Springe nei ynhâld

Jachtgewear

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dûbelloops jachtgewear)
In Winchester M1897-jachtgewear.
In Mossberg 500-jachtgewear.
In Browning A-5 semy-automatysk jachtgewear.

In jachtgewear of hagelgewear is in soarte fan glêdloops fjoerwapen dat, alteast yn West-Jeropa, benammen foar de jacht brûkt wurdt. Dêrby giet it almeast om 'e jacht op fûgels of op lyts wyld. Ek foar de sport klaaidosjitten wurdt gebrûk makke fan jachtgewearen. Mei sokke wapens wurde yn 'e regel hagelpatroanen ôfsketten, patroanen dy't laden binne mei in grut tal lytse rûne metalene baltsjes dy't oantsjut wurde as hagel. Foar oare tapassings kin in jachtgewear ek laden wurde mei glêdlooppatroanen (slugs) mei in kûgel. Jachtgewearen binne ornaris ûntwurpen om fan it skouder ôfsketten te wurden. Histoarysk binne jachtgewearen wol as oarlochswapens brûkt, en benammen yn 'e Feriene Steaten wurde se ek rûnom ynset foar bewekkings- en ferdigeningsdoelen en by it dwaan fan misdriuwen.

Eardere glêdloops fjoerwapens, lykas it musket, wiene yn 'e achttjinde iuw rûnom yn gebrûk by Jeropeeske legers. De direkte foarrinner fan it jachtgewear wie de tongerbus, dy't yn in grut ferskaat fan omstannichheden brûkt waard, fan selsferdigening oant it ûnderdrukken fan oproeren. As wapen foar de jacht hie it jachtgewear ek in foarrinner yn it guozzeroer, in glêdloops fjoerwapen mei in ekstreem lange loop dat benammen ynset waard om op fûgelt lykas einen en guozzen te sjitten.

It gebrûk fan in jachtgewear waard foar it earst fermelden yn 1776 yn Kentucky, yn it boek Frontier Language of the West, fan 'e Amerikaanske skriuwer James Fenimore Cooper. Jachtgewearen waarden yn dy tiid en ek letter noch gauris brûkt as wapens foar de kavalery, om't se in stik koarter wiene (of alteast: wêze koene) as de trokken-loops fjoerwapens fan 'e ynfantery. Dy koartere lingte makke sokke wapens in stik hânsumer as men op it hynder siet. Yn 'e njoggentjinde iuw waarden jachtgewearen as oarlochswapens fierhinne ferfongen troch efterladende trokken-loops fjoerwapens, dy't oer langere ôfstannen folle sekuerder skeaten.

Behalven foar de jacht bleaune jachtgewearen neitiid ek yn gebrûk by bewekkers en by guon plysjetsjinsten. Yn 'e tiid fan it Wylde Westen wiene fierders koetsiers en byriders op postkoetsen faak mei sokke wapens tarist. De militêre wearde fan jachtgewearen waard werûntdutsen yn 'e Earste Wrâldoarloch, doe't Amerikaanske soldaten mei grut effekt pompjachtgewearen ynsetten yn man-tsjin-mangefjochten yn 'e rinfuorgen oan it Westfront.

Klaaidosjitten op 'e Olympyske Spullen fan Peking, yn 2008.

De fierdere ûntwikkeling fan trokken-loops fjoerwapens (lykas mitrailleurs) hat der neitiid lykwols foar soarge dat it jachtgewear troch kriichsmachten net mear as standertwapen brûkt wurdt. Nettsjinsteande dat wurde jachtgewearen ek hjoed de dei noch sporadysk yn militêre konflikten ynset. Benammen yn 'e Feriene Steaten wurde se ek rûnom brûkt foar bewekkings- en ferdigeningsdoelen en by it begean fan misdriuwen. Kriminelen meitsje gauris gebrûkt fan in (yllegaal) ôfseage jachtgewear (in jachtgewear wêrfan't de loop healwei ôfseage is), mei't dat lichter en makliker te ferbergjen is en by it sjitten de munysje mear oer it doelgebiet ferspriedt.

In jachtgewear is fan oarsprong in glêdloops fjoerwapen, wat betsjut dat de binnenkant fan 'e loop glêd is en gjin trekken en fjilden hat, lykas trokken fjoerwapens. Der binne letter lykwols jachtgewearen op 'e merk brocht dy't wol deeglik in trokken loop hawwe. Jachtgewearen besteane yn in grut ferskaat oan mjitten, en rinne datoangeande útinoar fan in loopdiameter (kaliber) fan 5,5 mm (0,22 inch) oant 5 sm (2,0 inch). Se komme fierders foar mei in breed skala fan meganismen om te werladen of troch te laden (sjoch: § Soarten jachtgewearen).

