Springe nei ynhâld

Douglas Schwartz

Ut Wikipedy
Douglas Schwartz
regisseur en/of produsint
persoanlike bysûnderheden
echte namme Douglas Schwartz
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1944
berteplak ? (Feriene Steaten)
etnisiteit Joadsk
wurkpaad
wurksum as regisseur, filmprodusint,
senarioskriuwer
bekenste
  produksje(s)
Baywatch (tillefyzjesearje)
Baywatch Nights
Sheena
Baywatch (film)

Douglas Schwartz (1944) is in Amerikaansk regisseur, filmprodusint en senarioskriuwer fan etnysk Joadsk komôf. Hy wurke yn 1980 mei Michael Berk gear oan 'e tillefyzjefilm The Last Song, dêr't se yn 1981 foar nominearre waarden foar de Edgar Allan Poe Award yn 'e kategory bêste tillefyzjefilm of minysearje. Yn 1983 wiene Schwartz en Berk as senaristen belutsen by de tillefyzjesearje Manimal. Ek wurke Schwartz as ko-produsint en senarioskriuwer mei oan 'e searje The Wizard, út 1986. Fierders ûntwikkele er yn 2000 de searje Sheena, dy't basearre wie op it stripalbum mei deselde namme.

It bekendst waard Schwartz lykwols mei de aksjesearje Baywatch, dy't yn 1989 foar it earst troch NBC op 'e Amerikaanske tillefyzje brocht waard. Dy rige waard lykwols nei ien seizoen al stopsetten, ek om't er it net geweldich die, mar fral om't de produsearjende tillefyzjestudio, GTG Entertainment, opdoekt waard. Mei't se fûnen dat de searje potinsje hie, rjochten Schwartz, syn beide mei-produsinten Michael Berk en Gregory J. Bonann, en haadrolspiler David Hasselhoff doe út eigen middels de tillefyzjestudio The Baywatch Company op, dêr't se de searje nij libben mei ynbliezen. Neitiid rûn Baywatch noch tsien seizoenen, oant en mei 2001. Fan it twadde seizoen ôf, dat útstjoerd waard yn syndikaasje, ûntpopte Baywatch him ta in ûnbidich súkses, oant de searje wrâldwiid op in stuit troch mear as in miljard sjoggers folge waard.

Behalven as produsint wie Schwartz ek by Baywatch belutsen as regisseur fan in protte ôfleverings; fierders skreau er yn 'e earste jierren ek ferskate skripten foar ôfleverings. Yn lettere jierren wurke Schwartz as regisseur faak op basis fan senario's dy't skreaun wiene troch syn frou Deborah Schwartz (in suster fan Gregory J. Bonann), mei wa't er in soan hat, Corey. Schwartz regissearre ek de tillefyzjefilms Baywatch: Forbidden Paradise (1995), Baywatch: White Thunder at Glacier Bay (1998) en Baywatch: Hawaiian Wedding (2003). Foar dy lêste film skreau er tegearre mei Michael Berk sels ek it senario. As produsint wie Schwartz fierders belutsen by de spin-offsearje Baywatch Nights, dy't rûn fan 1995 oant 1997. En yn 2017 wiene Schwartz, Berk en Bonann as produsinten behelle yn 'e film Baywatch, dy't loskes op 'e eardere searje basearre wie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.