Springe nei ynhâld

Giet-Foarút

Ut Wikipedy
Giet-Foarút
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bahsakash
oare namme Goes Ahead
nasjonaliteit Kriesk
Amerikaansk
berne 1851
berteplak oan de Platte (Feriene Steaten)
stoarn 31 maaie 1919
stjerplak yn it Krieë Reservaat (Montana)
etnisiteit Kriesk
wurkpaad
berop/amt ferkenner foar it
   Amerikaanske Leger
jierren aktyf 1876
reden
  bekendheid
focht mei yn 'e
   Slach oan de Little Bighorn

Giet-Foarút (Ingelsk: Goes-Ahead; Kriesk: Bahsakash; oan 'e igge fan 'e rivier de Platte, 1851 – yn it Krieë Yndianereservaat (Montana), 31 maaie 1919) wie in Krieske kriger dy't as ferkenner yn it Amerikaanske Leger tsjinne. Yn dy hoedanichheid wied er oanwêzich en focht er oan 'e Amerikaanske kant mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, wêrby't it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in swiere nederlaach litte tsjin in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho.

Giet-Foarút waard yn 1851 berne oan 'e igge fan 'e rivier de Platte, yn wat letter de Amerikaanske steat Wyoming wurde soe. Syn namme waard ek wol oerset as Earste (First One), Giet-Earst (Goes-First), Dy't-Foarút-Giet (The One Ahead) en Komt-oan-it-Haad (Comes-Leading). Doe't er sechstjin jier âld wie, troude er mei de squaw Moai Skyld, dy't har letter ûntjaan soe ta in wichtich medisynfrou.

Tsjinst as ferkenner

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 melde Giet-Foarút himsels op 10 april 1876 by it Krieske Agintskip oan as ferkenner foar it Amerikaanske Leger. Datoangeande wied er ien fan tsientallen Krieske manlju dy't har by de Amerikanen joegen, mei't de Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, dêr't it Amerikaanske Leger tsjin focht, de tradisjonele fijannen fan 'e Krieën wiene.

Giet-Foarút soe in healjier by it Amerikaanske 7e Ynfanteryrezjimint fan kolonel John Gibbon tsjinje, mar op 21 juny waard er oerpleatst nei it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, as ien fan in ôfdieling fan seis Krieske ferkenners. De oaren wiene Blanke-Man-Regearret-Him, Krolhier, Hierrige Mokassin, Wite Swan en Heal Giel Gesicht. Dy lêste hie de lieding oer it seistal. De seis Krieën waarden tafoege oan Custer syn ferkennersienheid fan 26 Arikara, dy't ûnder befel stiene fan luitenant Charles Varnum. Mei't de krite fan 'e Bighorn harren heitelân wie, koene de Krieën it lykwols folle better as de Arikara, dy't út Noard-Dakota kamen.

Op 24 juny berjochten Giet-Foarút en syn fiif maten oan Custer dat se de spoaren fûn hiene fan troep Lakota of Noardlike Sjajinnen dy't har út 'e Delling fan 'e Rosebud nei de Delling fan 'e Little Bighorn bejûn hiene. Custer sette dy troep daliks efternei mei syn hiele rezjimint. Op 'e iere moarn fan 25 juny 1876 beselskippen de seis Krieske ferkenners Varnum en Custer nei in hichte dy't fan Crow's Nest ("Kraaienêst") neamd waard. Dêrwei koe men frij útsjen oer de Delling fan 'e Little Bighorn. De ferkenners waarden oanwizings foar de oanwêzigens fan in grutte keppel hynders yn 'e delling gewaar, en seagen de reek fan in grut tal kampfjurren, hoewol't it kamp sels net sichtber wie. Op grûn dêrfan en fan spoaren fan grutte groepen Yndianen dy't se yn 'e direkte omkriten fûn hiene, warskôgen se Custer dat it om in útsûnderlik grut kamp gie. Dyselde besleat likegoed om daliks oan te fallen, mei't er bang wie dat de oanwêzigens fan it rezjimint al opmurken wie, en dat de Lakota en Sjajinnen alle kanten útspatte soene as er se net fluch ta in fjildslach twong.

Eardere Yndiaanske ferkenners besykje yn 1913 it slachfjild fan 'e Little Bighorn. F.l.n.rj. Blanke-Man-Regearret-Him, Hierrige Mokassin, Krolhier en Giet-Foarút.

Om't se oertsjûge wiene dat de slach net te winnen wie, begûnen de seis ferkenners harren legerunifoarmen út te dwaan. Doe't Custer witte woe wat dat moast, fertelden se him dat se as krigers stjerre woene en net as soldaten. Dat antwurd skeat Custer yn it ferkearde kielsgat, mei't er it as fatalisme beskôge. Sadwaande ûnthefte er likernôch in oere foar it begjin fan 'e Slach oan 'e Little Bighorn Giet-Foarút en de oare fiif ferkenners út harren tsjinst. Dêrmei rêde er harren it libben, want de slach wie yndie net te winnen, en Custer sels en it grutste part fan syn mannen waarden troch in oermacht oan Lakota, Sjajinnen en Arapaho op in heuvel besingele en oan 'e lêste man ta útrûge.

Under de slach loek Giet-Foarút him yn 'e mande mei Blanke-Man-Regearret-Him, Hierrige Mokassin en Slacht-Dy-Bear, in Arikara-ferkenner, by de heuvelrêch lâns werom, en joech him by de trije kompanjyen fan it 7e Kavaleryrezjimint dy't ûnder befel fan majoar Marcus Reno de súdkant fan it Yndiaanske kamp oanfoelen. Hja waarden koart yn 'e slach behelle, mar oerlibben dat treffen. Nei de Amerikaanske nederlaach joegen Giet-Foarút-en-dy har by de troepen fan kolonel John Gibbon, dy't harren op 4 july út militêre tsjinst ûntsloech.

Letter jierren en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid fêstige Giet-Foarút him yn it Krieë Yndianereservaat, deunby it slachfjild, dêr't er mei syn frou in gesin grutbrocht. Om 1905 hinne waard er dêr ynterviewd troch skiedkundige en fotograaf Edward S. Curtis, dy't as earste in histoarysk akkuraat ferslach fan 'e Slach oan de Little Bighorn skreau dat bedoeld wie foar in breed publyk. Likegoed hold Curtis de kontroversjelere dielen fan it ferhaal fan Giet-Foarút benefter, en dy soene pas iepenbier wurde doe't Curtis syn oantekenings yn 'e 1990-er jierren yn har folsleinens publisearre waarden. Giet-Foarút stoar yn 1919 en waard begroeven op it begraafplak fan it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn. Neitiid waard syn widdo Moai Skyld in faak befrege boarne fan ynformaasje oer de Slach oan 'e Little Bighorn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.