Inne de Jong
Inne de Jong | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Inne de Jong | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 13 septimber 1894 | |
berteplak | Nijemardum (Fryslân) | |
stoarn | 27 maart 1975 | |
stjerplak | Balk (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | berneboeken, poëzij, oersettings | |
perioade | midden 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
Jonges fen Gaesterlân De Houn fan 'e Baskervilles (fert.) | |
prizen | 3x Rely Jorritsmapriis | |
jierren aktyf | 1939 – 1975 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Inne de Jong (Nijemardum, 13 septimber 1894 - Balk, 27 maart 1975) wie in ûnderwizer en Frysk skriuwer.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brocht syn jeugd troch yn Gaasterlân dêr't syn âlden buorken op in pleats te Nijemardum. Sels kaam er as jonge fan tolve ek by de boer oan it wurk, mar dêr seach er syn takomst dochs net lizzen. Op syn sechtjinde gong er nei de kweekskoalle en slagge trije jier letter foar it ûnderwizersdiploma. Hy krige al gau in beneaming oan in kristlike basisskoalle op De Lemmer. Fan 1914 - 1917 hat er dêr ûnderwizer west. Nei trije jier foar de klas stien te hawwen waard Inne de Jong advertinsjekorrektor en sjoernalist by it Frysk Deiblêd. Yn dy tiid keas de Jong foar it antymilitarisme en waard er lid fan de Kristlik Demokratyske Uny (CDU), doetiids de partij fan de kristen-soasjalisten. Dat brocht him yn konflikt mei de haadredaksje fan it FD en De Jong naam ûntslach.
De Jong hat ek publisearre ûnder de skûlnamme W. Banda.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Poëzij
- 1939 : Harstwiich
- 1973 : Wylde ierdbeien
- Berneboeken
- 1941 : Jonges fen Gaesterlân
- 1950 : Nije aventûren fan de jonges fan Gaesterlân
- Oersettings fan eigen wurk
- 1961 : Jongens van Gaasterland (gearfetting fan Jonges fen Gaesterlân en Nije aventûren fan de jonges fan Gaesterlân)
- Oersettings nei it Frysk
- 1949 : De Swarte Kat (nei Edgar Allan Poe)
- 1955 : Kwatrinen (nei Omar Khayyám)
- 1960 : De Houn fan 'e Baskervilles (nei sir Arthur Conan Doyle)
- 1961 : Alaska-estafette (nei F. Omelka)
- Yn lyts bestek (fers, 1954)
- Yntermezzo (ferhaal, 1955)
- Moarnstjerre (fers, 1960)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|