren. Westlik fan it Goai leit de Fechtstreek, mei plakken as Muiden, Weesp, Ankeveen, Nederhorst den Berg en Loasdert (wêrfan't dat lêste plak foàr de bestjoerlike weryndieling fan 2002 ta de provinsje Utert hearde). Dat gebiet is histoarysk sjoen eins in aparte krite, mar tsjintwurdich wurdt it almeast as in ûnderdiel fan it Goai beskôge, wat der de reden foar is dat men ek wol sprekt fan "de Goai- en Fechtstreek".

It Goai is in relatyf heech leine sânstreek, dy't al hiel lang bewenne wurdt. Archeologysk ûndersyk hat sels bewenning troch neändertalers oantoand, dy't sa'n 120.000 jier tebek giet. Bewizen fan bewenning troch Homo sapiens datearje út sawol de Stientiid, de Brûnstiid as de Izertiid. Yn 'e histoaryske perioade wie it Goai fan 968 oant 1806 eigendom fan 'e abdij Elten, in kleaster foar jongedames fan adel. It hearde oarspronklik bestjoerlik ta it Stift Utert, mar waard yn 'e trettjinde iuw troch de Hollânske greve Floaris V ferovere. It grutste part fan it gebiet waard pas nei 1300 ûntgûn.

It riedhûs fan Hilversum, út 1924, ûntwurpen troch de arsjitekt Willem Marinus Dudok.

Fan likernôch 1500 ôf waard it Goai troch de stêd Amsterdam brûkt as in sânwinningsgebiet, en troch de fearten en kanalen dy't dêrfoar groeven waarden, waard de krite foar it earst ûntsletten foar ekonomyske ûntwikkeling. Nei 1700 setten tal fan rike Amsterdammers har yn it Goai nei wenjen yn modieuze bûtenpleatsen, dêr't se de simmer trochbrochten, wylst men foar de winter nei de stêd weromkearde. Dat feroare pas nei 1900, doe't earst de steamtram en letter de auto forinzeferkear fan en nei de stêd mooglik makke. Yn dyseldichste snuorje ûntstiene der keunstnersmienskippen yn Laren en Blarikum, wylst de skriuwer Frederik van Eeden yn Bussum syn idealistyske koloanje Walden stifte.

Yn 1918 waard yn Hilversum de Nederlandsche Seintoestellen Fabriek oprjochte, wat der úteinlik ta late dat dat plak it sintrum fan 'e Nederlânske omrop en telekommunikaasjeyndustry waard. Letter waaide in diel fan 'e media-organisaasjes út nei oare Goaiske plakken, lykas Bussum (de earste tillefyzje-útstjoerings), Naarden (û.m. Sky Radio), Laren (Talpa), ensfh. Dêrtroch is it Goai min ofte mear synonym wurden mei de omropwrâld. Fanwegen de ûnderstelde lossinnichheid fan dy sektor wurdt ek wol smeulsk sprutsen fan "it Goaiske matras". Dat byld wurdt nochris befêstige troch tillefyzjesearjes as Gooische Vrouwen, wêryn't fjouwer moderne dames in dekadint bestean liede. Tsjintwurdich is it Goai ien fan 'e tichtstbefolke streken fan Nederlân, mei't Hilversum, Bussum, Laren, Huzen en Blarikum har yn 'e tweintichste iuw allegear ûntjûn hawwe fan lytse doarpkes ta stêden mei tsientûzenen ynwenners.

It Goai bestiet op 't heden (2014) út 9 ûnderskate gemeenten, mar de provinsje Noard-Hollân liket oan te stjoeren op in nije gemeentlike weryndieling, wêrby't mooglik ien Goaiske gemeente oerbliuwe sil. De hjoeddeiske gemeenten binne:

Dêrfan foarmje de gemeenten Muiden, Weesp en Widemarren de histoaryske Fechtstreek.

Yn it grutste part fan it Goai waard fan oarsprong it Goaisk sprutsen, wylst de befolking fan 'e eastlike doarpen (Bussum, Laren en Blarikum) Eemlânsk praten. Beide dialekten hearre ta de Utertsk-Alblasserwaardske dialektgroep fan it Nederlânsk. Tsjintwurdich binne dizze dialekten troch de grutte tastream fan minsken fan bûten hast ferdwûn. De saneamde Goaiske r, in alveolêre approksimant ([ɹ]) of ek wol Ingelske r, dy't yn it Goai in protte brûkt wurdt en dêr't it Goai yn Nederlân ek bekend om stiet, is paradoksaal genôch yntrodusearre troch de nijynkommelingen en net werom te finen yn 'e oarspronklike dialekten fan it gebiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.