Springe nei ynhâld

Confederation (romansearje)

Ut Wikipedy
Confederation-searje
algemiene gegevens
auteur Tanya Huff
taal Ingelsk
foarm romansearje
sjenre science fiction
1e publikaasje 20002018
oarspr. útjwr. DAW Books

De Confederation is in romansearje dy't skreaun is troch de Kanadeeske auteur Tanya Huff. De rige, dy't opdield wurde kin yn 'e Valor-searje en de Peacekeeper-searje, heart ta it sjenre fan 'e science fiction. De titel ferwiist nei de Konfederaasje, in ynterstellêr steatsferbân mei in grut tal ferskate rassen fan bûtenierdske wêzens, dêr't de minskheid him yn 'e takomst fan 'e Confederation-searje by oansletten hat. De romanrige ferskynde by de New Yorkske útjouwerij DAW Books, dy't it earste boek, Valor's Choice, yn 2000 publisearre. Werútjeften kamen út by de Britske útjouwerij Titan Books. De boeken binne skreaun yn it personele perspektyf.

De Confederation-searje spilet yn in takomst wêryn't de minskheid him oansletten hat by de Konfederaasje, in ûnbidich grut steatsferbân mei alderhanne bûtenierdske rassen. De stifters fan 'e Konfederaasje binne de saneamde Aldere Rassen, dy't in nivo fan beskaving berikt hawwe dêr't geweld, om lykfol hokker reden, as ûntalitber beskôge wurdt. Sterker noch, hja grize fan geweld en kinne harsels der net iens mear ta bringe om geweld te begean. Nei de oprjochting waarden by de tiid lâns stadichoan oare rassen ta de Konfederaasje talitten sadree't dy itselde nivo fan beskaving berikt hiene. Dy letter talitten rassen binne de saneamde Middelrassen. Doe't de Konfederaasje lykwols fiifhûndert jier lyn oanfallen waard troch in oar grut steatsferbân, de Primasy, sieten de Aldere Rassen en de Middelrassen mei de hannen yn 't hier om't de pasifistyske Konfederaasje net oer in leger of in float beskikte. Harren oplossing wie om 'e minder beskaafde Minsken, Taykan en Krai (de saneamde Jongere Rassen) yn 'e Konfederaasje op te nimmen, dy't gjin swierrichheden hiene om har oan te passen fan planetêre ta ynterstellêre oarlochfiering.

Yn 'e Valor-searje wurdt ferteld hoe't Torin Kerr, in froulike, minsklike ûnderofsier fan it marinierskorps fan 'e Konfederaasje, by potinsjeel deadlike misjes troch de hiele Molkewei kear op kear besykje moat om sawol de koal as de geit te sparjen, oftewol om sawol har superieuren tefreden te stellen as har manskippen yn libben te hâlden. Dêrby wit hja op in beskaat momint nei generaasjes fan striid mei de Primasy frijwol eigenhandich in ein oan 'e oarloch te meitsjen. Neitiid giet Torin út it korps en wurdt har nei ferrin fan tiid frege om har mei by de saneamde 'warders' te jaan, de plysje fan 'e Konfederaasje, dy't de frede yn it grutte steatsferbûn bewekje moatte. Dat jout oan oanlieding ta in hiele rige nije aventoeren, dy't fêstlein binne yn 'e Peacekeeper-searje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Confederation-searje
Valor-searje
Valor's Choice • The Better Part of Valor • The Heart of Valor • Valor's Trial • The Truth of Valor
Peacekeeper-searje
An Ancient Peace • A Peace Divided • The Privilege of Peace