Springe nei ynhâld

Brachmaan (ko)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Brahman (ko))
Brachmaanbolle yn Brazylje
Brachmaankeallen

De brachmaan (Ingelsk: brahman of brahma) is in Amerikaansk koweras behearend ta de sebûkij (Bos primigenius indicus), dy't oarspronklik út Yndia komme. De wichtichste rassen dy't foar de fok fan dit ras brûkt waarden wiene Kankrej, Gujurat, Nelore of Ongole en it Gir of Gyrfee. It ras is tige oanpast oan it tropyske klimaat.

De Amerikaanske brachmaan hat in opfallende grutte bult op skouder en nekke, in losse hûdflap ûnder de hals en lange flapearen. Bollen wage 800 oant 1,100 kg en de ko 500 oant 700 kg. Keallen wage by de berte 30 oant 33 kg. Amerikaanske brachmanen binne ferneamd as in guodlik, yntelligint fleiskoweras. Brachmanen kinne grys as read wêze. De sturt hat swart en der sit swart oan de noas, earpunten en hoeven. Oer it generaal hat de brachmaan hoarnen, mar der binne ek bloedlinen dy't gjin hoarnen krije.

Brachmanen kinne in soad hjitte ferneare, omdat sy in protte switklieren en in fettige, glêdhierrige hûd hawwe, dy't har ek beskermet tsjin ynsekten. Sy binne teffens minder gefoelich foar oare parasiten en sykten. Brachmanen binne in protte ynkrúst mei Europeeske kowerassen yn it subtropysk part fan de Feriene Steaten, yn Sintraal-Amearika en yn guon tropyske gebieten om dy rassen better hâlde te kinnen yn hjitte klimaten. Kowerassen dy't krúst binne mei brachmaan, oantsjut as F-1 brachmanen, binne tige populêr yn it suden fan de FS en yn Súd-Amearika, Aazje en Austraalje fanwege it subtropysk klimaat dat dêr hearsket. In F-1 brachmaan kin in krusing wêze tusken alle net besibbe soarten rassen, mar meast giet it om in krusing mei de Hereford en de Angus.

In brachmaan hat in goed memmeynstinkt, beskermet de keallen en makket oerdiedich molke foar har keallen. Brachmaankeallen. Yn sommige lannen, fral yn Súd-Amearika, wurdt de brachmaan foar sawol fleis- as molkeproduksje holden.

Fokkerij en tapassing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amerikaanske brachmanen wiene it earste fleisras dat begjin 20e iuw yn de Feriene Steaten fokt waard; it resultaat fan krusen mei fjouwer ferskillende Yndiaaske kowerassen (Gyr, Gujarat, Nelore en Krishna Valley). De oarspronklike Amerikaansk brachmanefeestapel is ûntstien út in kearn fan sa'n 266 bollen en 22 kij fan ferskate Bos indicus (fee út Yndia)-soarten dy't dêr tusken 1854 en 1926 ynfierd wienen.

De brachmaan wurdt it meast brûkt foar de fokkerij en yn de fleisyndustry; it ras is faak krúst wurden meiJeropeeske fleiskowerassen. De brachmaan is ien fan de meast populêre fleiskij en wurdt in protte mei dat doel hâlden yn lannen as Argentynje, Brazylje, Feriene Steaten, Kolombia en it noarden fan Austraalje. It ras waard fierders brûkt by de ûntjouwing fan tal fan oare Amerikaanske fleisrassen, sa as Brangus, Beefmaster, Simbrah en Santa Gertrudis.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: