City of Ember

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
City of Ember
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
City of Ember logo.png
makkers
regisseur Gil Kenan
produsint Gary Goetzman
Tom Hanks
Steven Shareshian
Seth Hanchett
senario Caroline Thompson
basearre op The City of Ember fan
   Jeanne DuPrau
kamerarezjy Xavier Pérez Grobet
muzyk Andrew Lockington
filmstudio Walden Media
Playtone
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Saoirse Ronan
Harry Treadaway
byrollen Bill Murray
Tim Robbins
Martin Landau
Clary Lane
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 10 oktober 2008
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 95 minuten
budget en resultaten
budget $55 miljoen
opbringst $17,9 miljoen

City of Ember is in Amerikaanske post-apokalyptyske science fiction-aventoerefilm foar jongerein út 2008 ûnder rezjy fan Gil Kenan, mei yn 'e haadrollen Saoirse Ronan en Harry Treadaway. De film is basearre op 'e roman The City of Ember, fan Jeanne DuPrau. De titel betsjut "De Stêd Sintel". It ferhaal giet oer twa opgroeiende teenagers yn in ûndergrûnske stêd dy't it lêste ûntwyk fan 'e minskheid is. Nei twahûndert jier is de technology dy't de stêd geande hâldt, te'nein, mar de ynstruksjes wat der dan dien wurde moat, binne ferlern gien. City of Ember krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en flopte yn 'e bioskopen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As in net neier spesifisearre wrâldwide ramp driget, wurdt yn in reuseftige grot in ûndergrûnske stêd mei de namme Ember ("Sintel") boud om beskûl te jaan oan in grutte groep oerlibbenen. Sa moat it fuortbestean fan 'e minskheid bewissige wurde. Der wurdt in metalen kofferke makke, dat bestimd is foar in takomstige generaasje ynwenners fan Ember, mei in tiidslot dat oer twahûndert jier iepenklikke sil.

Dat kofferke wurdt tabetroud oan 'e earste boargemaster fan Ember, dy't it letter oerdraacht oan har opfolger. Eltse boargemaster dêrnei docht itselde, oant de line fan opfolging ferbrutsen wurdt as de sânde boargemaster hommels komt te ferstjerren. De achtste boargemaster ûntfangt dêrtroch nea it kofferke, en it belang fan it ding rekket fergetten. Nei twahûndert jier klikt kofferke iepen, mar om't it efteroan yn in kleankast stiet, merkt nimmen dat. It libben yn Ember giet gewoan troch sa't it dat altyd dien hat en de ynwenners witte neat mear fan har komôf.

Ferskate desennia letter begjint de technology dy't de ûndergrûnske stêd geande hâldt, stadichoan út te fallen, mei't it de ein fan syn libbensdoer berikt. Lampen hâlde op fan skinen, guon kletterje del op 'e dakken fan 'e huzen, de foarrieden iten en medisinen reitsje op en de reuseftige generator, dy't foar de enerzjyfoarsjenning soarget, begjint mei hieltyd gruttere regelmjittigens út te fallen, sadat de stêd yn it folsleine tsjuster komt te sitten.

Nei it trochrinnen fan it fuortset ûnderwiis krije alle learlingen dy't slagge binne foar harren eineksamens by wize fan in oergongsritueel by in lotterij har berop as folwoeksene tawiisd. Doon Harrow, de soan fan útfiner en reparateur Loris Harrow, moat 'boadskiprinder' wurde, wylst er derfan dreamd om mei de generator te wurkjen. Syn klasgenoate Lina Mayfleet, dy't graach drave mei en tige goed yn 'e sosjale omgong is, kriget 'buize-ûnderhâld' tawiisd en moat yn 'e lear by de âlde technikus Sul. Nei de seremoanje beslute Doon en Lina lykwols klandestyn fan tawizing te wikseljen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Lina, dy't in ôfstammelinge fan 'e sânde boargemaster is, wennet nei de dea fan har âlden mei har jonge suske Poppy by har senile beppe yn. As Poppy weirekket en Lina nei har op 'e siik moat, fynt se it famke al boartsjend djip yn 'e kleankast werom njonken in nuveraardich metalen kofferke. Hoewol't Poppy it papier út it kofferke mei har boartsjen bot skansearre hat, ûntdekt Lina mei help fan Doon dat it kofferke in list mei ynstruksjes befettet dy't de bewenners fan Ember út harren stêd wei en nei it ierdoerflak liede moat.

