Johan Sems
Appearance
(Trochferwiisd fan Johannes Sems)
Johan Sem(s) (Frjentsjer, 1572 - Grins, 1635) wie in Nederlânske kartograaf, lânmjitter en yngenieur. Hy wie ek in spesjalist yn fêstingboukunde.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sems wie in soan fan Sem IJsbrandts en Claesgen Adriaens.[1] Yn 1581 liet syn heit him ynskriuwe as studint fan de Universiteit Leien. De húshâlding wenne doe op de Marendorp Landzijde, op de hoeke fan de Lange Hooglandse Kerksteeg yn Leien. Heit die himsels tekoart troch bûtenwenstich drankgebrûk yn 1585.[2] Johan folge gjin oplieding oan de universiteit fan Leien want de yngenieursoplieding dêre begûn pas yn 1600. Hy hat it fak faaks yn de praktyk leard.[3]
Tiidline
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1599 festige Sems him as sidekeapman yn Ljouwert.
- 1600: Publikaasje fan Practijck des lantmetens, in learboek fan Jan Piters Dou, yn 'e mande mei Sems, ferskynd by Willem Jans Blaeu. It wurk wie fan heech nivo en waard brûkt by de Yngenieursoplieding, stichte fan Simon Stevin.
- 1602: Sems waard beneamd ta lânmjitter fan Fryslân.
- 1603: Hy makke in sekuere kaart fan Ljouwert, dy't fan Pieter Bast gravearre waard.
- 1604-1608: Sems hie de superfyzje oer de oanlis fan de skânsen by Bourtange en Delfsyl en Bellingwolde.
- Sems kocht ferskate pânen yn de binnenstêd fan Ljouwert.
- Om 1610 ferfear er nei Bunde en kocht grûn yn Bunder Neuland, dat 1604 beplodere wie, mei help fan meast Amsterdamske ynvestearders.
- 1615: Sems bepaalde tegearre Johan de la Haye de grinsline tusken Grinslân en Drinte en naam de Martinitoer[4] as útgongspunt (sjoch Semsliny).
- 1616: Sems wie fan 30 april ôf oan belutsen by in ynpoldering by Bredstedt; dêrnei by de útwreiding fan Kopenhagen, c.q. it kanaalsysteem fan Kristiaanshaven op Amager.
- 1618: Sems waard 6 janewaris weromroppen út Denemark fanwege in grinskwesty by Ter Apel mei de provinsje Drinte
- 1621 hold er wer ta yn Bunderneuland. De polder wie in soarte fan nimmenslân, dêr't de rjochten fan troch de Steaten-Generaal en Enno III fan East-Fryslân, greve fan East-Fryslân, bestriden waard.
- Om 1623: Sems waard beneamd ta dykgraaf yn Bunder Neuland.
- 1623: Sems wennet yn Grins. Utjefte fan syn boek De arithmetische fundamenten yn Emden.
- 1625: De polder by Bredstedt waard troch in stoarmfloed fuortslein.
- 1626: Sems krige opdracht it gea benoarden Piterbuorren yn kaart te bringen.
- 1628: Sems wie op 'en nij belutsen by de skânsen yn East-Grinslân.
- 1629 en 1632: Op de roerende goederen fan Sems waard beslach lein, om reden fan wanbeteljen.
- Yn 1634 siet Sems yn Nederlânsk-Brazylje, dêr't er as yngenieur mei de oanlis fan fortifikaasjes fan oermastere stêden belêstige wie.[5]
- 1635: Sems stoar hommels, nei alle wierskyn ier 1635 yn Grins (grif foar 8 febrewaris 1635).[5] Syn widdo troude 1636 mei de kaptein Jochum Bastijaen Coen.[6]
Sems wie troud mei Baerthe van Soutelande; hy troude fannijs mei Catharina Jans.[7]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|