As in jachtgewear ôfsketten wurdt, folget de hagel by it ferlitten fan 'e loop net ien rjochte baan, mar spriedt him ynstee út. Wat fierder oft it doel fan 'e skutter ôf stiet, wat grutter de kâns dus is dat it alteast troch guon hagelkûgeltsjes rekke wurdt, sels al hat de skutter net goed rjochte. In jachtgewear is sadwaande in gefaarlik wapen, dat sels brûkt wurde kin troch lju dy't hielendal net mei fjoerwapens oefene binne. Oan 'e oare kant is it sa dat de fjoerkrêft fan in jachtgewear (as dat laden is mei hagel) net konsintrearre is efter ien kûgel, mar efter in grut tal lytse hagelkûgeltsjes. Dat betsjut dat de enerzjy fan elts hagelkûgeltsje frij beheind is. Sadwaande is in jachtgewear laden mei hagel ek net geskikt foar it jeien op grut wyld. It 'sproeien' mei in grut tal projektilen tagelyk makket in jachtgewear wer wol geskikt foar man-tsjin-mangefjochten yn in militêre sitewaasje.

Hagelpatroanen wurde yn Nederlân ornaris brûkt foar de jacht op fûgelt en lyts wyld en teffens foar klaaidosjitten. Se meie tsjintwurdich gjin lead mear befetsje. Alternativen foar leadhagel binne stielhagel en bismûthagel. De effektive dracht fan it hagelpatroan (d.w.s. oant hoefier nei it ôffjurjen de kûgeltsjes noch effekt hawwe) leit trochinoar om 'e 30 m. De hagel falt op dy ôfstân net del, mar is dêrnei foar lyts wyld net mear deadlik. De ôfstân yn meters dy't hagelkûgeltsjes ôflizze kinne sûnder wat de reitsjen, kin rûsd wurde troch de hageldiameter yn mm te fermannichfâldigjen mei 100. Der jildt dan wol dat der ûnder in hoeke fan 45 graden sketten wurde moat. Hage mei in diameter fan 2,5 mm sil dan dus 2,5 × 100 = 250 m fier komme kinne.

In soldaat fan it Amerikaanske Leger bewapene mei in Mossberg 500-jachtgewear.

Foar de jacht op grut wyld moat men in jachtgewear lade mei saneamde slugs (slug is it Ingelske wurd foar in "klompke" metaal). Sokke slugs binne glêdlooppatroanen wêrfan't de hagellading ferfongen is troch ien inkele kûgel. Troch harren gruttere gewicht, en troch it feit dat de hiele fjoerkrêft fan it jachtgewear yn dit gefal op ien kûgel konsintrearre wurdt, is dit soarte munysje ek op langere ôfstân noch effektyf, hoewol't in kûgel yn in jachtgewear lang net sa sekuer ôfsketten wurde kin as yn in trokken gewear. Ynstee fan in leaden (of stielen) kûgel, kin ek keazen wurde foar it laden fan in rubberkûgel. Dy munysje wurdt faak brûkt troch de plysje foar oproerbestriding. Troch it gebrûk fan rubberkûgels bliuwe ferwûnings oer it algemien beheind ta kniezings en blauwe plakken (of it moat wêze dat in kwetsber plak rekke wurdt, lykas it each).

Der bestiet in grut ferskaat oan alternative munysjesoarten foar jachtgewearen, mei elts har eigen funksje: ljochtkûgels, triengasgranaten, eksplodearjende ladings, elektrokutearjende ladings, fjoerwurk, skerpe pylkjes, losse flodders, slotbrekkers, ensfh. In beanbag is in nylon pûdsje folle mei sân of in oare swiere substânsje, dat net as doel hat om penetrearjende ferwûnings te feroarsaakjen, mar om 'e tsjinstanner in flinke opstopper te jaan en him of har dêrmei bûten gefjocht te stellen.

Bewarjen fan munysje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De munysje fan in baskulearjend jachtgewear, sa't faak foar de jacht brûkt wurdt, bewarret men yn 'e regel gewoan los yn 'e bûse. By in pompjachtgewear wurdt de munysje yn it buismagazyn ûnder de loop bewarre. It werladen fan it wapen bart dan troch de patroanen ien foar ien yn it buismagazyn te skowen troch in iepening foar de trekkerbûgel. Der binne ek jachtgewearen dy't in losse patroanhâlder hawwe. Dy wurde almeast foar semy-automatyske en soms foar folautomatyske jachtgewearen brûkt.

It kaliber fan in jachtgewear wurdt oantsjut mei in hiel getal dat de loopdiameter beskriuwt. It getal jout oan hoefolle (sekuer yn in loop mei dy diameter passende) rûne kûgels út in Ingelsk pûn lead helle wurde kinne. Yn in loop fan kaliber 12 past bygelyks in rûne kûgel dy't 1/12 part is fan in Ingelsk pûn lead. Dus wat leger it getal, wat grutter it patroan. It kaliber fan in jachtgewear is yn 'e regel frij grut. Yn Nederlân binne foar de jacht de kalibers 12, 16, 20 en 24 tastien. It gebrûklikste kaliber is lykwols (yn Nederlân en dêrbûten) kaliber 12. Yn it Ingelsk wurdt in jachtgewear mei dat kaliber oantsjut as in 12-gauge shotgun. By dat kaliber 12 hat it loopgat in diameter fan 18,5 mm.

