Springe nei ynhâld

Burmaniahûs

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Catershûs)
It Burmaniahûs yn Ljouwert

It Burmaniahûs of Catershûs is in monumintaal hearehûs yn Ljouwert. It gebou wie oarspronklik in state en is eigendom fan de gemeente Ljouwert.

Yn de 15e iuw of earder ûntstie op it stee fan it hjoeddeiske Burmaniahûs in stins. Bekend is dat Rienck fan Burmania, drost fan Koevorden, om-ende-by 1555 de stins ferbouwe litten hat. Oant begjin 19e iuw bleau dat hûs eigendom fan de famylje Fan Burmania.

De famylje Burmania stamt ôf fan in trettjinde iuwske pastoar fan de Sint-Fitustsjerke fan Aldehou. By de stins hearden grutte stikken grûn op de Aldehousterterp. Meidat de famylje ôfstammet fan in pastoar, hienen se lange tiid it jus patronatus: it beneamingsrjocht fan preesters fan de Sint-Fitustsjerke.
Yn de 16e iuw is Rienck fan Burmania, drost fan Coevorden, eigener fan de stins en hy beslút om 1555 hinne dy ferbouwe te litten. Rienck hat in broer Joast, dy't troud wie mei Baef Caters, nei wa't it hûs ek wol Catershûs neamd waard.

It hûs bliuwt oant 1679 yn besit fan de famylje Burmania, om dêrnei te fererven op de famyljes Sirtema fan Grovestins, Aebinga fan Humalda en Eysinga. Yn 1871 erfde jonkfrou Clara Tjallinga Aedonia fan Eysinga it hûs. Hja liet it yn de mande mei har man Bernhardus Hopperus Buma ôfbrekke en hielendal opnij wer opbouwe. Dat pear hie jild genôch om it te beteljen. Se wienen ek eigener fan Nijenburch yn Kollum, dêr't se yn de tiid fan de bou fan it nije hûs wennen en Sminiastate te Wommels. Yn dyselde tiid lieten se ek noch de filla Vaartzicht bouwe oan de Potmarge yn Ljouwert-Huzum.

Yn 1912 einiget de partikuliere bewenning fan it Burmaniahûs, trochdat it kocht waard troch de Algemeene Friesche Levensverzekering Maatschappij, tsjintwurdich AEGON, dy't it Burmaniahûs-kompleks mei kantoarfleugels ein jierren 80 fan de foarrige iuw ferkocht oan de gemeente Ljouwert.

De âldste ôfbylding fan de stins/state is te finen op de kaart fan Ljouwert, dy't troch Jacob van Deventer omtrint 1560 makke waard. It ôfbyld op dy kaart fan it Burmaniahûs docht jin fermoeden, dat midden op of efter it dak fan in rjochthoekich gebou in treptoer stie. Dat is lykwols net mei wissichheid te sizzen omdat de skets sa lyts is.
De folgjende ôfbylding is dy fan in fûgelflechtkaart fan Johannes Sems en Pieter Bast út 1600/'03. Dêrop stiet it Burmaniahûs dúdliker ôfbylde. It wie doe in rjochthoekich gebou mei in rûne treptoer tsjin de westlike side fan de foargevel. Oan beide kanten fan it haadgebou stienen bygebouwen dy't in foarplein foarmen. It moat in sealstins west hawwe fan twa boulagen op in kelder. Yn de sechtjinde iuw waarden meardere sealstinzen, besteande út in bel-etaazje op in ûnderkeldering ferhege mei in twadde ferdjipping. Dat sil grif ek mei it Burmaniahûs dien wêze om 1555 hinne.

De stins hie ek in poarte, dy't allang ferdwûn is en noch in skoftlang brûkt is by it Aldehouster tsjerkhôf. De poarte droech boppe de wapenstiennen Burmania en Aylva it opskrift: 'Rienck van Burmania ridder ende drost tot Coevarden Ao 1555'. Neffens tsjûgen hie de stins sterke, oerwelfde kelders, dêr't spoaren fan sjitgatten yn te sjen wienen. De sealstins sil op yn lêst út de fyftjinde iuw komme. It hûs is grif faak ferboud, foardat it yn 1874 sloopt waard en ferfongen troch it hjoeddeiske, grutte hearehûs. Al dy ferbouwings hienen fan gefolgen dat fan de âlde sealstins yn 1874 al neat mear te finen wie. By de lêste ferbouwing, nei alle gedachten yn de iere njoggentjinde iuw, wie it in grut hearehûs yn de empirestyl wurden. De toer wie al lang ôfbrutsen en de yngong wie hielendal oan de rjochterkant komd. It hûs hie trije boulagen fan 6 raamfekken breed en waard dekt troch in frij leech skylddak. It hûs hie doe oan de eastkant in lege fleugel.

Blykber wie it saaie gebou jonkfrou Clara Tjallinga en har man net nei't sin en se lieten it Burmaniahûs - dat de midsiuwske kearn noch hie - hielendal ôfbrekke, ynklusyf de kelders. It nije Burmaniahûs, yn 1874 ûntwurpen troch Jurjen Bruns en yn 1914 ferboud, is in foarname stedsfilla wurden. It gebou is yn neorenêssânsestyl fersierd mei eleminten fan natoerstien en pleisterwurk. Der kamen sels grutte liuwen op it bordes te lizzen.

Yn 1912 waard it Burmaniahûs ferkocht oan de Algemeene Friesche Levensverzekeringsmaatschappij, in foarrinder fan AEGON, dy't it hûs yn gebrûk hie as kantoarromte. Oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich waard in diel fan it pân in skoft brûkt troch de Sicherheitsdienst.

Yntree stedskantoor

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1989 hat AEGON it Burmaniahûs oan de gemeente Ljouwert ferkocht. It stedshûs fan de gemeente waard te lyts en dêr waard nei in oplossing socht. Besletten waard om in nij stedskantoar bouwe te litten dêr't de bou fan útein set yn 1992. It Burmaniahûs waard omsletten troch nijbou en foarmet sûnt de yngong fan it nije stedskantoor.

  • 16e iuw Rienck fan Burmania
  • - 1679 famyylje Burmania
  • famylje Sirtema fan Grovestins
  • famylje Aebinga fan Humalda
  • famylje Eysinga
  • 1871 jonkfrou Clara Tjallinga Aedonia van Eysinga
  • 1912 Algemeene Friesche Levensverzekering Maatschappij (AEGON)
  • ± 1988 gemeente Ljouwert

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: