De Swarte Kat (koart ferhaal fan Edgar Allan Poe)

Ut Wikipedy
De Swarte Kat
algemiene gegevens
oarspr. titel The Black Cat
auteur Edgar Allan Poe
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre gothic, horror
1e publikaasje 1843
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Swarte Kat
publikaasje 1949, yn De Tsjerne
oersetter Inne de Jong

De Swarte Kat, yn it oarspronklike Ingelsk: The Black Cat, is in koart ferhaal fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). It is wol typearre as in stúdzje nei de psychology fan skuldgefoelens, en wurdt sadwaande gauris op ien sike neamd mei in oar koart ferhaal fan Poe, The Tell-Tale Heart. Beide ferhalen geane oer in moardner dy't syn misdie besiket te fertsjustermoanjen, mar úteinlik, fanwegen skuldgefoelens dy't him oermânsk wurde, it spul sels útbringt. The Black Cat, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, waard foar it earst publisearre yn 'e krante The Saturday Evening Post, yn augustus 1843. De Fryske oersetting fan Inne de Jong datearret fan 1949.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ik-persoan makket de lêzer wiis dat er fan bern ôf oan al in bisteman west hat. Hy en syn frou hiene withoefolle húsdieren, wêrûnder in grutte swarte hûskat dy't fan Pluto hiet. Hy wie sljocht mei dat bist, en de kat wie ek tige wiis mei him, oant er oan 'e drank rekke. Op in jûn doe't er dronken thúskaam, hied er it gefoel dat Pluto him ûntrûn. Doe't er it bist pakte, rekke it sa yn panyk dat it him biet. Alhiel opsternaat loek de ferteller syn pinnemeske en stiek it bist in each út.

Neitiid wie de kat fansels alhielendal net mear te besjitten. Yn 't earstoan hie de ferteller berou fan syn wrede die, mar it berou feroare al rillegau yn argewaasje. Hy rekke úteinlings sa nidich op 'e kat dat er it bist op in moarn mei de tún ynnaam en deamakke troch it op te hingjen oan in beam. Dyseldichste nacht gie it hûs fan 'e ferteller yn flammen op, en hysels, syn frou en harren tsjinstfeint wisten mar kwealk op 'e tiid bûten te kommen. De oare deis, doe't er de ruïnes trochsocht, fûn er op 'e iene muorre dy't noch stie de byltenis ynskroeid fan in baas kat dy't oan in tou om syn hals hong.

In yllústraasje út 1894/1895, troch Aubrey Beardsley.

Earst wied er dêr deabenaud fan, mar sa njonkelytsen oertsjûge er him fan in logyske útlis: ien fan 'e buorlju hie fansels de flammen sjoen en de deade kat troch it rút nei binnen ta smiten om him wekker te krijen. Dêrop begûn er Pluto sels te missen, en doe't er in hoartsje letter in selde soarte kat tsjinkaam, dy't sels ek in each miste, naam er it bist mei nei hûs. It iennichste ferskil tusken Pluto en de nije kat is in grutte wite bef op 'e strôt en it boarst fan it nije bist.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It duorret lykwols net lang ear't de ferteller de nije kat begjint te haatsjen en úteinlik wurdt er sels benaud fan it bist. De bef feroaret yn syn eagen yn 'e foarm fan in galge. Op in dei, as de ferteller en de frou yn 'e kelder fan harren nije hûs binne, fljocht de kat him tusken de fuotten troch, sadat er hàst by de treppen delknoffelet. De ferteller rekket wer hielendal breinroer en sil de kat mei in bile te liif, en as syn frou him tsjin besiket te hâlden, makket er har ynstee fan kant. Om 'e moard geheim te hâlden, mitselet er har lyk yn yn in loaze romte tusken de muorren fan it hûs. As in pear dagen letter de plysje delkomt om 'e ferdwining fan syn frou te ûndersykjen, kinne se neat fine, sadat de ferteller frijút giet. Underwilens is de kat weirekke.

Op 'e lêste dei fan it plysje-ûndersyk beselskippet de ferteller de plysje nei de kelder ta. Dêr kinne se likemin wat fine, en mei't er folslein oertsjûge is fan syn eigen feilichheid, makket de ferteller dan in opmerking oer de deeglikheid fan it mitselwurk, wêrby't er op 'e muorre kloppet dêr't it lyk fan syn frou efter leit. Hy hat de muorre noch net oanrekke of in alderûnhuerichst gejank klinkt troch de kelder. De kjel wurden plysjes brekke de muorre iepen, en dan wurdt it lyk fan 'e frou fûn, mei de weirekke kat dy't al jankend op 'e holle fan it stoflik omskot sit.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan The Black Cat waard yn 1949 publisearre yn it Frysk literêr tydskrift De Tsjerne. De fertaling wie fan 'e hân fan Inne de Jong (1894-1975).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Poe, Edgar Allan, De Swarte Kat (oers. Inne de Jong), yn: De Tsjerne, jiergong 10 (1949), s. 294.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.