Giovanni Battista Tiepolo
Giovanni Battista Tiepolo, ek: Giambattista Tiepolo (berne op 5 maart 1696 yn Feneesje, ferstoarn op 27 maart 1770 yn Madrid ) wie in Italjaansk keunstskilder.
Tiepolo wie in learling fan Gregorio Lazzarini en wurke yn 1717 as in ûnôfhinklik keunster yn Feneesje, dêr't er tsjerken en paleizen mei syn wurk dekorearre.
Yn 1721 troude er Maria Cecilia Guardi, de suster fan de Feneesjaanske skilders Francesco Guardi en Giovanni Antonio Guardi, by wa't er tsien bern krige. Teminsten twa fan syn bern holpen him yn it wurk.
Tiepolo waard ynspirearre troch Sebastiano Ricci en Giovanni Battista Piazzetta, mar benammen troch it wurk fan Paolo Veronese te bestudearjen. Troch de ynfloed fan Veronese sette er útein mei in hiel nij wurk fan grut opsette foarstellings en allegoriën dy't er skildere yn tsjerken en paleizen. Ynstee fan in soad donker skaad en sterke kleuren begûn er yn sêft grize en blauwe kleuren te skilderjen.
Tusken 1750 en 1753 fierde Tiepolo ien fan syn grutte wurken út, nammentlik it oanbringen fan fresko's yn de biskoplike residinsje fan Würzburg, dêr't er holpen waard troch syn soannen Giovanni Domenico en Lorenzo. De monumintale fresko's mei harren heldere kleuren makken fan Tiepolo in ferneamd man. Hy krige opdrachten fan de keninklike hôven fan [[Frankryk], Ingelân en Ruslân.
De lêste tiid fan syn libben wurke Tiepolo yn Spanje, û.o. foar it hôf.
Op 27 maart 1770 ferstoar de keunstskiler yn Madrid.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Jupiter en Danaë -
Oanbidding Trije-ienheid troch paus Klementius -
Fresko's residinsje Würzburg -
De Oerwinning fan Sint-Jakobus op de Moaren, Giovanni Battista Tiepolo -
Unbeflekte Untfinzenis
Skilderijen foar 1740
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Namme fan it wurk | Datum | Tsjintwurdige lokaasje | Keppeling nei ôfbyld |
---|---|---|---|
It Marlerskip fan Sint-Bartoloméus | 1722 | Chiesa di San Stae, Feneesje | |
The Gloarje fan Sint-Dominikus | 1723 | Gallerie dell'Accademia, Feneesje | |
De Ferkrachting fan Europa | ± 1725 | Gallerie dell'Accademia, Feneesje | [1] |
Allegory fan de Macht fan de Rederikens | ± 1725 | Courtauld Gallery, Modello foar Palazzo Sandi, Feneesje | [2] |
Fresko's | 1726 | Biskoplik Paleis, Udine | |
Ca' Dolfin Tiepolos | 1726–1729 | Metropolitan Museum of Art, New York; Hermitage, Sint-Petersburch; Kunsthistorisches Museum, Wenen | |
Perseus en Andromeda | 1730 | Frick Collection, New York | [3] |
Underrjocht fan de Jongfaam | 1732 | Santa Maria della Consolazione, Feneesje | |
Ingel dy't Hagar rêdt | 1732 | Scuola di San Rocco, Feneesje | [4] |
Preekjende Jehannes de Doper | 1732–1733 | Cappella Colleoni, Bergamo | [5] |
Unthalzing fan Jehannes de Doper | 1732–1733 | Cappella Colleoni, Bergamo | [6] |
Gesel fan de Slangen | 1732–1735 | Gallerie dell'Accademia, Feneesje | [7]] |
Joazef kriget ring fan Farao | 1732–1735 | Dulwich Picture Gallery, Dulwich, Londen | [8] |
Triomf fan Zephyr en Flora | 1734–1735 | Museo del Settecento Veneziano, Ca' Rezzonico, Feneesje | [9] |
Jupiter en Danaë | 1736 | Universitet Konsthistoriska Institutionen, Stokholm | [10] |
De Fynst fan Moazes | 1736–1738 | National Gallery of Scotland, Edinburgh | [11] |
Oanbidding Trije-ienheid troch Paus Klementius | 1737–1738 | Alte Pinakothek, München | [12] |
Sint-Augustinus, Sint-Loadewyk fan Frankryk, Sint-Jehannes de Evangelist en in biskop | 1737–1738 | Palais des Beaux-Arts, Lille | [13] |
Ynstelling fan de Roazekrâns | 1737–1739 | Chiesa dei Gesuati, Feneesje | [14] |
Kristus draacht it Krús | 1737–1738 | Chiesa di Sant'Alvise, Feneesje | [15] |
De Madonna fan de Berch Karmel | 1730s | Pinacoteca di Brera, Milaan | [16] |
Jongfaam en seis Hilligen | 1737–1740 | Szépművészeti Múzeum, Bûdapest | [17] |
Skipio Afrikanus befrijdt Massiva | tusken 1719 en 1721 | The Walters Art Museum, Baltimore (Feriene Steaten fan Amearika) | [18] |
Skilderijen fan 1740 oant 1750
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Namme fan it wurk | Datum | Tsjintwurdige lokaaje | Keppeling nei ôfbyld | |
---|---|---|---|---|
Aleksander de Grutte en Campaspe yn it Atelier fan Apelles | 1740 | Getty Center, Los Angeles | [19] | |
De Jongfaam foar Filippus Neri | 1740 | Museo Diocesano, Camerino | [20] | |