Doon hat ûnderwilens yn 'e ûnderhâldstunnels in gong fûn dy't fan alle plattegrûnen wiske liket te wêzen. De gong liedt nei in doar dy't op it slot sit. As hy en Lina besykje dêr yn te kommen, binne se der tsjûge fan hoe't Looper, in ûnhuer type dat yn 'e magazinen wurket, efterfolge wurdt troch in reuseftige meunsterlike stjernoasmol. Sels witte se mar nauwerneed te ûntkommen.

As Doon en Lina letter de doar op 'e nij prebearje, blykt dy los te wêzen. Hy jout tagong ta in romme en wielderich ynrjochte keamer dêr't alle wanden oerdutsen binne mei kasten fol mei itensfoarrieden. Yn in maklike stoel ûntdekke se in folfretten boargemaster Cole yn 'e sliep. It docht bliken dat Cole mei help fan Looper al lange tiid iten oan it hamsterjen west hat, wylst de oare ynwenners fan Ember honger lije. As Lina nei de autoriteiten stapt om 'e boargemaster oan te jaan, blykt dat alle hege posten yn Ember beset wurde troch trewanten fan Cole. Hja wurdt finzennommen en de boargemaster besiket har it kofferke te ûntnaderjen, mar krekt op dat stuit falt de generator wer út mei in blackout as gefolch, wat Lina by steat steld om yn it tsjuster te ûntkommen.

Mei't Lina Doon syn namme neamd hat, is hy ek net mear feilich. No't se op 'e flecht binne foar de plysje fan 'e boargemaster, folgje Lina, Doon en Lina har lytse suske Poppy de ynstruksjes út it kofferke. Mei help fan Sul witte se út Ember te ûntkommen yn in boatsje oer in ûndergrûnske rivier. As de gefolgen fan 'e feroarings, dy't Lina en Doon oan 'e enerzjyfoarsjenning oanbringe om harren ûntsnapping mooglik te meitsjen, panyk yn 'e stêd útlokje, naait boargemaster Cole út nei syn keamer fol iten, wêrby't er syn trewant Looper ferriedt en bûtenslút. Nei't er himsels yn syn skûlplak ynsletten hat, blykt lykwols de reuseftige stjernoasmol dêr ek binnenkrongen te wêzen. Mei de doar op it slot kin de boargemaster net mear ûntkomme en wurdt ferslynd troch it meunster.

De ûndergrûnske rivier spuit Doon, Lina en Poppy út by in oanlisplak, dêr't in lange treppen wei omheech liedt. Uteinlik berikke se it ierdoerflak, dêr't lykwols alles like tsjuster is as yn 'e grot. Mismoedich beseffe se dat de minsken gelyk hiene dy't seine dat der bûten Ember inkeld tsjuster bestie. Wurch fan har lange tocht jouwe se har del, en wurde wekker as de sinne opkomt. By deiljocht fine se in lytseftich gat yn 'e grûn, dat tagong jout ta de mânske grot. Fier yn 'e djipte ûnder harren sjogge se de ljochtsjes fan Ember brânen. It is fierstente fier om immen te beroppen, dat se skriuwe in brief mei ynformaasje oer hoe't men de stêd ferlitte moat, bine dy oan in stien en litte him yn it gat falle. De stien hie op in dak bedarje kinnen of troch in ûnachtsume foarbygonger yn 'e goate skopt wurde kinnen. Ynstee wol it lot dat er fûn troch Doon syn heit Loris.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Lina Mayfleet Saoirse Ronan
Doon Harrow Harry Treadaway


byrollen
personaazje akteur/aktrise
boargemaster Cole Bill Murray
Loris Harrow Tim Robbins
Sul Martin Landau
Clary Lane Marianne Jean-Baptiste
Poppy Mayfleet Amy en Catherine Quinn
Barton Snode Toby Jones
Looper Mackenzie Crook
beppe Mayfleet Liz Smith
Lizzie Bisco Lucinda Dryzek
frou Murdo Mary Kay Place
Joss Matt Jessup
kaptein Fleury Simon Kunz
bouwer Ian McElhinney

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

City of Ember is basearre op 'e roman The City of Ember, út 2003, fan skriuwster Jeanne DuPrau. Filmprodusinten Tom Hanks en Gary Goetzman betellen yn oktober 2004 by de $500.000 om sadat se de filmrjochten op dat boek yn 'e hannen krije koene. De film waard regissearre troch Gil Kenan (yn syn live-actionrezjydebút) nei in senario fan Caroline Thompson. As produsinten wiene by it projekt njonken Hanks en Goetzman ek Steven Shareshian en Seth Hanchett belutsen, foar de filmstudio's Playtone en Walden Media.

Der wie foar de film in budget beskikber fan $55 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Xavier Pérez Grobet, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Andrew Lockington. De opnamen fûnen plak fan 'e iere simmer oant yn oktober 2007 en duorren sechstjin wiken. In eardere skilderhal op 'e skipswerf Harland and Wolff yn Belfast waard omboud ta de grot mei de stêd deryn.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan City of Ember waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 10 oktober 2008 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Op 20 jannewaris 2009 kaam de film út op dvd. Yn it Feriene Keninkryk, Austraalje, Dútslân en Frankryk waard City of Ember dat jiers ek útbrocht op blu-ray, en yn 2010 yn Hongkong, mar yn 'e Feriene Steaten ferskynde de film nuver genôch net op blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

City of Ember krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes. Sa joech Katey Rich, fan Cinema Blend, de film 21/2 fan 5 stjerren. Hja skreau: City of Ember heart ta ien fan 'e bêste en duorsumste sjenres fan jeugdfilms, wêryn't skrandere bern yn opstân komme tsjin 'e ûnwittende en ûnferskillige wrâld fan 'e folwoeksenen en tagelyk in grut aventoer belibje. Dêropta biedt de film in fantastyske stêd, dy't smoarfol sit mei futuristyske útfinings en geheime genoatskippen. It is dêrom in mystearje dat al dy moaie eleminten mei-inoar inkeld resultearje yn in slop teltsje, in saai aventoer en in opdwaanderige fantasij. Saoirse Ronan is in geweldige heldinne, mar it ferhaal en de rest fan 'e cast kin har fleurige tempo net byhâlde."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie City of Ember in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 53%, basearre op 126 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is fisueel in peareltsje en hat in treflike cast, mar spitigernôch ûntbrekt it alhiel oan aksje of aventoer." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle City of Ember in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 27 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

City of Ember brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten $17,9 miljoen op. Mei't er yn oare lannen net yn 'e bioskoop útbrocht waard, is dat mei-iens ek de wrâldwide opbringst. Ofset tsjin it budget fan $55 miljoen betsjut dat in ferlies fan $37,1 miljoen, dêr de marketingkosten noch by komme.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aktrise Saoirse Ronan waard foar har rol yn City of Ember yn 2009 nominearre foar de Irish Film and Television Award yn 'e kategory bêste filmaktrise. De film waard ek nominearre foar twa Satellite Awards: foar bêste art direction (Jon Billington en Martin Laing) en foar bêste kostúmûntwerp (Ruth Meyers).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.