Gemeentlike weryndielings yn Nederlân

Ut Wikipedy
Kaart fan Nederlân yn 1812, ynkleure op grûn fan it jiertal dêr't se yn opheft waarden.

Yn Nederlân hawwe der sûnt de njoggentjinde iuw gemeentlike weryndielings west dêr't it tal gemeenten sterk by weromrûn is. Dy weryndielings waaredn oanset omreden it fersterkjen fan 'e bestjoerskrêft of it waaksen fan in plak. Ynearsten bleau it tal weryndielings beheind, mar fan de 1970-er jierren ôf naam it tal weryndielings fluch ta. Dy weryndielings Yn 1851 wiene der 1209 gemeenten en yn 2024 wiene der 342 gemeenten, mei Karibysk Nederlân ynbegrepen.

Definysje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De yn 1984 ynfierde Wet algemiene regels weryndieling ûnderskiedt trije typen weryndielings:

  • By in reguliere gearfoeging wurde alle belutsen gemeenten opheft en in nijen ien oprjochte.
  • By in lichte gearfoeging wurde net alle belutsen gemeenten opheft, mar wurde de ophefte gemeenten yntegrearre yn 'e net ophefte gemeenten.
  • By in grinswiziging wurde der gjin gemeenten opheft, mar wurdt it grûngebiet fan gemeenten wizige dêr't it ynwennertal fan op syn minst ien belutsen gemeente mei 10% by ôf- of tanimt.

Wizigings fan gemeentegrinzen dêr't it ynwennertal gjin 10% by ôf- of tanimt wurde yn 'e wet"grinskorreksjes" neamd en falle dêrbûten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 maaie 1798 waard it steatsrjochtlike begryp "gemeente" foar it earst yn Nederlân yntrodusearre by de Steatsregeling 1798 yn 'e snuorje fan 'e Bataafske Republyk. Yn 1811 nei't Nederlân by it Earste Frânske Keizerryk anneksearre waard, waard oantrûnd op in minimumtal ynwenners fan 500, mei it stribjen nei 2000. Nettsjinsteande it winskjen en foegje gemeenten byinoar, slagge dat systematysk op Nederlânsk grûngebiet net. De Gemeentewet fan 1851 hjitte in minimum fan 25 kiesgerjochtigen de gemeente, dy't allinnich belestingbeteljende manlju wiene. Yn tsien jier ferdwûnen der 74 gemeenten.

It tal weryndielings naam sûnt 1970 fluch ta. Sûnt d e1970-er jierrem hat de Nederlânske oerheid ynset op desintralisaasje, dêr't taken oan de gemeenten by oerdroegen waarden. Om't der tocht waard dat lytse gemeenten net genôch bestjoerskrêft hiene foar sokke taken, waard ynset op it gearfoegjen fan gemeenten. Yn 'e iere 1980-er jierren wie in ynwennertal fan op syn minst 5000 de rjochtline by weryndielings. Yn 'e 1990-er jierren kamen der taken by. Troch de diskusje oangeande sintrumgemeenten waard ek nei stedske en regionale foarsjenningenivo's en sêdeboukundige ûntjouwings sjoen. Under it kabinet-Kok II ein jierren 90 waard it stribjen nei it minimumtal ynwenners ferhege ta 25.000.

By de Twadde Keamerferkiezings 2002 wie Pim Fortuyn foar it ôfskaffen fan gemeentlike weryndielings. Under ynfloed fan de LPF besleat it kabinet-Balkenende I en trúnje net mear oan om weryndielings fan boppe ôf op te lizzen. Plande weryndielings yn 'e Achterhoeke mochten trochgean. Nettsjinsteande dat late dat belied net ta it ôfnimmen fan it tal gemeentlike weryndielings.

Under it kabinet-Rutte II (2012-2017) waard fannijs in soad taen desintralisearre, benammen op sosjaal mêd. Minister fan Ynlânske Saken Ronald Plasterk rôp doe op it minimumtal ynwenners te ferheegjen ta 100.000 moar moast dat letter oanpasse.

Stipe ûnder de befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gearfoegjen fan gemeente hat net altyd in soad stipe fan de ynwenners, benammen út lytse gemeenten wei dy't by grutte gemeenten foege wurde. Nei de miening fan de befolking waard yn it ferline sels net nei harke, sels by referindums. In foarbyld is de weryndieling fan Vleuten-De Meern by Utert. Yn 1996 waard by in referindum, by in opkomst fan 83%, 98% tsjin it weryndielen útspriek. Dochs barde de weryndieling mei yngong fan 1 jannewaris 2001.

Hoewol't it hjoeddeistige belied derop rjochte wurdt dat weryndielings barre mei mei it goedkarren fan 'e gemeenten sels, kin it noch wêze dat in gemeente tsjin syn sin yn weryndield wurdt, bygelyks as de saneamde bestjoerskrêft fan in lytse gemeente net genôch w$ze soe. Yn 'e Rânestêd wurdt gauris oantrune en twing gemeenten (Diemen, Rijswijk, Skiedam) by need yn te liivjen by grutte stêden.

Gefolgen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut ûndersyk fan it "Sintrum foar ûndersyk fan de ekonomy fan de legere oerheden" (Coelo) yn 2014 bliek dat gemeentlike weryndielings net ta it besparjen fan kosten liede. Nei in weryndieling sakket de opkomst by gemeenteriedsferkiezings mei in trochsneed fan 2,5%.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel as foar in part in oersetting fan de Nederlânske side, sjoch foar de bewurkingskiednis, boarnen en noaten op [[:nl}Gemeentelijke herindelingen in Nederland]]