Springe nei ynhâld

Doarpsflagge

Ut Wikipedy

Doarpsflaggen wurde ûnder oare beskreaun yn Wapenboek Hesman (1708, 1975) en in 17e iuwsk Napolitaansk flaggeboek. It binne flaggen fan hanneldriuwende en seefarrende doarpen as Molkwar, Kollum, Alde Leie, Aldebiltsyl De Lemmer, Heech en De Jouwer.

Yn 1955 ferliende de gemeenteried fan Wûnseradiel alle 27 doarpen flaggen. De gemeente Kollumerlân die itselde foar har 14 doarpen yn 1970. Mei om de tanimmende wettersport en rekreaasje is yn 1973/1974 troch Warten in doarpsflagge oannomd, ôflaat fan it âlde doarpswapen. De Fryske Rie foar Heraldyk hat dokumintaasje makke fan alle besteande Fryske doarpswapens en dorpsflaggen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: