Beefmaster
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
De Beefmaster is in fleiskoweras dat yn de iere trittiger jierren fan de 20e iuw troch Tom Lasater ûntwikkele is út in krusing fan Hereford- en Shorthorn-kij mei Brahmans.
De krekte gearstalling fan it ras is net witten, mar der wurdt tocht dat Beefmasters foar sa'n 25% Hereford, 25% Shorthorn en 50% Brahman binne. It ras wie it twadde nije koweras dat registrearre waard yn de Feriene Steaten.[1] It oarspronklik doel fan de fok wie om in ko te krijen dy't ekonomysk út koe yn de drege omstannichheden fan Súd-Teksas. Der waard selektearre op seis kearneigenskippen – gewicht, lichemsbou, molkproduksje, fruchtberens, hurdens en karakter. Der is gjin kleurstandert fêstlein, mar de measten binne read.
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- (in) Skiednis fan it Beefmasterras - Oklahoma State University
- (in) Hiemside fan Beefmasters Breeders United
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|