Springe nei ynhâld

Willem Cornelis Metzelaar

Ut Wikipedy
Willem Cornelis Metzelaar
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 9 augustus 1849
berteplak Rotterdam
stoarn 18 augustus 1918
stjerplak De Haach
wurkpaad
berop/amt arsjitekt
jierren aktyf 1872-1913
bekendste
  wurk(en)
justysjele bouwurken en de (koepel)finzenissen
prizen Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
Koepelfinzenis Breda
Koepelfinzenis (Haarlim), ûnder de bou
Kruisberg Doetinchem Ferbliuwsgebou 'De flat' út 1899 (2015)

Willem Cornelis Metzelaar (Rotterdam, 9 augustus 1849 - De Haach, 18 augustus 1918) wie in Nederlânsk arsjitekt en yngenieur.

As haadyngenieur fan de finzenissen en rjochtsgebouwen by it departemint fan justysje wie er ferantwurdlik foar de oprjochting fan in tal justysjele gebouwen. Hy wie de ûntwerper fan (û.o.) trije straffinzenissen, fjouwer opfiedingsgestichten, fjouwer tuchtskoallen, fiif rjochtsgebouwen, fjirtjin huzen fan bewar en 27 kantongerjochten. Fan de 124 ta ryksmonuminten ferklearre gebouwen yn it kompleks Feanhuzen binne der 74 troch Metzelaar ûntwurpen en 5 troch syn heit.

Metzelaar wie in soan fan arsjitekt Johan Frederik Metzelaar. Hy studearre boukunde en sivile techniyk oan de Polytechnyske Skoalle yn te Delft. Nei syn stúdzje tsjinne er in skoft by de Steatsspoarwegen. Dêrnei wie er tusken 1872 en 1883 gemeente-arsjitekt yn de gemeente Dimter. Der briek in nije tiid oan foar him doe't er yn 1883 assistint fan syn heit waard. Dy wie doe al in stikmannich jierren haadyngenieur by it ministearje fan Justysje. Yn 1886 folge er syn heit yn dy funksje op. Yn de perioade dat heit en soan de septer swaaiden oer de justysjele arsjitektuer waard der enoarm protte boud. In wichtige reden dêrfoar wie de ynfiering fan in nij Wetboek fan Strafrjocht yn 1881. Metzelaar jr. waard yn 1913 op eigen fersyk earfol ûntslein. Fiif jier letter soe er wei reitsje. Willem Cornelis Metzelaar waard beïerdige op it begraafplak Nieuw Eykenduynen yn De Haach.

In kar:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Willem Cornelis Metzelaar fan Wikimedia Commons.