Springe nei ynhâld

Geldermalsen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Geldermalsen (stêd))
Geldermalsen
De buorren fan Geldermalsen mei Suitbertustsjerke
De buorren fan Geldermalsen mei Suitbertustsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Gelderlân
gemeente West Betuwe
Sifers
Ynwennertal 10.860[1]
Oar
Postkoade 4190-4191
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 52' 44" NB, 5° 17' 23" EL
Kaart
Geldermalsen (Gelderlân)
Geldermalsen

Geldermalsen is in doarp en grutste kearn yn de gemeente West Betuwe yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. Op 1 jannewaris 2021 hie Geldermalsen 10.860 ynwenners. It gemeentehûs fan West Betuwe stiet yn Geldermalsen.

Geldermalsen leit yn de westlike hoeke fan de provinsje Gelderlân en leit sintraal yn it part fan de Betuwe dat de Tielerwaard hjit. De hiele noardkant fan Geldermalsen grinzet oan de rivier de Linge; oan de oare kant fan it wetter lizze de lytsere doarpen Tricht en Buurmalsen. Yn it suden grinzet Geldermalsen oan it doarp Meteren.

In grut part fan it sintrum fan Geldermalsen leit bûten de diken oan de kant fan de rivier.

Wichtige plakken yn de omkriten fan Geldermalsen binne Tiel, Buren, Culemborg, Leerdam en Zaltbommel.

De Sintrum- of Suitbertustsjerke yn it sintrum fan Geldermalsen. (foto: 2014)
De Watermolen út 1772. (foto: 2008)

Geldermalsen wurdt foar it earst neamd yn in oarkonde fan 12 augustus 850. It neamt Uberan Malsna (letter Bovenmalsen/Malsen Superior neamd), wêrmei't it hjoeddeiske Buurmalsen bedoeld wurdt. Dêrmei kin dêrfan útgean wurde dat der ek in Nedermalsen/Malsen Inferior wie. Yn lettere argyfdokuminten wurdt Geldermalsen ûnder oaren neamd ûnder de nammen Burchmalsen, 's-Hertogenmalsen, Gelremalsen, Geldermalssum, Geldermalssen en Geldermalsem. It ferskil tusken de nammen Buurmalsen en Geldermalsen is te ferklearjen omdat Buurmalsen ta it greefskip Buren hearde en Geldermalsen ta it hartochdom Gelre.

Yn it sintrum stiet de letgoatyske tsjerke út de 15e iuw, ek wol Sintrum- of Suitbertustsjerke neamd. De toer fan de tsjerke komt út de twadde helte fan de 13e iuw en is yn de 15e iuw ferhege mei in flier foar klokken fersierd mei spitsbôge nissen. De klokkestoel en klok komme út 1460 en yn de tsjerke stiet in doopfont dy't út 15e-iuw komt.

Yn de 17e iuw kamen lju fan de aadlike famylje út Seelân mei de namme Van Borssele nei Geldermalsen. Dy famylje hat ferskate generaasjes lang it bestjoerlik oerwicht hân. Jacob van Borssele wie de earste hear fan Geldermalsen en krige in wyt moarmeren grêf yn de Sintrum- of Suitbertustsjerke.

Jan van Borssele waard direkteur fan de VOC, en neamde in spegelretoerskip nei Geldermalsen. De Geldermalsen sonk yn 1752 mei in ekstreem weardefolle lading yn de Súdsineeske See en waard yn 1984 rêden.

Yn 1772 waard bûten it doarp poldermûne De Watermolen boud.

Yn 1848 waard nôtmûne De Bouwing der ek by boud.

Fan 1838 oant 1934 wie der yn Geldermalsen in kantongerjocht. It hof krige yn 1883 in eigen gebou, ûntwurpen troch J.F. Metzelaar en syn soan W.C. Metzelaar.

Yn 1949 waard de Roomsk-Katolike Sint-Suitbertustsjerke boud nei in behindich ûntwerp fan arsjitekt C.H.B. Dionisius. Yn 1955 waard de Herfoarme Tsjerke boud nei in achthoekich ûntwerp fan arsjitekt Egbert Reitsma.

Op 31 jannewaris 1995 moasten de ynwenners 5 dagen it doarp út fanwegen it hege wetterpeil fan de Maas en de Waal.

Op 16 desimber 2015 bruts der in rebûlje út yn it doarp omreden it bouwen fan in asylsikerssintrum. De rebûlje begûn as in protest tsjin it asylsikerssintrum en feroare al rillegau yn in rebûlje, dêr't besocht waard it gemeentehûs te bestoarmjem.

Doarpsútwreidingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Loftfoto fan Geldermalsen (foto: likernôch 1920-1940), Nederlânsk Ynstitút foar Militêre Skiednis.

