It Blaaibek Hert
It Blaaibek Hert | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Tell-Tale Heart | |
auteur | Edgar Allan Poe | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | gothic, horror | |
1e publikaasje | 1843 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Blaaibek Hert | |
publikaasje | 2012, yn Ensafh | |
oersetter | Tryntsje van der Zee |
It Blaaibek Hert, yn it oarspronklike Ingelsk: The Tell-Tale Heart, is in koart ferhaal fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). It is it ferslach fan in nammeleaze ferteller dy't de lêzer besiket te oertsjûgjen fan syn eigen sûnens fan geast, wylst er tagelyk in moard beskriuwt dy't er begien hat. The Tell-Tale Heart, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, wurdt rûnom beskôge as in klassiker fan it gothic-sjenre en is ien fan 'e meast ferneamden fan Poe syn grutte oeuvre oan koarte ferhalen. It waard foar it earst publisearre yn it literêr tydskrift The Pioneer, yn jannewaris 1843. De Fryske oersetting fan Tryntsje van der Zee datearret fan 2012.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De nammeleaze ferteller fan The Tell-Tale Heart hâldt by heech en by leech fol dat er sûn fan geast is, en inkeld lijt oan in sykte (senuweftigens) dy't him in "oergefoelichheid fan 'e sintugen" besoarget. De âldman by wa't er ynwennet (de persize relaasje tusken him en de ferteller bliuwt dizenich) hat ien blyn, wyt, "gier-eftich" each, dêr't de ferteller sa aaklik fan wurdt, dat er beslút de âldman om hals te bringen, ek al seit er fan 'e âldman te hâlden en inkeld it each te haatsjen. Hy mient dat de soarchfâldige sekuerens dêr't er de moard mei planearret, bewiist dat er net sljochtsinnich wêze kin.
Sân nachten efterinoar kringt er de sliepkeamer fan 'e âldman yn om in ljocht yn it "boaze each" te skinen, mar dat is altyd ticht, sadat er him eltse kear ôfjaan moat sûnder wat bedijd te hawwen. De achtste nachts, lykwols, makket er by ûngelok leven, en giet it "boaze each" iepen. De ferteller beslút dan om 'e âldman dea te dwaan, en smoard him op syn eigen bêd, wêrnei't er it lyk yn stikken hout en de brokken ûnder de flierdealjes fan it hûs ferstoppet, sadat der gjin spoar fan 'e misdie efterbliuwt. De plysje, dy't op ûndersyk útgiet om't in buorman de gjalpen fan 'e stjerrende âldman heard hat, kin neat fine, en de ferteller makket harren wiis dat it syn eigen gjalpen wiene, feroarsake troch in nachtmerje.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Lykwols, as er dêr sa mei de neat fermoedzjende plysjes sit, op itseldichste plak dêr't de lichemsdielen ûnder de flier ferburgen binne, begjint de ferteller in ûnnoflik tikjen yn syn earen gewaar te wurden. As dat leven stadichoan lûder wurdt, begrypt er njonkelytsen dat it it klopjen fan it hert fan 'e âldman wêze moat, dat ûnder de flier wei komt. It lûd boazet almar oan, al lykje de plysjes der hoegenamt gjin oandacht oan te skinken. De ferteller wurdt spûkbenaud foar it bûnzjen fan it hert, dat no in leven as in oardiel hat, en hy rekket derfan oertsjûge dat de plysjes him te fiter hawwe, en dat se eins it hert wol deeglik hearre kinne en sadwaande ek alles al witte fan 'e moard. Dat op it lêst kin er it net mear ferneare, en bekent er de moard en wiist er harren it plak dêr't er it lichem ferstoppe hat.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske oersetting fan The Tell-Tale Heart waard yn 2012 publisearre yn it Frysk literêr tydskrift Ensafh. De fertaling wie fan 'e hân fan Tryntsje van der Zee (1940-2009), dy't fierders benammentlik bekend is as oersetster fan toanielstikken.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]● (in) The Tell-Tale Heart op Wikisource
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |