Springe nei ynhâld

Family Weekend

Ut Wikipedy
Family Weekend
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Benjamin Epps
produsint Adam Saunders
Chris Aronoff
senario Matt K. Turner
kamerarezjy Christopher Norr
muzyk Russ Howard III
Mateo Messina
filmstudio Footprint Pictures
The Bedford Falls Company
distribúsje ARC Entertainment
spilers
haadrollen Olesya Rulin
Kristin Chenoweth
Matthew Modine
byrollen Joey King
Eddie Hassell
Adam Saunders
Chloe Bridges
Shirley Jones
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 29 maart 2013
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjedramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 106 minuten

Family Weekend is in Amerikaanske komeedzjedramafilm út 2013 ûnder rezjy fan Benjamin Epps, mei yn 'e haadrollen Olesya Rulin, Kristin Chenoweth en Matthew Modine. De titel betsjut "Famyljewykein". It ferhaal giet oer in famke dat drastyske maatregels nimt om it houlik fan har âlden te rêden, dat op in skieding driget út te rinnen. Family Weekend, dat produsearre wie as in ûnôfhinklike film, krige oer it algemien tuskenbeiden resinsjes fan 'e filmkritisy.

De sechtjinjierrige Emily is op har middelbere skoalle yn Michigan de kampioen toudûnsjen en ek op oare mêden ien dy't altyd tige har bêst docht. De oare learlingen hawwe foar it meastepart de gek mei har, útsein ien jonge, Chris, dy't smoar op har is. Har âldelju, har bruorren en har suster hawwe gjin belangstelling foar har súksessen op it mêd fan toudûnsjen. Op in freed wint Emily it regionaal kampioenskip hurdtoudûnsjen (dat derom giet hoe faak oft men yn 'e stelde tiid oer it tou springt), en se wurdt talitten ta it steatskampioenskip, dat op snein holden wurde sil. As se ûnder it regionaal kampioenskip oan it toudûnsjen is, siket se ûnderwilens yn it publyk nei har famylje, mar der is net ien oanwêzich om har oan te moedigjen.

As se thúskomt, konfrontearret se har famyljeleden mei har teloarstelling dêroer, mar dêr wurde se net oars fan. Har mem Samantha is in sakefrou dy't it altyd drok hat en eins inkeld belangstelling toant foar har baan. Har heit Duncan is in keunstskilder, dy't syn húshâlding ûnderfynt as in behindering by it frije keunstnersbestean dat er liede wol. Samantha en Duncan binne troch de jierren hinne almar mear útinoar groeit en meitsje oanhâldend rúzje. Harren houlik liket rjocht op in skieding ta te gean.

Jackson, Emily har fyftjinjierrige broer, hat syn eigen swierrichheden. Hy beart dat er homo is, mar yn wurklikheid is er heteroseksueel en docht er himsels inkeld foar as homo sadat oaren tinke sille dat er kreätyf oanlein is en sadat er mear oandacht fan syn heit kriget. Emily har njoggenjierrige suske Lucinda hat in suver obsessive belangstelling foar aktearjen, en ferklaait har allegeduerigen as personaazjes út films dy't eins net gaadlik binne foar bern fan har jierren, lykas Taxi Driver en A Clockwork Orange. En Mickey, Emily har licht autistyske sânjierrige bruorke, hat in obsesje foar bisten en de natoer, en mei graach bistemaskers drage. Net ien fan allegear nimme se Emily har toudûnsjen serieus.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Emily komt op in idee troch in natoerdokumintêre op Animal Planet dêr't Mickey nei sjocht. Dêryn wurde Tasmaanske duvels behannele foar in beskaat soarte kanker nei't se ferdôve binne, sadat se de bistedokters net bite kinne. Yn in wanhopich besykjen om har famylje byinoar te hâlden, bedwelmet Emily dan har heit en mem, sadat se harren allebeide stevich oan in stoel fêstbine kin mei tape. As se dêrmei healwei is, wurdt se trappearre troch Rick, in kollega fan har mem. Dy hat it him yn 'e holle helle dat Samantha har houlik sa min is, dat er it wol mei har oanlizze kin, en wol har dêrom thús opsykje. Om foar te kommen dat er it hiele plan yn it hûndert jaget, oermastere Emily him, bynt him fêst en slút him op yn in koai foar hûnen.

