Johan Frederik Metzelaar
Johan Frederik Metzelaar | ||
Johan Frederik Metzelaar | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 21 july 1818 | |
berteplak | Rotterdam | |
stoarn | 22 jannewaris 1897 | |
stjerplak | Skeveningen | |
wurkpaad | ||
berop/amt | arsjitekt | |
bekendste wurk(en) |
justysjele bouwurken en de (koepel)finzenissen |
Johan Frederik Metzelaar (Rotterdam, 21 july 1818 - Skeveningen, 22 jannewaris 1897) wie in Nederlânsk arsjitekt en yngenieur. Hy waard ynternasjonaal ferneamd mei syn ûntwerpen foar de koepelfinzenissen yn Arnhim en Breda.
Beheinde biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Metzelaar waard berne en grutbrocht yn Rotterdam, yn in Nederlânsk-herfoarme hûshâlding mei fiif bern. Syn heit wie kastelein en ek betsjinner. Fan 1833 ôf oan wie Metzelaar timmermansfeint. Teffens folge er lessen oan de tekenskoalle fan it Rotterdamsk genoatskap ‘Hierdoor tot Hooger’. Fan 1870 oant 1886 wie er 'haadyngenieur fan de finzenissen en rjochtsgebouwen by it Departemint fan Justysje. Op 1 jannewaris 1886 folge syn soan Willem Cornelis Metzelaar him yn dy funksje op.
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
-
Koetsiershûs yn Feanhuzen
-
Sipierswenten, Hereweg, Grins
-
Kantongerjocht Súdhorn, 1883
-
Winkelhûs Bunnekamp & Mähler, Grote Markt, Rotterdam.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Metzelaar wie de learmaster fan arsjitekt J.H. Leliman.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Johan Metzelaar fan Wikimedia Commons. |