Springe nei ynhâld

Shorthorn

Ut Wikipedy
Shorthornkeallen
Reade Shorthornbolle
Fleisshorthorn

It koweras Shorthorn stammet oarspronklik út Ingelân, dat wol sizze út it gebiet tusken Durham en York; it ras is ein 18e iuw ûntstien.

It ras waard ûntwikkele as dûbelddoelko, gaadlik foar molke- en fleisproduksje; lykwols wiene der altyd bloedlinen yn it ras mei de klam op it iene as op it oare. Yn de rin fan de tiid begûnen dy bloedlinen hieltyd mear út elkoar te rinnen en tsjinde twadde helte fan de 20e iuw wiene twa aparte rassen ûntstien - de Fleis Shorthorn en de Molke Shorthorn. Alle Shorthorn's hawwe in reade, wite as read-skimmelige (roan) kleur. Guon hawwe it leafst de roan en folslein wite kij binne der net folle. Lykwols is der ien wite fariant mei opsetsin fokt, de Whitebred Shorthorn, dy't bedoeld wie om te krusen mei de swarte Galloway om sa de populêre Blue Grey te krijen.

It ras wurdt suver in alle Ingelsktalige lannen en Súd-Amearika hâlden; it meast yn: Argentynje, Austraalje, Kanada, Nij Seelân, Ierlân, Súd-Afrika, Feriene Keninkryk, Feriene Steaten, Urûguay en Simbabwe.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]