Oarspronklik bestie it doarp Geldermalsen allinnich út it sintrum fan Geldermalsen en it buorskip 't Rot, itjinge hjoed-de-dei it eastelike diel is fan Geldermalsen. It sintrum fan Geldermalsen en 't Rot lizze sa'n 1,5 kilometer útinoar en binne noch altyd ferbûn troch de Willem de Zwijgerweg. Yn de rin fan de tiid is it doarp flink útwreide. Yn gronologyske folchoarder mei de folgjende distrikten:

  • Villa part Stasjonswyk (jierren 1920)
  • Túndoarp (jierren 1930)
  • Oranjebuert (jierren 1940)
  • Rivierenwyk (jierren 1950)
  • Emmawyk (jierren 1960)
  • Stasjonsdistrikt (jierren 1960)
  • Staatsliedenbuert (jierren 1970)
  • Hege Hoeven (jierren 1970)
  • Beamkamp (jierren 1980)
  • Middengebiet (jierren 1990)
  • Kalenberg (jierren 1990)
  • Stienfliet (jierren 2000)
  • Lingedonk (jierren 2020)
  • De Plantage (jierren 2010/2020)

Polityk en Bestjoer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gemeentlikbestjoer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geldermalsen is it haadplak fan de gemeente West Betuwe. It gemeentebestjoer sit yn it gemeentehûs fan de eardere gemeente Geldermalsen.

Wapen fan Geldermalsen

It wapen fan Geldermalsen waard op 24 desimber 1918 yn gebrûk nommen. De offisjele beskriuwing lêst: "In keel 19 besanten van goud, geplaatst 4,4,4,4,3. Het schild gedekt meteen gouden kroon fan 3 bladeren en 2 parelpunten." De besanten binne oernommen út it wapen fan Bentheim .

Ekonomy en wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de sintrale lizzing is Geldermalsen in lokaasje foar bedriuwen, dy't in soad bedriuwen oanlûkt. Yn Geldermalsen sitte ûnder oaren it lanlik distribúsjesintrum fan de Blokker en in sintrum fan de Albert Heijn.

De Chamotte Unie wie fan 1919 oant 1982 fêstige yn Geldermalsen. It bedriuw wie lange tiid de grutste fabrikant fan fjoerwurkmateriaal yn Nederlân.

Der binne ferskate winkels yn it sintrum. Der is elke freed oant 21.00 oere keapjûn. De wyklikse merk is freedtemoarn fan 8.00 oere oant 13.30 oere.

De Linge by Geldermalsen (foto: 2004)

Yn de maitiid binne de fruithôven bylâns de Lingediken in grutte attraksje foar deitoeristen. Alle jierren wurde de Nasjonale Reade Krús Blommetocht en de Betuwske Maitiidstocht organisearre út Geldermalsen wei.

Geldermalsen hat ek in jachthaven.

Basisûnderwiis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Geldermalsen binne fiif basisskoallen:

  • De Morgenster
  • D'n Bogerd
  • Jan Harmenshof
  • Oranje Nassauschool
  • Rehobothschool

Middelbere skoalle

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Geldermalsen binne twa middelbere skoallen:

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De autodyk A15 rint súdlik en de A2 westlik fan it doarp. De N327 ferbynt it doarp mei beide autodiken.

De N833 ferbynt Geldermalsen mei Buurmalsen en Culemborg.

Stasjon Geldermalsen (foto: 2004)

Yn Geldermalsen is sûnt 1868 in spoarstasjon. It stasjon leit oan de spoarlinen Utert - De Bosk en oan de Betuweline.

Sûdlik fan Geldermalsen rint parallel oan de A15, de Betuwerûte.

Rivier ferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Lingebrêge yn Geldermalsen (foto: 2007).

Der lizze trije brêgen oer de Linge yn Geldermalsen. De Lingebrêge, de Julianabrêge en de Spoarbrêge oer de Linge.

Tichteby it sintrum fan it doarp leit de Lingebrêge, de dyk oer dy brêge ferbynt Geldermalsen mei Buurmalsen en Culemborg.

Eastlik fan it doarp leit de Julianabrêge, dy't Geldermalsen ferbynt mei Erichem en Buren.

Ek is der de Spoarbrêge oer de Linge, dy't Geldermalsen mei Tricht ferbynt.

Geldermalsen hat ferskate tsjerklike gemeenten, wêrfan't trije grifformearde tsjerken, in roomsk-katolike tsjerke en twa protestantske tsjerken wêrfan't der ien in grifformearde tsjerke is en ien in herfoarme tsjerke is.

Geldermalsen leit yn de saneamde Bibelgurdle. Opmerklik binne de grutte tsjerke fan de Grifformearde Gemeente (Betheltsjerke) en de saneamde tsjerkepleats fan de Ald-Grifformearde Gemeente.

Oan de Meersteech leit in lyts joadsk begraafplak .

Ferneamde bewenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Geldermalsen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wenne yn Geldermalsen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel as foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige wikipedyside; sjoch foar boarnen en de bewurkingsskiednis op nl:Geldermalsen (plaats)