Gareth Jones

Ut Wikipedy
Gareth Jones.

Gareth Richard Vaughan Jones (berne yn Barry yn Wales op 13 augustus 1905 – ferstoarn op 12 augustus 1935 yn Binnen-Mongoalje) wie in Welske sjoernalist, dy't yn maart 1933 foar it earst yn 'e Westerske wrâld sûnder omhaal en ûnder eigen namme ferslach die oer de tekoarten oan iten en de Holodomor yn 'e Sovjet-Uny fan 1932–1933.

Jones waard yn 1929 in profesjonele freelance ferslachjouwer en levere artikels foar ferskillende kranten en tydskriften. Yn jannewaris 1930 waard er oannommen as adviseur bûtenlânske saken fan it Britske parlemintslid en de eardere premier David Lloyd George. Jones moast Lloyd George û.o. helpe by de tarieding foar taspraken en debatten fan 'e politikus en dat betsjutte ek in pear reizen nei it bûtenlân.

Ein jannewaris en begjin febrewaris 1933 wie Jones tsjûge fan 'e nasjonaalsosjalistyske machtsoername yn Dútslân. Jones wie ien fan 'e earste bûtenlânske sjoernalisten dy't mei Hitler op 23 febrewaris yn 'e Junkers Ju-52/3m "Richthofen" meifleach, doe't er Hitler en Goebbels beselskippe nei Frankfurt, dêr't er foar de Welske krante Western Mail rapportearre oer it wolkom fan 'e nije bûnskânsler yn 'e stêd. Hy skreau doe yn krante dat as it fleantúch doe delstoart wie, soks de skiednis fan Europa feroare hawwe soe.

Jones hie yn 1931 anonym yn 'e Times skreaun oer de hongersneed yn 'e Oekraïne en Súd-Ruslân. Nei in tredde besite oan 'e Sovjet-Uny skreau er ûnder eigen namme op 29 maart 1933 in parseberjocht, wêryn't er de grutte hongersneed mei grutte krektens beskreau.

Sovjet-Uny 1933[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Holodomor.

Yn 1932 hie Jones al twa kear yn 'e Sovjet-Uny west: trije wiken yn 'e simmer fan 1930 en in moanne yn 'e simmer fan 1931. Fan syn ûnderfinings dêr die er ferslach yn it Westen. Sa publisearre er yn 1930 anonym trije artikels ûnder de titel "The Two Russias" yn 'e Times. Yn 1931 folge der wer in rige fan trije artikels yn 'e Times ûnder de titel "The Real Russia", ek anonym mar hieltiten eksplisiter en weryn ek skreaun waard oer de honger fan boeren yn 'e Oekraïne en it suden fan Ruslân.

Berjocht yn it Berliner Tageblass fan 31 maart 1933 oer de troch Jones rapportearre hongersneed.

Yn maart 1933 besocht er de Sovjet-Uny foar de tredde en lêste kear. Op 10 maart mocht er fanút Moskou nei de Oekraynske Sosjalistyske Sovjetrepublyk reizgje. Hy stapte lykwols 65 km foar de foar him regisearre bestimming út de trein en rûn op eigen manneboet fierder de Russyske Sovjet-grins oer nei de Oekraïne. Wylst er allinne fierder reizge skreau er yn deiboeken oer de troch de autoriteiten feroarsake hongersneed, dêr't er tsjûge fan wie. By syn weromkommen yn Berlyn op 29 maart 1933 brocht er in parseberjocht ûnder eigen namme út, dat troch in soad kranten lykas The Guardian en New York Post publisearre waard:

"Ik rûn troch doarpen en lâns tolve kollektive pleatsen. Oeral wie it: "Der is gjin bôle, wy stjerre". Dat wie yn alle dielen fan Ruslân sa, yn 'e Wolga-krite, Sibearje, Wyt-Ruslân, de Noardlike Kaukasus en Sintraal-Aazje. Ik swalke nei de swarte-ierderegio, dy't ea de rykste lânbougrûn fan Ruslân hie en dêr't it foar korrespondinten ferbean wie om hinne te gean om mei eigen eagen te sjen wat dêr bart. Yn 'e trein sei in kommunist dat der gjin honger wie. Ik smiet doe de koarste fan myn bôle út myn eigen foarried yn 'e kwispeldoas en in boer fiske dat der gau út en iet it begearich op. Ik smiet in skyl yn 'e kwispeldoar en de boer snaaide dy der ek út en friet dy gau op. De kommunist swijde. Ik oernachte yn in doarp, dat eartiids 200 oksen hie en no noch mar seis. De boeren frieten fan it feefoer en hiene noch mar foar in moanne foarried. Se fertelden dat der al in soad minsken fan honger omkommen wiene. Twa soldaten kamen in dief oppakken, hja warskôgen my foar it nachtlik reizgjen, om 't der tefolle úthongere wanhopige manlju wiene. "Wy wachtsje op 'e dea" wie myn wolkom, "mar sjoch, wy ha noch altiten it feefoer. Reizgje fierder nei it suden, dêr ha se hielendal neat mear." Se skriemden dat in soad hûzen dêr leech steane, om 't de minsken al dea binne."

Gareth Jones op 'e betinkingsposter fan 'e Holodomorbetinking op 28 novimber 2015.