Mei help fan har bruorren en suster, har beppe GG en har freondinne/rivale en buorfamke Kat wit Emily har heit en mem neitiid oant sneintemoarn finzen te hâlden, wylst se besiket mei harren te praten en harren mei-inoar prate te litten. Wylst har heit al rillegau beswykt oan it Stockholmsyndroom en har priizget foar it toanen fan inisjatyf, bliuwt har mem lulk en beskrobbet har oanhâldend. Nei in emosjoneel twapetear mei har mem slagget it Emily úteinlik om har âldelju safier te krijen dat se wer omsjogge nei de bern. Dêrtroch komt û.m. ek Jackson syn falske homoseksualiteit út. Trochdat se oerenlang twongen binne yn itselde fertrek te bliuwen, prate Samantha en Duncan nei jierren einlings ek wer echt mei inoar, en beseffe dat se noch altyd faninoar hâlde.

Sneintemoarns, as Emily nei it steatskampioenskip toudûnsjen sil, steane der twa helpsheriffs op 'e stoepe. De buorlju hawwe klage oer lûdsoerlêst en it helpgerop, want har heit en mem hiene harren yn 't earstoan, doe't se krekt trochkrigen wat Emily dien hie, net ynholden. De plysjes wolle yn 'e hûs sjen, dêr't Samantha en Duncan harren, troch gear te wurkjen, einlings út 'e stuollen befrijd hawwe. Tsjin dy tiid binne se net lulk mear, en se bewissigje de plysjes derfan dat der neat oan 'e hân is. As de helpsheriffs wer fuortsille, dûkt ynienen Rick op, dy't út syn koai ûntsnapt is en dy't moard en brân skreaut oer ûntfiering en mishanneling. As de plysjes dan Emily arrestearje wolle, soargje har âlden en har bruorren en suster foar ôflieding, sadat Kat har fluch nei it kampioenskip ride kin.

As se de finale springt, siket Emily op 'e nij de tribunes ôf nei har famylje, dy't der wer net is. Mar dan arrivearje se dochs noch allegear. Fan 'e alteraasje hâldt Emily op mei springen, wat har kostbere tiid kostet. Dochs behellet se noch it twadde plak. Fuort neitiid komme de beide helpsheriffs deryn, dy't har yn hânboeiens ôffiere. Trije wiken letter meitsje Samantha, Duncan, Jackson, Lucinda en Mickey har op om fuort. Jackson hat ûnderwilens ferkearing krigen mei Kat, dy't harren útwiuwt. De reis giet nei de jeugdfinzenis dêr't Emily har straf útsitten hat, en dêr't se troch de hiele famylje ophelle wurdt om nei hûs te gean.

Olesya Rulin.
Kristin Chenoweth.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Emily Smith-Dungy Olesya Rulin
Samantha Smith-Dungy Kristin Chenoweth
Duncan Dungy Matthew Modine


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lucinda Smith-Dungy Joey King
Jackson Smith-Dungy Eddie Hassell
Rick Adam Saunders
Kat Chloe Bridges
beppe Gail "GG" Dungy Shirley Jones
Chris Chased Maser
Mickey Smith-Dungy Robbie Tucker
helpsheriff Tucker Peter Gail
helpsheriff Reyes Lisa Lauren Smith

Family Weekend waard regissearre troch Benjamin Epps nei in senario fan Matt K. Turner. It is in ûnôfhinklike film, dy't produsearre waard troch Adam Saunders en Chris Aronoff foar de lytse filmstudio's Footprint Pictures en The Bedford Falls Company. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Christopher Norr, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Russ Howard III en Mateo Messina. De film waard distribuëarre troch ARC Entertainment, en gie op 29 maart 2013 yn premiêre.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Family Weekend in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 36%, basearre op 22 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 35%, basearre op 7 resinsjes.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.