It sammeljen fan Manna | 1740–1742 | Basilica San Lorenzo, Verolanuova | [21] | |
It Offer fan Melchisedek | 1740–1742 | Basilica San Lorenzo, Verolanuova | [22] | |
It finen fan Moazes | 1740–1745 | National Gallery of Victoria, Melbourne | [23] | |
Rinaldo betovere troch Armida | 1742 | Art Institute of Chicago | [24] | |
Rinaldo en Armida yn har tún | 1742 | Art Institute of Chicago | [25] | |
Armida ferlitten troch Rinaldo | 1742 | Art Institute of Chicago | [26] | |
Rinaldo en de Magiër fan Ascalon | 1742 | Art Institute of Chicago | [27] | |
Triomf fan Deugd en Ealens oer Unkunde | 1743 | Norton Simon Museum, Pasadena, Kalifornje | [28] | |
Ryk fan Flora | 1743 | Palace of the Legion of Honor, San Francisco | [29] | |
Tiid bringt Wierheid oan it Ljocht | ± 1743 | Museum of Fine Arts, Boston | [30] | |
It Banket fan Kleopatra | 1743–1744 | National Gallery of Victoria, Melbourne | [31] | |
Oanbidders | 1743–1745 | Gallerie dell'Accademia, Feneesje | ||
Apollo en Daphne | 1755–1760 | National Gallery of Art, Washington D.C. | [32] | |
Untdekking fan it Wiere Krús | ± 1745 | Gallerie dell'Accademia, Feneesje | ||
Fresko's oer Kleopatra | 1746 | Palazzo Labia, Feneesje | ||
De Ferskining fan de Jongfaam foar trije froulike dominikaanke Hilligen | 1739–1748 | Chiesa dei Gesuati, Feneesje | [33] | |
Lêste Kommuny fan Sint-Lucia | 1747–1748 | Chiesa dei Santi Apostoli, Feneesje | [34] | |
It Banket fan Kleopatra en Antonius | 1747–1750 | National Gallery of Victoria, Melbourne | [35] | |
De Ferhearliking fan de Famylje Barbaro | 1749–1750 | Metropolitan Museum of Art, New York | [36] | |
De Oerwinning fan Sint-Jakobus op de Moaren | 1749–1750 | Szépművészeti Múzeum, Bûdapest | [37] | |
Bacchus en Ariadne | 1743–1745 | National Gallery of Art, Washington D.C. | [38] |
Wurk nei 1750
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Namme wurk | Datum | Tsjintwurdige lokaasje | Keppeling nei ôfbyld |
---|---|---|---|
Fresko's | 1751–1753 | Residinsje, Würzburg | [39] [40] |
Sammeljen fan Manna | ± 1751 | Narodni muzej, Belgrado | |
Allegory fan Planeten en Kontininten | 1752 | Metropolitan Museum of Art, New York | [41] |
De Dea fan Hyacinthus | 1752–1753 | Museo Nacional Thyssen-Bornemisza, Madrid | [42] |
Oanbidding fan de Kenings | 1753 | Alte Pinakothek, München | [43] |
Kroaning fan de Jongfaam | 1754 | Kimbell Art Museum, Dallas | [44] |
De Oanstelling fan de Gonfaloniere Piero Soderini yn Florâns yn 1502 | 1754 | Switserske Ambassade, Rome | [45] |
Allegory mei Fenus en Tiid | 1754–1758 | National Gallery, Londen | [46] |
Fresko's oer de romeinske mytology | 1757 | Villa Valmarana, Vicenza | |
Sittende Man en in jong Frommis mei in Wetterkrúk | ± 1755 | National Gallery, Londen | |
De Teologyske Deugden | ± 1755 | Koninklijke Musea voor Schone Kunsten van België, Brussel | [47] |
It Martlerskip fan Sint-Agata | ± 1756} | Staatliche Museen, Berlyn | [48] |
Allegory fan Fertsjinst tegearre mei Ealens en Deugd | 1757–1758 | Museo del Settecento Veneziano, Ca' Rezzonico, Feneesje | [49] |
Sint-Thekla bidt foar de Ferlossing fan Este fan de Pest | 1759 | Chiesa di Santa Tecla, Este (Itaalje) | [50] |
It Fizioen fan Sint-Anne | 1759 | Gemäldegalerie, Dresden | [51] |
Deugd en Ealens kroane Leafde | 1759–1761 | Museum of Fine Arts, Boston | [52] |
Modello foar de Apoteoaze fan de Famylje Pisani | 1760 | Musée des Beaux-Arts d'Angers, Angers | |
Madonna fan de Putter | ± 1760 | National Gallery of Art, Washington D.C. | [53] |
Frou mei in Pappegaai | 1760–1761 | Ashmolean Museum, Oxford | [54] |
Apoteoaze fan de Famylje Pisani | 1761–1762 | Villa Pisani (La Nazionale), Stra (Itaalje) | [55] |
Sint-Karel Borroméus | 1767–1769 | Cincinnati Art Museum, Cincinnati | [56] |
De ûnbeflekte Untfinzenis | 1767–1769 | Museo del Prado, Madrid | [57] |
Gloarje fan Spanje | 1762–1766 | Troanseal fan it keninklike paleis fan Madrid | [58] |
Apoteoaze fan de Spaanske Monargy | 1762–1766 | Palacio Real, Madrid | [59] |
Fenus en Fulkanus | 1762–1766 | Seal fan Halberdiers, Palacio Real, Madrid | [60] |
Grêflizzing fan Kristus | 1769–1770 | Museu Nacional de Arte Antiga, Lissabon | [61] |
De Flecht nei Egypte | 1765–1770 | Museu Nacional de Arte Antiga, Lissabon | [62] |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Paintings by Giovanni Battista Tiepolo fan Wikimedia Commons. |