Folksliet
In folksliet is in oer it algemien patriotistysk ferske dat faak de skiednis, tradysjes en swierrichheden fan in folk of mienskip besjongt, al dan net gearfallend mei of yn in steatkundich ferbân.
In folksliet is dus net bûn oan grinzen, in folk of naasje sûnder eigen steat of mei selsbestjoer kin ek in folksliet hawwe, lykas in krite, stêd of doarp.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Folkslieten kamen yn de 18e en 19e iuw op. It wie ûnder ynfloed fan de Romantyk en it nasjonalisme yn Jeropa dat folken en steaten in eigen folksliet keazen. Mar guon folkslieten binne folle âlder, bygelyks Het Wilhelmus fan Nederlân (1568-1572), it God Save the Queen fan it Feriene Keninkryk (1745) en La Marseillaise fan Frankryk (1795).
In liet kin in folksliet wurde troch it fêstlizzen fan it ferske yn in grûnwet, troch in wet of gewoan troch tradysje. Folkslieten hawwe oer it algemien in stik as wat eigenskippen dy’t by it grutste part fan de folkslieten werom komme. Der moat dan tocht wurde oan it tempo fan it folksliet, faak in marstempo, en in relatyf koart en ienfâldige meldij.
Guon lannen foarmje in steatebûn, bygelyks Ruslân of it Feriene Keninkryk. Al dy ferskate lannen hawwe yn de measte gefallen dan ek noch harren eigen folksliet. It komt faak foar dat twa lieten in folksliet-eftige funksje hawwe, mei ien liet rjochte op it regear en it folk, wylst it oare rjochte is op it gebiet. Denemark is lykwols it ienige lân dat ek offisjeel twa folkslieten hat.
Mei de opkomst fan ynternasjonale organisaasjes binne der ek ynternasjonale folkslieten ûntstien. Sa hat de Jeropeeske Uny it deuntsje fan Ode an die Freude (Oade oan de Freugde) fan it Njoggende Symfony fan Ludwig van Beethoven as folksliet.
Frysk folksliet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ierste gegevens oer sang en liet yn Fryslân binne fan koart nei 1500. Jancko Douwama berjochtet oer it sjongen op Aldjiersjûn yn Ljouwert. Ut it sitaat blykt, dat dizze lieten in Nederlânske tekst hienen. Der moat dan ek oannomd wurde dat oant de opkomst fan de Fryske Beweging it folksliet yn Fryslân itselde repertwaar omfette as earne oars yn Nederlân.
De lieteboekjes en lietebledsjes, ek yn Ljouwert, It Hearrenfean en Snits drukt, brochten Nederlânske teksten op faak ynternasjonale meldijen ûnder it folk. Op Skylge soenen net safolle folkslieten mear bekend wêze sûnder de ynfloed fan de Overtoomske Merkskipper (ek yn Fryslân printe). Sokke boekjes hawwe ek har spoaren efterlitten yn de Wâlden, mar de bierpsalmen binne dêr tradisjoneel wurden, trochdat de befolking der yn de ûngetiid en de turfmakkerij yn Grinslân en Drinte mei yn oanrekking kaam. De streek om de Burgumer Mar is in troch Dam Jaarsma ûntdekt en mei súkses eksploitearre Folkslieteilân, wêrfan diels noch Midsiuwske Folkslieten ek yn it bûtenlân de oandacht fregen. Publikaasje fan dit unike materiaal stie op it program fan de Fryske Akademy. Tsjibbe Gearts van der Meulen, Waling Dykstra, Johan Winkler en Nynke fan Hichtum samlen al yn de 19e iuw it Folksliet yn Fryslân.
It Fryske Folksliet is sûnt 1875 (oprjochting tinkteken yn Grou) Eeltsje Halbertsma syn De Alde Friezen, ek wol: Frysk Bloed. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard pleite foar in oar Frysk Folksliet, wêrby't meat tocht waard oan It Heitelân, in liet út 1900-1901 fan Jan Linses van der Burg, op muzyl fan J. Lindeman. De diskusje hat gjin risseltaat hân. De wurden fan It Heitelân binne better en minder ferâldere, mar de meldij fan De Alde Friezen joech de trochslach.
Gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In steatsfolksliet wurdt tradisjoneel spile by de ûntfangst fan in steatshaad, by it earen fan de oerwinner fan in ynternasjonale sportwedstriid en by soartgelikense plechtichheden, al as net offisjeel. By it spyljen fan it folksliet wurde harkers achte oerein te kommen. It is gebrûklik dat de minsken dy’t út it lân fan it folksliet komme, of harren besibbe fiele mei it folksliet, mei sjonge. Is de gelegenheid in betinking, dan saluearje militêren dy't troch it folksliet fertsjintwurdige wurde, wylst oaren stil binne. Is de gelegenheid in fiering, dan sjonge dejinnigen dy't fertsjintwurdige wurde troch it folksliet mei it liet mei.
Utlanners sjonge net mei by it folksliet fan in oar. Yn guon lannen is it wênst om de rjochterhân op it hert te lizzen. Ek is it wênst om petten, hoeden en sok soart saken ôf te nimmen.
Meast wurde mar ien kûplet, soms twa kûpletten spile, en songen, al binne de measte folkslieten langer as dat. Yn guon lannen wurdt it folksliet alle dagen oan it begjin fan de skoaldei songen. In protte radio- en telefyzjestjoerders begjinne harren útstjoeringen alle dagen mei it folksliet en einige der ek mei. Guon lannen hawwe in keninklik folksliet, in presidinsjeel folksliet, in steatsfolksliet, ensfh. foar ferskate gelegenheden.
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It folksliet fan Nederlân, Het Wilhelmus, is it âldste folksliet fan de wrâld. It waard skreaun tusken 1568 en 1572.
- God Save the King, it folksliet fan it Feriene Keninkryk feroaret alle kearen as it geslacht fan it steatshaad ek feroaret.
- Yn it Folksliet fan Súd-Afrika steane wurden út fiif ferskate talen (it Xhosa, Zûlû, Súdlik Sotho, Afrikaansk en Ingelsk).