In 'iepenbrutsen' baskulearjend jachtgewear.

Soarten jachtgewearen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane ferskillende soarten jachtgewearen.

  • baskulearjend jachtgewear (Ingelsk: break-action shotgun)
Meastal in dûbelloops, mar soms ek in inkelloops jachtgewear, dat knierjend of iepenslaand is (yn wapenkundich jargon: it kin brutsen wurde). Dat wol sizze dat it oan 'e basis fan 'e loop iepene wurde kin troch de loop nei foarren en omleech te draaien, wylst de kolf net beweecht. De útein fan 'e loop wiist dan nei de grûn wylst de iepen foarein omheech wiist sadat de ôfsketten patroanen ferwidere en nije oanbrocht wurde kinne. As it om in dûbelloops jachtgewear giet, binne de lopen ornaris njonken inoar oanbrocht, yn in posysje dy't juxtaposée of side by side (S×S) neamd wurdt. It is lykwols ek mooglik dat se fertikaal steapele binne yn in posysje dy't superposée of over & under neamd wurdt. Baskulearjende jachtgewearen wurde rûnom beskôge as it feilichste type, om't se yn 'brutsen' tastân net sjitklear binne, en om't dan ek dúdlik en daliks te sjen is oft sa'n gewear al of net laden is. Yn Nederlân oerhearksje sokke jachtgewearen sawol foar de jacht as by it klaaidosjitten.
  • skoatteljachtgewear (Ingelsk: bolt-action shotgun)
In inkelloops jachtgewear dat trochladen wurdt troch in skoattel hinne en wer te bewegen dy't oan 'e sydkant fan it gewear befêstige is. Dit type jachtgewear wurdt suver inkeld yn 'e Feriene Steaten brûkt; yn Jeropa wurde frijwol útslutend dûbelloops baskulearjende jachtgewearen brûkt foar jacht en sport.
  • hefboomjachtgewear (Ingelsk: lever-action shotgun)
In inkelloops jachtgewear dat trochladen wurdt troch in hefboomsysteem te brûken dat oan 'e ûnderkant fan it gewear sit. Dit type jachtgewear wurdt ek hast allinne mar yn 'e Feriene Steaten brûkt; yn Jeropa wurde frijwol útslutend dûbelloops baskulearjende jachtgewearen brûkt foar jacht en sport.
  • pompjachtgewear (Ingelsk: pump-action shotgun)
In inkelloops jachtgewear en ien fan 'e bekendste farianten, om't jachtgewearen fan dit type in protte yn aksjefilms brûkt wurde. Pompjachtgewearen moatte nei elts skot werladen wurde troch in pompende beweging nei de skutter ta en dan wer fan him ôf (of oarsom) te meitsjen mei it saneamde foarhout, dat ûnder de loop sit en by it sjitten fêstholden wurdt mei de hân dy't net brûkt wurdt om 'e trekker oer te heljen. By dat pompmjittich trochladen makket it gewear in karakteristiek klik-klak-lûd. Pompjachtgewearen binne tige populêr yn 'e Feriene Steaten.
In inkelloops jachtgewear fan in type dat ûntwurpen is foar gebrûk troch plysje of maresjesee by oproeren of út 'e hân rûne demonstraasjes. It binne faak pompjachtgewearen of semy-automatyske jachtgewearen mei oer it algemien langere magazynbuizen. Hjirfoar wurde yn 'e regel útslutend net-deadlike foarmen fan munysje brûkt, lykas rubberkûgels, triengasgranaten of reekgranaten.
In riotgun dy't oanpast is foar gebrûk troch de kriichsmacht. It wichtichste ferskil is dat oan 'e ein fan 'e loop in bajonet befêstige wurde kin.
  • semy-automatysk jachtgewear
In inkelloops jachtgewear dat sjit as in semy-automatysk gewear. Dat betsjut dat (oant it magazyn leech is) foar elts skot inkeld de trekker oerhelle hoecht te wurden.
  • automatysk jachtgewear
In inkelloops jachtgewear dat yn prinsipe in masinegewear is en dêrtroch sjit as in mitrailleur. Dat betsjut dat, eltse kear as de trekker oerhelle wurdt, net ien skot lost wurdt, mar in hiele rige skotten.

Bekende fabrikanten fan jachtgewearen binne Benelli Armi SpA, Fabbrica d'Armi Pietro Beretta, de Browning Arms Company, Franchi SpA, O.F. Mossberg & Sons, Remington Arms en de Winchester Repeating Arms Company.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.