Daphne Rosen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Daphne Rosen
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Daphne Rosen 3.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Daphne Aviva Rosen
nasjonaliteit Flag of Israel.svg Israelysk
Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 9 juny 1982
berteplak Tel Aviv (Israel)
etnisiteit Flag of Israel.svg Joadsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, neakenfotografe,
produsinte
jierren aktyf 20032005 & 20062012
offisjele webside
www.daphnerosen.com

Daphne Rosen (Hebriuwsk: דפנה רוזן‎; folút: Daphne Aviva Rosen; Tel Aviv, 9 juny 1982), is in rêstend Israelysk-Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, mainstream-aktrise, pornoprodusinte, neakenfotografe, radiopresintatrise en aktiviste. Hja is fral ferneamd wurden om har romboarstich foarkommen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 32GG. Hoewol't se fan harsels al frij boarstich wie, hat se har hjoeddeistich figuer te tankjen oan in boarstfergruttingsoperaasje.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rosen waard yn 1982 berne yn it Israelyske Tel Aviv. Har âldelju wiene minskerjochte-aktivisten, dy't úteinlik útwike moasten nei de Feriene Steaten doe't Rosen trije jier wie. Hja groeide op yn Boston, yn 'e steat Massachusetts. Neffens eigen sizzen "krige se boarsten" doe't se alve jier wie; har earste beha wie ien mei kupmaat D. Se studearre oan it Amherst Kolleezje, ferfear nei it súksesfol ôfrûnjen fan har stúdzje nei Los Angeles, en sette mei achttjin jier útein mei te wurkjen as neakenmodel foar ûnderskate manljustydskriften. Sa stie se op 'e omslach fan Big Butt Magazine, en berikte se al rillegau in kultstatus ûnder de lêzers fan it neakenblêd Score, wat ta har meiwurking as gast oan in ôflevering fan 'e The Jenny Jones Show late, in praatprogramma op 'e Amerikaanske tillefyzje.

Anna Mills en Daphne Rosen op 'e útrikkings-seremoanje fan 'e AVN Awards, yn 2006.

Begjin 2003, doe't se tweintich jier wie, makke Rosen har debút yn in pornografyske film, yn Busty Beauties 7, in útjefte fan Hustler Video. Se liet al rillegau in boarstfergrutting dwaan, spile yn har earste pear jier as pornoaktrise mei yn hast 150 ûnderskate films, en waard binnen de koartste kearen in ikoan fan it grutte-boarstesjenre. Hja wurke gear mei grutte nammen yn 'e pornoyndustry, lykas Jenna Jameson, Briana Banks en Flower Tucci, en spile trije jier efterinoar yn 'e film dy't de AVN Award wûn yn 'e kategory grutte-boarstefilm (big bust film). De earste kears dêrfan wie Rosen de tsjinspylster fan Ron Jeremy en Tiffany Towers yn regisseur Elizabeth Starr har remake fan in klassiker fan Russ Meyer (Faster, Pussycat! Kill! Kill!), mei as titel Faster, Pussycat! Fuck! Fuck!

Rosen stie in hoartsje ûnder kontrakt by de lytse studio Venom Digital Media, en ûntjoech har ta radiopresintatrise op 'e stjoerder KSEX Radio, dêr't se mei Harry Weiss it programma Two Live Jews presintearre. Teffens wie se mei mainstream-akteur en komyk Rob Schneider te gast by Playboy Radio en die se mei oan 'e tillefyzjeshow Blind Date. Ein 2005 hold se tydlik op mei aktearjen om har ta te lizzen op har oare beuzichheden, mar yn juny 2006 makke se in comeback as pornoaktrise mei as ympressario har mei-presintator Harry Weiss. Letter stapte se oer nei it buro Clear Talent Management, fan har kollega Lisa Ann, wylst se har noch wer letter fertsjintwurdigje liet troch it managementburo Pure Talent Agency. Yn augustus 2006 joech se har wurk op 'e radio deroan, mei't dat net mear te kombinearjen foel mei har fierders ek smoarfolle aginda.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Rosen yn totaal yn 224 pornofilms, al sitte dêr nei alle gedachten ek in stikmannich werútjeften en sammel-dvd's by. Dêrby wurke se yn 'e Porn Valley fan Los Angeles, mar ek yn Miami, yn Floarida, en op ferskate oare plakken yn Noard-Amearika. Har films waarden net inkeld produsearre troch spesjalistyske studio's op it mêd fan it grutte-boarstesjenre, lykas The Score Group en Napali Video, mar ek troch sokke foaroansteande labels as West Coast Productions, Hustler Video, Vivid Entertainment, Zero Tolerance, Sin City, Devil's Film, New Sensations, VCA Pictures, ClubJenna, Elegant Angel, Adam & Eve, Third Degree Films en Platinum X Pictures.

Ek wurke Rosen in protte foar pornosites as BangBros (dêr't se ien fan 'e earste modellen fan 'e webside Boob Squad wie), Brazzers en Kink.com. Yn 2005 wûn se in AVN Award (de Oskar fan 'e pornoyndustry) en yn 2010 waard se nominearre foar noch ien, allebeide yn 'e kategory bêste groepsekssêne. Njonken har aktearwurk hold Rosen yn dyselde perioade ek oan mei te posearjen foar neakenblêden, en teffens wurke hja as stripper, wêrby't hja as in saneamde feature dancer stripklubs yn hiel Amearika ôfreizge. Fierders hie se ek lytse roltsjes yn in pear mainstream-films.

Yn 2012 hold Rosen úteinlik op mei te wurkjen as aktrise, al bleau se wol belutsen by de Amerikaanske pornoyndustry. Sûnt hat se har nei wenjen set yn Seattle, yn 'e steat Washington, dêr't se har taleit op har wurk as neakenfotografe en dêr't se ek in eigen produksjestudio hat yn 'e wyk Alki Beach. Ek set se har yn foar de frijheid fan mieningsutering yn 'e Feriene Steaten, dêr't de kristlik-konservativen allegeduerigen besykje om it near op 'e pornoyndustry te lizzen.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2005 AVN Award wûn bêste groepsekssêne (mei 15 oaren) Orgy World 7
2010 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Amy Azurra, Jazz Duro, Denice Klarskov en Olivier Sanchez) Busty Babes USA

Sitaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

"There's not a lot of girls that are as busty as I am, and willing to do quite as much as I am. I'm really cool because I'm able to be in the big bust world. But I'm really nasty enough to be a real live porn star. I've got the big bust but I don't use them as an excuse for only doing 'Disney' porn." (AVN Magazine, oktober 2006.)

Oersetting: "Der binne net in protte fammen dy't sa boarstich binne as ik, en ree binne om alhiel safolle dwaan as ik. Ik bin echt wier cool om't ik by steat bin en meitsje diel út fan it grutteboarstesjenre. Mar ik ben echt wier skunnich genôch om in èchte pornostjer te wêzen. Ik haw de grutte boarsten, mar dy brûk ik net as in ferlechje om allinne mar 'Disney-porno' te dwaan."

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: