Charolais (ko)
De Charolais is in koweras dat oarspronklik út de regio Charolais yn Frankryk komt. It waard dêr as fleis- en wurkras fokt yn de 18e iuw.
It is no útsoarte in fleisko. De Charolais is wyt. It ras hat in soad spierweefsel. Bollen kinne oant 1100 kg wage en kij kinne oant 900 kilo wurde.
Charolais wurdt beskôge as ien fan de bettere fleistypes by kowerassen. Fan 2010 ôf hat it fleis, boeuf de Charolles beskerming fan de AOC (Appellation d'Origine Contrôlée) en sûnt 2014 fan de Beskerme oarsprongsbeneaming.[1]
It ras waard begjin jierren '40 yn de Feriene Steaten yntrodusearre. It wie dêr it earste populêre ras nei de Ingelske rassen en de Brahman. It ras waard faak krúst mei Ingelske rassen. Yn Austraalje is it ras ek ynkrúst in oare rassen. Yn it suden fan de Feriene Steaten barde itselde en ferfange sy hieltyd mear de Herefords.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skiednis fan de Charolais - Oklahoma State University (in)
- Charolais kij - Cattle.com (in)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|