De Stulp (heide)
De Stulp is in natoergebiet tusken Paleis Soestdyk, Soest en Lage Vuursche en bestiet foar in grut part út heide- en stosângebiet, wêrûnder in 40 hektare grut heideterrein dêr’t Charolais-kij gerskje. De Stulp is 120 hektare grut en is ûnderdiel fan Boskwachterij De Vuursche, in gebiet fan 1100 hektare.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebiet wie yn de 14e iuw al besitting fan de Hear fan Drakenburch, skout fan Utert. Hy waard yn 1346 sels ta ridder slein. Om de bosk dat om de heidefjilden hinne leit binne grêfheuvels te finen. Dêr blykt út dat de omkrite al yn de prehistoarje bewenne waard. De âldste skriftlike boarnen oer De Stulp binne út de 14e iuw. De Stulp leit op de grins fan Utert en Noard-Hollân wat eartiids grinskonflikten feroarsake omdat de grins troch sômpich gebiet run dêr’t it eigendom net goed fan fêstlein wie. In 'stulp' is in hutte of earmtlik ferbliuw, it wiene dan ek meast de allerearmsten dy’t op de heide wennen. Se hâlden dêr skiep, bijen en makken bjinders en boarstels. Fan de 13e iuw ôf wurdt it ek brûkt om turf te graven. Op meardere plakken binne noch wiken te sjen, trije meter djippe sleatten dêr’t turfstekkers it heechfean mei ûntwetteren. Op de râne fan De Stulp stienen oant hûndert jier werom noch pleatskes mei bou, ôfsluten fan de heide mei in stodyk. De ikkers waarden bedonge mei heideseadden út de potstâl. Doe’t de dong noch fan de heide kaam gersken der skiep, dy’t de jonge beamkes opfrieten (de Skieppedrift oan de Zevenlindenweg ferwiist hjir noch nei, dêroer rûn de Baarnske skiep nei De Stulp om te gerskjen). Bewenners smieten boppedat wâlen op om it stosân fan de bou te kearen. Op de heide stode it omraken. Mei as gefolch dat De Stulp yn de santiger jierren fan de foarige iuw begroeid wie mei bosk, gers en sân. De bosk bestie doe benammen út nillebeammen, weardefol produksjebosk, mar in behindering foar it oarspronklike ike- en bjirkebosk.
It gebiet bestie ynearsten út heidefjilden, mei hjir en dêr in ferheging foar de jacht. Sa’n ferheging is bygelyks de Knineberch, tichtby Lage Vuursche. Yn de rin fan de jierren is de measte bosk troch heide ferfongen. De Stulp is tige heuvelich, in gefolch út de tiid dat it hjir noch ien grutte sânferstowing wie. Die wie ûntstien meidat de skiep tefolle begroeiïng opfrieten en de wyn frij spul krige. Steatsboskbehear hat de sânferstowing ta stean brocht.
Behear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Steatsboskbehear kocht De Stulp yn 1964 fan frelle Bosch van Drakenstein. De begersking hat as doel om de heide iepen te hâlden. Soks bart yn ôfsluten gedieltes, dy’t wol tagonklik foar publyk binne. Steatsboskbehear hat De Stulp safolle mooglik werombrocht nei de situaasje fan eartiids. De beammen op de heide waarden omkapt. Charolaiskij hâlde it gers koart en frette jonge strewellen. Dizze fleiskij hawwe in geskikte mage om taai gers en strûken te fertarren. Troch houtkap en begerskjen is in iepen heidefjild ûntstien fan sa’n 59 hektare. Yn de bosk om de heide binne de hege spjirren njonken iken kapt. Net allinnich de iik krijt sa mear romte, ek de ûndergroei fan gerssoarten en planten kin better groeie meidat sy sa mear sinne krije. Sadwaande hat de bosk mear it oansjen fan in oerbosk krige. Om de heide is in kuierrûte fan 4 kilometer útsetten, oanjûn mei pealtsjes mei wite koppen.
Plúsmar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neist heide en sân is der ek wat mingd bosk en heidemarkes. It meast bekend is de Plúsmar. Dit Plúsmarke is net natuerlik, mar ea útgroeven. Der stie in sânstienfabrykje by. Yn 1996 is de Plúsmar skjinmakke. It fiedselrike slyk is ôffierd, om sa de oarspronklike fennefegetaasje (miggefangerke, fluen, skieppeklokje, moark) de kâns te jaan werom te kommen. De floara en fauna by de Plúsmar binne kwetsber. In diel fan de grûn om de Plúsmar is dêrom foar de kij ôfsluten. Der meie ek gjin minsken komme, it gebiet is mei stikeltried en stek ôffrede. It wetter fan it Plúsmarke wurdt op fêste tiden ûndersocht. De útslach seit wat oer de soergraad fan de boaiem fan it marke. By de Plúsmar wie in pear iuwen ferlyn ek lânbou. Yn de buert fan de Plúsmar binne de groeven slûven noch te sjen.
Floara
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It miggefangerke groeit benammen yn de ôfstutsen dielen fan de oerbleaune stikjes wiete heide. Yn dit wiete gedielte groeit ek feanmoas en moark ( Nederlânsk: veenpluis, dêr’t it marke nei neamd is ). Galleblêd groeit benammen oan in wiet paad yn it rêstgebiet. Oan de rânen fan de heide groeie din, Douglasspjirre, Fynspjirre, Hemlockspjirre en Lariks en Sitkaspjirre. It iepen wiete gebiet is begroeid mei skrobberheide, dat allinnich dijt op fochtige lege plakken.
Fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eamelhapper libbet benammen yn de stikken mei sân. De eamelhapper libbet twa simmers as rûp en komt de tredde simmer út. De rûp makket in soarte ‘falkûle’ foar oare ynsekten en fret dy op as se yn syn kûltsje rûgelje. Der libje ek twa soarten pishimmels: de keale en behierre reade sprokke. Roeken en raven komme op de stront fan de kij of en briede ek yn de tún fan Paleis Soestdijk. By de Plúsmar binne in soad libellen en flinters. Ek de das en de foks komme hjir foar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |