Springe nei ynhâld

Draven

Ut Wikipedy
In man en in frou oan it draven.

Draven is symmetryske foarm fan fuortbeweging, wêrmei't minsken en oare libbene wêzens harsels fluch ferpleatse kinne. It is in soarte gong dy't him fan it stadiger rinnen ûnderskiedt troch in faze wêrby't alle fuotten of poaten los komme fan 'e grûn. Draven is ek in sport en wurdt dan almeast hurddraven of hurdrinnen neamd. Dat wurdt ta de atletyk rekkene en der besteane in protte ferskillende dissiplines fan, dy't har fral faninoar ûnderskiede wat ôfstân oangiet. Ek by oare sporten spilet draven faak in wichtige rol.

Draven is by de minske de gong dêr't se har it fluchst mei ferpleatse sûnder in ferfiermiddel te brûken. It kin ûnderskaat wurde fan rinnen om't dêrby altyd ien foet yn kontakt stiet mei de grûn, wylst draven in faze omfettet wêrby't beide fuotten in skoftke los fan 'e grûn komme. Draven is in symmetryske foarm fan fuortbeweging om't de lofterlidden en de rjochterlidden der likefolle by brûkt wurde. De skonken ferrjochtsje it eigentlike draafwurk, mar de earms binne ûnderwilens ek aktyf mei't se hinne en wer beweegd wurde op it ritme fan it draven. De skonken wurde by it draven foar it meastepart rjocht holden en it sintrum fan swiertekrêft ferspringt oer de steanskonk yn in beweging dy't krekt tsjinsteld is oan dy fan in slingeroerwurk.

De draafsyklus fan 'e minske bestiet út ien folsleine trêd. Ien trêd bestiet út twa passen of stappen, te witten: in stap mei de lofterfoet en in stap mei de rjochterfoet. De minsklike draafsyklus kin ferdield wurde yn ferskate fazen. Om't wittenskiplik ûndersyk oer it algemien yn it Ingelsk publisearre wurdt, is ek de measte terminology oer dit ûnderwerp yn dy taal.

Skematyske werjefte fan 'e draafsyklus by de minske.
  • stânfaze (stance phase)
    • stipe-opfangfaze (shock absorption phase) of gewichtsakseptaasje (weight acceptance)
      • foetkontakt (foot-strike) of earste fuotkontakt (initial contact) op 0% fan 'e draafsyklus. Bettere dravers hâlde dêrby de foet nei ûnderen ta bûgd yn plantêrfleksje en lânje op 'e bal fan 'e foet. Minder oefene dravers lânje mear nei de midden fan 'e foet ta of op 'e hakke (heel-strike) om't se de foet nei boppen ta bûge yn dorsifleksje, sa't se wend binne fan it rinnen.
      • belêstging (loading response), sadree't ek de rest fan 'e foet de grûn rekket.
    • ôfsetfaze (push-off phase)
      • terminale stânfaze, begjinnend mei it loslitten fan 'e grûn mei de hakke (heel-off), omtrint 45% fan 'e draafsyklus. Dêrby bûcht de foet nei ûnderen yn plantêrfleksje, wêrby't de bal fan 'e foet it gewicht begjint te dragen oant de teannen los fan 'e grûn komme.
  • sweeffaze (aerial phase): beide fuotten binne los fan 'e grûn.
  • swaaifaze (swing phase): de efterste skonk wurdt nei foarren swongen, wylst de foarste skonk oan 'e stânfaze begjint op 50% fan 'e draafsyklus.

Hjirnei wurdt it boppeneamde proses foar de oare foet trochrûn. Sadree't de foet fan 'e earste skonk wer kontakt mei de grûn makket is de draafsyklus of trêd foltôge.

In man op 'e iepenbiere wei oan it joggen.

In protte sûchdieren kinne ek drave, mar om't se fjouwer poaten hawwe, ferrint de draafsyklus by harren justjes oars, hoewol't almeast alle poaten noch altyd los fan 'e grûn komme. By hynders is de draaf ien fan trije of (by guon rassen) fjouwer gongen. De oare beide meast foarkommende gongen binne by hynders rinnen en fjouwerjen.

Minsken berikke mei draven harren heechste natuerlike faasje fan fuortbeweging. Wat krekt dy maksimumfaasje is, hinget ôf fan in protte faktoaren, mei as earste de lichaamlike kondysje fan 'e oanbelangjende minske, en fierders bygelyks dingen as wurgens, ôfstân en it waar (hat de draver foar de wyn op moat er yn 'e wyn op en hoefolle wyn stiet der). It ultime rekôr fan 'e grutste faasje dy't ea troch in minske helle is, stiet op namme fan 'e Jamaikaanske hurddraver Usain Bolt, dy't yn 2009 by in wedstryd yn Berlyn op 'e 100 m in faasje fan 44,7 km/h behelle.

Foarmen fan draven

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As sport wurdt draven faak hurddraven of hurdrinnen neamd. Joggen is in spesifike foarm fan draven wêrby't men om jins kondysje te ferbetterjen faak op deistige basis of ien of mear kearen yn 'e wike in langer ein draaft op 'e iepenbiere wei. Trimmen is in oerkoepeljende beneaming foar ferskate foarmen fan sport wêrby't draven op in trimbaan beoefene wurde kin. It Frysk hat noch in protte oar taaleigen foar draven. Sa kin stadich draven oantsjut wurde as: drafkje, fokselje, fotteldrafkje, jotskje, sjutteldrafkje, sjuttelje, sjuddelje, sjottelje, sjoddelje, tsjuttelje of tsjottelje. Mei koarte stappen drave is trobbelje. Hurd draven wurdt ek wol neamd: biizje, bûchiizje, giuwe, kûgelje, sprinte of wiskje.

hurdrinnen of hurddraven
sport
De 100 m foar froulju op in wedstryd yn Berlyn yn 2006.
De 100 m foar froulju op in wedstryd yn Berlyn yn 2006.
algemiene gegevens
sport atletyk
type doersport, krêftsport
teamsport nee
mingde sport nee
lokaasje atletykbaan, iepenbiere wei
ûntstean Aldheid
dissiplines
60 meter
100 meter
200 meter
400 meter
800 meter
1.000 meter
1.500 meter
3.000 meter
5.000 meter
10.000 meter
heale maraton
maraton
100 km
4 × 100 meter estafette
4 × 200 meter estafette
4 × 400 meter estafette
4 × 800 meter estafette
4 × 1.500 meter estafette
Sweedske estafette
fjildrinnen
regulearring
Ned. sportbûn Atletykuny
ynternasj. sportbûn EAA (Jeropa)
IAAF (wrâld)
Olympyske status ja
● sûnt 776 f.Kr.
besibbe sporten
triatlon
huorderinnen
mearkamp
Tema:Sport
Net te betiizjen mei hurddraverij, in wedstryd yn hynsteriden.

Hurdrinnen of hurddraven is de sportferzje fan draven, dy't yn wedstrydferbân beoefene wurdt. Ofhinklik fan 'e ôfstân kin it in krêftsport (koarte ôfstân) of in doersport (lange ôfstân) wêze. Hurdrinnen is in ûnderdiel fan atletyk, dat in oerkoepeljende beneaming is foar de minsklike basisbewegings: rinnen, draven, springen en smiten. Behalven as sport op himsels wurdt draven ek beoefene as ûnderdiel fan oare sporten. Men kin dan tinke oan oare foarmen fan atletyk, lykas huorderinnen, fierspringen en heechspringen, mar ek oan hiel oare sporten, lykas triatlon, fuotbal, hânbal, basketbal en honkbal.

Lange-ôfstânsrinners op in krûk út 'e Grykske Aldheid, datearjend fan likernôch 333 f.Kr..

Iere minsken diene nei alle gedachten benammen oan draven by de jacht. Harren proaien bleaune net stilstean as se jagers oankommen seagen, dat in efterfolging wie gauris nedich. Om't de measte bisten in stik flugger drave kinne as minsken, ûntwikkelen minsken manearen om 'e bisten te fluch ôf te wêzen, lykas beslûpingstechniken en plakken dêr't se harren proaien oer in ôfgrûn hinne jeie koene, sadat se te pletter foelen. Doe't letter it hynder domestisearre waard as ryddier, hoegden minsken minder te draven.

As sport ûntjoech hurdrinnen him út spullen dy't by ferskate religieuze festivals holden waarden yn it Alde Grikelân, it Alde Egypte, Mesopotaamje, Ynje, Sina en de Grutte Slink yn East-Afrika en de Hoarn fan Afrika. De Tailteannspullen, in Iersk sportfestival ta eare fan 'e goadinne Tailtiu, begûn yn 1829 f.Kr. en is dêrmei it ierste dokumintearre gefal fan wedstrydmjittich draven. De oarsprong fan 'e Olympyske Spullen en fan 'e maraton binne ferdizene troch myten en leginden, mar wol stiet fêst dat hurdrinnen ien fan 'e sporten wie op 'e earste dokumintearre edysje fan 'e Olympyske Spullen yn 776 f.Kr.

Der binne in soad ûnderskate dissiplines yn it hurdrinnen, dy't foar it meastepart nei ôfstân opdield wurde kinne yn sprint (koarte ôfstân), middellange ôfstân en lange ôfstân.

De 10.000 m foar manlju op 'e Olympyske Simmerspullen fan 2012 yn Londen.

De standert sprintôfstannen binne: de 60 m, de 100 m, de 200 m en de 400 m. Oare, minder foarkommende sprintôfstannen binne de 50 m, de 55 m, de 300 m en de 500 m, dy't oanholden wurde yn guon kompetysjes yn it heger ûnderwiis yn 'e Feriene Steaten. De 150 m is noch seldsumer.

De standert middellange ôfstannen binne: de 800 m, de 1.000 m en de 1.500 m. De 3.000 m wurdt soms ek as in middellange ôfstân klassifisearre. Yn 'e Feriene Steaten komme as middellange ôfstannen ek noch de heale myl en de myl foar, dy't 8041/2 m, resp. 1.609 m mjitte.

Standertôfstannen foar de lange ôfstân binne: de 3.000 m (ek wol ta de middellange ôfstannen rekkene), de 5.000 m, de 10.000 m, de heale maraton (21,0975 km) en de maraton (42,195 km). Dêrboppe hat men dan noch de doerrin en it ultrarinnen, wat draven oer de ekstreem lange ôfstân is, fan bgl. 100 km.

De estafette is in bysûndere foarm fan hurdrinnen, wêrby't teams fan ornaris fjouwer dravers efterinoar in ôfstân ôflizze moatte en dêrby oaninoar in stokje trochjaan moatte. Standertôfstannen foar de estafette binne de 4 × 100 m, de 4 × 200 m, de 4 × 400 m, de 4 × 800 m en de 4 × 1.500 m. De Sweedske estafette is in apart gefal, wêrby't de fjouwer teamleden elts in oare ôfstân ôflizze moatte.

In oare aparte soarte hurdrinnen is fjildrinnen, wêrby't de dravers oer ûnferhurde paden en dwers troch greiden en bosken moatte, faak as de grûn dridzich is, sadat it goed spat en se der hielendal ûnder komme te sitten.

In froulike hurdrinster yn in koart broekje en in topke.

Gereid en fasiliteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar hurdrinnen hat men yn it foarste plak ferlet fan it juste fuotark, te witten: sportskuon dy't makke binne foar dizze sport. Dat betsjut dat se berekkene binne op 'e belêsting dêr't se by it hurdrinnen oan bleatsteld wurde. Neffens ekspêrs moatte hurdrinners om 'e 1.000 à 1.500 km nije skuon keapje. It is tige wichtich dat de skuon goed passe, want oars sil de draver grif blierren en oare ferfelende blessueres oprinne.

Suver alle hurdrinners yn 'e Westerske wrâld drave op skuon, mar inkelen, fral lju út Afrika dy't fan bern ôf oan leard hawwe om bleatsfoets te gean, jouwe der de foarkar oan om dat ek yn harren profesjonele sportkarriêre troch te setten. Dêr binne gjin regels tsjin, mar op bleate fuotten moat men wol in oare draaftechnyk brûke, wêrby't de fuotten ticht ûnder it lichem bliuwe en it swiertepunt boppe de fuotten bliuwt. Dat betsjut dat men wat foaroer bûgd draaft, mei koartere passen.

Wat klaaiïng oangiet, besteane der spesjale hurdrinklean dy't makke binne om waarmte en swit, dy't by it hurdrinnen frijkomme, sa effektyf mooglik te regulearjen. Fierders moat men jins ferstân brûke en by kâlder waar waarmere klean oandwaan en by waarmer waar lichtere. Profesjonele hurdrinners drage foar harren wedstriden faak in koarte broek mei in T-shirt. By de froulju is dat ek wol in koart broekje mei in topke dat de búk en de midden fan 'e rêch bleat lit. Sportklean moat noflik sitte en net by it lichem lâns skuorje. Fral op 'e langere ôfstannen (lykas by de maraton) kin soks swierrichheden opsmite. In T-shirt dat goed 42 km lang by eltse pas hinne en wer beweecht, kin tsjin 'e tiid dat de finish berikt wurdt, iepen wûnen feroarsake hawwe. Fral útstykjende lichemsdielen, lykas de spiennen, binne dêr gefoelich foar. Dêrom plakke in protte lange-ôfstânsrinners harren spiennen foar de start ôf mei in pear pleisters.

Fierders hat men foar hurdrinnen kwa fasiliteiten net folle nedich om't de sport yn prinsipe hast oeral beoefene wurde kin. Yn wedstrydferbân wurde de measte ôfstannen op in atletykbaan yn in sportstadion ferdraafd. De maraton en de heale maraton wurde ornaris ôflein op in ôfset sirkwy op 'e iepenbiere wei mei de finish yn it sportstadion.

Hurdrinnen as sport wurdt lykas alle foarmen fan atletyk yn Nederlân regulearre troch de Keninklike Nederlânske Atletykyny (KNAU). Op Jeropeesk nivo giet de European Athletic Association (EAA) oer it hurdrinnen, en op wrâldnivo wurdt de sport regulearre troch de International Association of Athletics Federations (IAAF).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.