Springe nei ynhâld

Plúsmar

Ut Wikipedy
Plúsmar
Plúsmar

De Plúsmar (Pluismeer) is in marke yn de bosk tusken Paleis Soestdyk en Lage Vuursche yn it heidefjild De Stulp. It krige syn namme troch it feanplús dat op de sompige stikken groeide. It gebiet wie oarspronlik ûnderdiel fan de besittings fan de Hear fan Drakenburch, skout fan Utert. Hy waard yn 1346 sels ta ridder slein. It gebiet bestie ynearsten út heidefjilden, mei hjir en dêr in ferheging foar de jacht. Sa'n ferheging is bygelyks de Knineberch tichtby Lage Vuursche. Yn de rin fan de tiid is de measte heide ferkrongen troch bosk. It natuerlik ferrin as de minsk net yngrypt.

De Stulp is tige heuvelich, in gefolch út de tiid dat it dêr noch ien grutte sânferstowing wie. Dy wie ûntstien trochdat skiep te folle weifrieten en de wyn frij spul krige. Steatsboskbehear hat de sânferstowing ta stean brocht. By de heidemar is in observaasjeplak. Panielen jouwe útlis oer de bisten by de Plúsmar. Yn 2009 is begûn mei de útwreiding fan it heidegebiet troch in soad beammen te rûgjen. Bosk en heidefjildsjes wurde beweide troch Charolaiskij en Skotske Heechlanners. It gebiet is eigendom fan it Goaisk Natoerreservaat.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]