De yn Moskou wenjende Amerikaanske sjoernalist Walter Duranty ferklearre dat it ferslach ûnsin wie. Duranty hold de wierheid ûnder it kleed om sa it diktatoariale Sovjet-rezjym te behagen. Op 31 maart publisearre The New York Times de ûntkenning fan Duranty ûnder de kop Russians Hungry, But Not Starving, dy't op it ferslach fan Jones lekskoaide as wie it in skrikferhaal.

Yn Duranty's artikel ûntkenden boarnen út it Kremlyn it bestean fan in hongersneed. In diel fan 'e kop fan The New York Times skreau: "Russyske en bûtenlânske waarnimmers yn it lân sjogge gjin reden foar foarspellings fan rampen".

Op 11 april 1933 publisearre Jones in detaillearre analyse fan 'e hongersneed yn it Financial News. Dêryn wiisde er op de wichtichste oarsaken: de twongen ûnteigening fan partikuliere buorkerijen, it ferwiderjen fan 'e 6 oant 7 miljoen bêste krêften (de Kûlakken) fan harren lân, de opleine foarderings fan nôt en fee en de tanommen eksport fan iten út de Sovjet-Uny.

Yn in persoanlike brief oan Lloyd George fan Maksim Litvinov, de minister fan Bûtenlânske Saken mei wa't Jones yn Moskou in fraachpetear hân hie, waard it Jones ferbean ea noch in besite oan 'e Sovjet-Uny te bringen.

Nei syn artikels oer de de hongersneed wie it foar Jones dreech om noch wurk te finen yn 'e serieuze sjoernalistyk, mar hy slagge der yn om in fraachpetear te regeljen mei de Amerikaanske parsemagnaat William Randolph Hearst. Hearst publisearre it ferslach fan Jones oer de Oekraine, lykas hy dat ek die mei itselde tsjûgeferslach fan de teloarstelde Amerikaanske kommunist Fred Beal. Ek regele Hearst foar Jones in reis troch de Feriene Steaten om dêr de saak buorkundich te meitsjen.

Reis nei it Fiere Easten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't it Jones ferbean wie om op 'e nij de Sovjet-Uny yn te reizgjen, ferliet er Grut-Brittanje yn 1934 foar in Round-the-World Fact-Finding Tour. Hy gie earst nei Japan, dêr't er ferskillende fraachpetearen mei militêre en politike lieders hie. Dêrnei reizge er nei Peking en sa fierder nei de Sineeske regio Súd-Mongoalje, dêr't er in fraachpetear hie mei de Súd-Mongoalske ûnôfhinklikheidslieder Demchugdongrub. Hy gie fierder nei Dolonor, tichteby de grins fan it troch Japan besette Manchukuo en waard beselkippe fan 'e Dútske sjoernalist Herbert Müller. De twa waarden troch Japanske troepen fêstholden en hja krigen te hearren dat der trije rûtes werom wiene nei de Sjineeske stêd Kalgan, wêrfan der mar ien feilich wie.

Untfiering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jones en Müller waarden lykwols troch banditen pakt, dy't dêrnei losjild yn 'e foarm fan fjoerwapens en jild easken. Müller waard al nei twa dagen wer frijlitten om it beteljen fan it losjild te regeljen. Wylst de heit fan Jones op 1 augustus noch in telegram krige dat Jones goed behannele waard en ynkoarten frijlitting ferwachte, skreau The Times op 5 augustus dat de ûntfierders him ferhûzen nei in gebiet dat 16 km súdeastlik fan Kuyuan lei. Twa dagen letter waard er nei Jehol brocht. Op 8 augustus waard bekend dat de earste groep ûntfierders Jones oerdroegen hiene oan in twadde groep en dat der no in folle heger bedrach oan losjild easke waard. Sawol it Sineeske as it Japanske regear besochten om 'e nocht kontakt te krijen mei de ûntfierders.

Op 16 augustus 1935 fûnen de Sineeske autoriteiten it lichem fan Jones mei trije skotwûnen. Hja gyngen der fan út dat er op 12 augustus, de dei foar syn jierdei, fermoarde wie. Guon tinke dat de NKVD dêr efter siet, as wraak foar de skande dy't er it Sovjet-rezjym besoarge hie, mar oaren, lykas syn offisjele biograaf Margaret Siriol Colley, wize op Japanske dieders.

Nei syn dea sei de eardere Britske premier David Lloyd George:

"Dat diel fan 'e wrâld is in tsjettel fan striid en konflikt en belutsen belanghawwenden wisten nei alle gedachten dat Gareth Jones tefolle wist wat der oan 'e hân wie. Hy wie tige besiele om te ûntdekken wat der yn frjemde lannen barde, wêr't ek mar wat oan 'e hân wie, en gie by syn ûndersyk gjin risiko út 'e wei. Ik ha altiten benaud west dat er ienris in risiko tefolle naam. Der misgie him neat by syn observaasjes en hy liet him troch neat beheine as er tocht dat der noch wat wie, dêr't er efter komme koe. Hy hie in hast folsleine jefte om ta saken troch te kringen dy't der ta diene.

Media[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2008: Dokumintêre Zjyvi (Живі, 'De Libbenen') fan Sergey Bukovsky
  • 2012: Dokumintêre Hitler, Stalin and Mr Jones fan George Carey.
  • 2019: Bioskoopfilm Mr Jones fan Agnieszka Holland mei James Norton yn 'e haadrol.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis en:Gareth Jones (ferzje 6 jannewaris 2023)